Maria salvet Jezus yn Betanië
1Jezus dan kaam, seis dagen foar Peaske, yn Betanië, it wenplak fan Lazarus, dy’t Er út ’e dea opwekke hie. 2En se makken dêr in gastmiel foar Him klear; Marta betsjinne en Lazarus wie ien fan harren, dy’t mei Him oanleinen. 3Doe naam Maria in pûn echte djoere nardusoalje, salve dêr Jezus de fuotten mei en droege dy ôf mei har hier; en de swietrook fan ’e oalje gong it hiele hûs troch. 4Mar Judas Iskariot, ien fan syn learlingen, deselde dy’t Him ferriede soe, sei: 5Wêrom dy oalje net foar trije hûndert denaarjes te ferkeapjen en it jild oan ’e earmen te jaan? 6Mar dat sei er net omdat er sa’n noed mei de earmen hie, mar omdat er in dief wie; hy gong oer de kas en hâlde gauris wat achterút fan wat dêr ynkaam. 7Doe sei Jezus: Lit har gewurde; lit har sa it gebrûk yn eare hâlde foar de dei fan myn begraffenis; 8de earmen hawwe jimme ommers altiten om jimme hinne, mar My hawwe jimme net altiten.
9Doe fernamen de Joaden, dat Jezus dêr wie en se kamen mei man en macht net allinne om Jezus, mar ek om Lazarus te sjen, dy’t Er út ’e dea opwekke hie. 10De hegeprysters besleaten om ek Lazarus fan kant te meitsjen, 11omdat safolle Joaden om him dêrhinne gongen en dan yn Jezus leauden.
De yntocht fan Jezus yn Jeruzalem
12Doe’t al dy minsken, dy’t foar it feest kommen wienen, de oare deis hearden, dat Jezus ûnderweis wie nei Jeruzalem, 13krigen se tûken fan dadelpalmen yn ’e hân, gongen de stêd út Him yn ’e mjitte, en rôpen lûd:
Hosanna! Heech te priizjen is Hy dy’t komt yn ’e namme fan de Heare!
en:
De Kening fan Israel!
14Jezus seach in jonge ezel stean en gong dêr op sitten, lykas dat beskreaun stiet:
15Wês net bang, dochter Sion,
sjoch, dyn kening komt,
Hy sit op in ezelfoalle.
16Dat hienen syn eigen learlingen earst net foar ’t ferstân, mar doe’t Jezus ferhearlike wie, doe kaam it harren yn it sin, dat it sa fan Him beskreaun stie en dat de lju ek sa mei Him dien hienen. 17It folk dat derby west hie, doe’t Er Lazarus út it grêf roppen en út ’e dea opwekke hie, fertelde wat se belibbe hienen. 18Sadwaande kaam it folk Him ek yn ’e mjitte, want se hienen heard, dat Hy dat teken dien hie. 19Doe seinen de Fariseeërs tsjin inoar: Sjogge jimme wol, dat jimme der neat fierder mei komme? Sjoch mar, alleman rint achter Him oan!
Jezus en de Griken. De dea fan Jezus en syn hearlikheid
20No wienen der in stikmannich Griken ûnder de minsken, dy’t nei it feest gongen om te oanbidden; 21dy gongen nei Filippus, dy’t út Betsaïda yn Galiléa kaam, en dienen him dizze fraach: Mynhear, wy wolle Jezus graach sjen. 22Filippus gong nei Andréas en sei it tsjin him; doe gongen se tegearre nei Jezus en brochten Him it fersiik oer. 23Jezus joech harren ta antwurd: De tiid is kommen, dat de Minskesoan ferhearlike wurde sil. 24Wiswier, wiswier, Ik sis jimme, as de nôtkerrel net yn ’e grûn falt en stjert, bliuwt er allinne; mar as er stjert, jout er gâns frucht. 25Dy’t hinget oan syn libben, rekket it kwyt; mar dy’t syn libben dêroan weagje wol yn dizze wrâld, sil it behâlde foar de ivichheid. 26As ien My tsjinje wol, moat Er achter My oankomme en dêr’t Ik bin, dêr sil myn tsjinstfeint ek wêze; as ien My tsjinje wol, myn Heit sil him earje.
