Jezus wurdt ferret en oppakt
1Doe’t Jezus dat sein hie, gong Er mei syn learlingen de stêd út, oer de winterbeek Kedron; dêr wie in hôf, dêr’t Er mei syn learlingen yn gong. 2Mar Judas, syn ferrieder, wist dat plak ek, want Jezus wie dêr gauris mei syn learlingen gearkommen. 3Dy Judas no kaam dêr, mei de soldaten en mei feinten fan ’e hegeprysters en de Fariseeërs mei lantearnen, fakkels en wapens. 4Doe stapte Jezus, yn it folle besef fan wat der allegearre oer Him komme soe, nei foaren en sei tsjin harren: Wa moatte jimme hawwe? 5Se antwurden Him: Jezus, de Nazoreeër. Hy sei tsjin harren: Dat bin Ik. Judas, syn ferrieder stie ek by harren. 6En doe’t Er sein hie: Dat bin Ik, skrillen se tebek en foelen oer de grûn. 7Doe frege Jezus harren nochris: Wa moatte jimme hawwe? Se seinen: Jezus de Nazoreeër. 8Ik haw jimme al sein: dat bin Ik, antwurde Jezus; as jimme My dan hawwe moatte, lit har dan fuortgean; 9dat it wurd neikomme soe dat Er sein hie: Dy’t Jo My jûn hawwe, dêr haw Ik net ien fan ferlern. 10Mar Simon Petrus, dy’t in swurd hie, luts dat út, rekke de feint fan ’e hegepryster en sloech him it rjochterear ôf; dy feint hiet Malchus. 11Doe sei Jezus tsjin Petrus: Stek it swurd yn ’e skie; de beker dy’t myn Heit My jûn hat, soe Ik dy net útdrinke?
It ferhoar foar de hegepryster; Petrus ferleagenet Jezus
12Doe pakten de bataljonskommandant mei syn soldaten en de feinten fan ’e Joaden Jezus op en sloegen Him yn ’e boeiens. 13Earst brochten se Him nei Annas; want dat wie de skoanheit fan Kajafas, dy’t dat jier hegepryster wie; 14dat wie deselde Kajafas dy’t de Joaden de rie jûn hie: it is better dat der ien minske stjert foar it folk.
15Simon Petrus en in oare learling kamen Jezus achternei. Dy learling hie kunde oan ’e hegepryster en kaam tagelyk mei Jezus op it binnenplein fan ’e hegepryster syn hûs, 16mar Petrus bleau noch bûtendoar stean. Doe gong de oare learling, dy’t kunde oan ’e hegepryster hie, derút: hy prate mei de portierster en helle Petrus deryn. 17Doe sei de faam oan ’e poarte tsjin Petrus: Bisto ek net ien fan ’e learlingen fan dy man? Dy sei: Nee. 18De slaven en de feinten hienen in houtskoalfjoer oanset, omdat it kâld wie en dêr stienen se har by te waarmjen. Petrus stie ek by harren en waarme him.
19Doe frege de hegepryster Jezus út oer syn learlingen en oer syn lear. 20Jezus antwurde him: Ik haw iepenlik tsjin ’e wrâld sprutsen; Ik haw altiten ûnderrjocht jûn yn ’e synagoge en yn ’e timpel, dêr’t de Joaden allegearre byinoar komme en Ik haw neat yn it geheim sprutsen. 21Wêrom freegje Jo My út? Freegje myn taharkers wat Ik tsjin harren sprutsen haw; dy witte skoan wat Ik sein haw. 22Doe’t Er dat sein hie, joech ien fan ’e feinten dy’t derby stie Jezus in klets yn d’t gesicht en sei: Antwurdesto sa de hegepryster? 23Jezus antwurde him: As ik wat missein haw, bewiis dat dan; mar as Ik gelyk haw, wêrom slagge jo My dan? 24Doe stjoerde Annas Him mei de boeiens oan nei de hegepryster Kajafas.
25Simon Petrus stie him te waarmjen, doe seinen se tsjin him: Bisto ek net ien fan syn learlingen? Hy hiet it ligen en sei: Nee, dat bin ik net. 26Doe sei ien fan ’e slaven fan ’e hegepryster, famylje fan him dy’t Petrus it ear ôfslein hie: Haw ik dy net mei Him sjoen yn it hôf? 27Doe hiet Petrus it wer ligen, en fuortynienen kraaide der in hoanne.
Jezus foar Pilatus
28Doe brochten se Jezus by Kajafas wei nei it paleis fan ’e goeverneur; it wie yn ’e iere moarn; sels gongen se net yn it paleis, dat se net ûntreinige wurde soenen, mar it Peaskemiel ite koenen. 29Dêrom kaam Pilatus by harren bûtendoar en sei: Watfoar beskuldiging bringe jimme tsjin dy man yn? 30Se joegen him ta antwurd: As dat gjin misdiediger wie, soenen wy Him net oan jo útlevere hawwe. 31Doe sei Pilatus tsjin harren: Nim jimme Him dan en berjochtsje Him neffens jimme wet. De Joaden seinen tsjin him: Wy meie net ien deadzje. 32Sa moast it wurd fan Jezus neikomme dat Er sein hie, doe’t Er betsjutte op watfoar wize Er stjerre soe.
33Doe gong Pilatus wer yn it paleis; hy liet Jezus by him komme en sei tsjin Him: Binne Jo de kening fan ’e Joaden? 34Jezus antwurde: Sizze jo dat út josels, of hawwe oaren it mei jo oer My hân? 35Pilatus antwurde: Bin ik faaks in Joad? Jo folk en de hegeprysters hawwe Jo oan my útlevere; wat hawwe Jo dien? 36Jezus antwurde: Myn ryk is net fan dizze wrâld; as myn ryk fan dizze wrâld wie, soenen myn feinten der foar fjochtsje, dat Ik net oan ’e Joaden útlevere waard, mar no is myn ryk hjir net wei. 37Doe sei Pilatus tsjin Him: Jo binne dus dochs kening? Jezus antwurde: Sa’t Jo sizze – Ik bin kening. Derfoar bin Ik berne en derfoar yn ’e wrâld kommen, dat Ik foar de wierheid útkomme soe: elk dy’t it mei de wierheid hâldt, harket nei My. 38Pilatus sei tsjin Him: Wat is wierheid? Doe’t er dat sein hie, gong er der wer út nei de Joaden en sei tsjin harren: Ik kin absolút gjin skuld by Him fine.
39No is it by jimme de gewoante, dat ik jimme mei Peaske ien frijlit: moat ik dan de kening fan ’e Joaden frijlitte? 40Doe begûnen se wer lûd te roppen: Dy net, mar Barabbas. Barabbas wie in rover.