27No bin Ik tige oandien en wat sil Ik sizze? Heit, rêd My út dizze oere? Mar dêr bin Ik just foar kommen: foar dizze oere. 28Heit, lit jo hearlikheid sjen. Doe kaam der in stim út ’e himel: Ik haw myn hearlikheid sjen litten en Ik sil dat noch wer dwaan. 29Doe sei it folk dat dêr stie en it heard hie, dat der in tongerslach west hie; oaren seinen: Der hat in ingel mei Him sprutsen. 30Jezus antwurde: Net om My hat dy stim der west, mar om jimme. 31No wurdt der in oardiel oer dizze wrâld útsprutsen; no sil de foarst fan dizze wrâld útband wurde; 32en as Ik omheechstutsen bin boppe dizze ierde, sil Ik se allegearre nei My talûke. 33Mei dat sizzen woed Er oanjaan, hoe’t Er oan syn ein komme soe.
34It folk antwurde Him: Wy hawwe út ’e wet heard, dat de Kristus yn ivichheid bliuwt, hoe kinne Jo no sizze dat de Minskesoan omheechstutsen wurde moat? Wa is dy Minskesoan? 35Doe sei Jezus tsjin harren: Noch mar in koart skoft is it ljocht yn jimme fermidden. Rin yn dat ljocht salang’t jimme it hawwe, dat it tsjuster jimme net oerfalle mei; dy’t yn it tsjuster rint, wit net wêr’t er bedarret. 36Leau yn it ljocht, no’t jimme it ljocht noch hawwe, dat jimme bern fan it ljocht wurde meie.
Foar of tsjin Jezus
36b Dat sei Jezus en doe gong Er fuort en hâlde him beskûl. 37Al hied Er noch safolle tekens dien, dêr’t se libben by stienen, dochs leauden se net yn Him. 38Sa moast it wurd fan ’e profeet Jesaja neikomme, dat er sein hie:
Hear, wa hat ús boadskip leauwe wollen?
En oan wa is de macht fan de Hear iepenbier wurden?
39Dêrom koenen se net leauwe, want Jesaja hie ek noch sein:
40Hy hat harren de eagen blyn
en it hert hurd makke,
dat se mei de eagen net sjogge
en mei it hert net fersteane en net ta bekearing komme
en Ik har better meitsje kin.
41Dat sei Jesaja omdat er Jezus’ hearlikheid yn in fizioen sjoen hie; doe spriek er oer Him. 42Der wienen lykwols ek frijwat fan ’e foarmannen dy’t dochs wol yn Him leauden, mar se kamen der net foar út om de Fariseeërs, omdat se bang wienen, dat se oars út ’e synagoge set wurde soenen; 43want se joegen mear om ’e eare fan ’e minsken as om ’e eare fan God.
44Jezus rôp lûd: Dy’t yn My leaut, leaut net sasear yn My, as wol yn Him dy’t My stjoerd hat, 45en dy’t My sjocht, sjocht Him dy’t My stjoerd hat. 46Ik bin yn ’e wrâld kommen as in ljocht, en no hoecht net ien dy’t yn My leaut, yn it tsjuster te bliuwen! 47As ien myn wurden heart en him der net oan hâldt, feroardielje Ik him net; want Ik bin net kommen om de wrâld te feroardieljen, mar om dy te rêden. 48Foar him dy’t My ôfwiist en myn wurden net oannimt, is der al in rjochter dy’t him feroardielet: it wurd dat Ik sprutsen haw, dat sil Him feroardielje op ’e lêste dei. 49Want Ik haw net út Mysels sprutsen, mar de Heit dy’t My stjoerd hat, Dy hat My opdroegen, wat Ik sizze en sprekke moat. 50Ik wit, dat syn opdracht it ivige libben betsjut. Wat Ik sis, sis Ik dêrom sa, lykas de Heit it My sein hat.