De dea fan Lazarus
1No wie der ien siik: Lazarus út Betanië, it doarp fan Maria en har suster Marta. 2Dat wie deselde Maria dy’t de Hear mei mirre salve hat en syn fuotten mei har hier ôfdroege hat; Lazarus, dy’t siik lei, wie har broer. 3En de susters stjoerden Him boadskip: O Hear, no is jo freon siik. 4Doe’t Jezus dat hearde, sei Er: Dy sykte rint net út op ’e dea, mar dy is ta Gods eare, dat de Soan fan God dêrtroch ferhearlike wurde mei. 5En Jezus hie Marta, mei har suster en mei Lazarus leaf. 6Mar doe’t Er heard hie, dat Lazarus siik wie, bleau Er dochs noch twa dagen op it plak dêr’t Er wie. 7Doe earst sei Er tsjin syn learlingen: Lit ús wer nei Judéa gean. 8Rabby, seinen de learlingen tsjin Him, koartby besochten de Joaden Jo te stiennigjen en geane Jo dêr no wer hinne? 9Jezus antwurde: Binne der gjin tolve oeren yn ’e dei? As men oerdeis op ’en paad is, sil men net stroffelje, omdat men it ljocht fan dizze wrâld sjocht; 10mar as men by nacht op ’en paad is, stroffelet men al, omdat men gjin ljocht hat. 11Sa spriek Er en neitiid sei Er tsjin harren: Us freon Lazarus sliept; mar Ik gean dêrhinne om him wekker te meitsjen. 12Doe antwurden de learlingen: Hear, as er sliept, sil er wer better wurde. 13Jezus hie it hân oer syn dea; mar sij mienden, dat Er it oer gewoan sliepen hie. 14Doe sei Jezus planút tsjin harren: Lazarus is stoarn; 15en Ik bin bliid om jimme, dat Ik dêr op dat stuit net wie, want sadwaande sille jimme leauwe; mar lit ús nei him ta gean. 16Tomas – dy’t ‘Twilling’ hiet – sei doe tsjin ’e oare learlingen: Lit ús meigean, om mei Him te stjerren!
Jezus de Ferrizenis en it Libben
17Doe’t Jezus dêr oankaam, die it Him bliken, dat Lazarus al trije dagen yn it grêf lein hie. 18No lei Betanië tichte by Jeruzalem, sa’n foech trije kilometer der ôf. 19Hiel wat Joaden wienen by Marta en Maria foar roubeklach fanwegen it ferstjerren fan har broer. 20Doe’t Marta dan hearde dat Jezus der oankaam, gong se Him yn ’e mjitte; mar Maria bleau yn ’e hûs sitten. 21En Marta sei tsjin Jezus: Hear, hienen Jo hjir mar west, dan wie myn broer net stoarn. 22Mar ek no noch wit ik, dat God Jo alles jaan sil dêr’t Jo Him om freegje. 23Jezus sei tsjin har: Jo broer sil ferrize! 24Marta antwurde: Ik wit wol, dat er ferrize sil, by de opstanning op ’e lêste dei. 25Jezus sei tsjin har: Ik bin de opstanning en it libben; dy’t yn My leaut, sil libje, ek al is er stoarn; 26en elk dy’t libbet en yn My leaut, sil yn der ivichheid net stjerre; leauwe jo dat? 27Marta antwurde: Ja Hear, ik bin der wis fan, dat Jo de Messias binne, de Soan fan God, dy’t yn ’e wrâld komme sil.
28En doe’t se dat sein hie, gong se fuort om har suster Maria te roppen; súntsjes sei se tsjin har: De Master is der en Hy lit dy roppe. 29Maria kaam hastich oerein doe’t se dat hearde, en rûn nei Him ta; 30want Jezus wie it doarp noch net yngien, mar Hy stie noch op it plak dêr’t Marta Him temjitte kommen wie. 31Doe’t no de Joaden dy’t by har yn ’e hûs op roubeklach wienen, seagen, dat Maria ynienen oereinkaam en derút rûn, gongen se har achternei, fan gedachten, dat se nei it grêf ta soe om dêr te skriemen. 32Maria dan kaam op it plak dêr’t Jezus wie, en doe’t se Him seach, foel se foar Him op ’e knibbels, mei de wurden: Hear, hienen Jo hjir mar west, dan wie myn broer net stoarn.
33Doe’t Jezus seach, dat se skriemde en de Joaden dy’t mei har kommen wienen ek, fleach it Him oan en waard Er tige oandien. 34Hy sei: Wêr hawwe jimme him dellein? Se seinen tsjin Him: Kom mei Hear, en sjoch. 35De triennen kamen Jezus yn ’e eagen. 36Doe seinen de Joaden: Sjoch ris, hoe wiis Er mei him wie. 37Mar der wienen ek guon by, dy’t seinen: Hie Hy, dy’t de bline man it ljocht yn ’e eagen jûn hat, ek net keare kinnen, dat dizze man stoar? 38Doe fleach it Jezus wer oan en Hy rûn nei it grêf – dat wie in spelonk, en der lei in stien foar – 39en Hy sei: Helje dy stien derwei! Marta, de suster fan ’e ferstoarne, sei: O Hear, mar der is lucht by! It is no al de fjirde dei! 40Jezus sei tsjin har: Haw Ik jo net sein, dat jo de gloarje fan God sjen sille, as jo mar leauwe? 41Doe hellen se de stien derwei. Jezus sloech de eagen omheech en sei: Heit, Ik tankje Jo dat Jo nei My harke hawwe. 42Ik wist wol, dat Jo altyd nei My harkje; mar om it folk hjir om hinne, haw Ik dat sein, dat se leauwe meie, dat Jo My stjoerd hawwe. 43Nei dy wurden rôp Er withoe lûd: Lazarus, kom derút! 44En de ferstoarne kaam derút, syn hannen en fuotten yn wynsels bebûn; syn gesicht wie mei in switdoek omwuolle. Jezus sei tsjin harren: Meitsje him los en lit him fuortgean.
Gearsit fan de Hege Rie oer Jezus
45Doe begûnen ferskate fan ’e Joaden, dy’t nei Maria tagien wienen en sjoen hienen wat Er dien hie, yn Him te leauwen; 46mar guon fan harren gongen nei de Fariseeërs en fertelden harren, wat Jezus dien hie. 47Doe rôpen de hegeprysters en de Fariseeërs de Hege Rie byinoar en seinen: Hoe moatte wy hjir mei oan? Want dy man docht sa folle tekens! 48As wy Him sa gewurde litte, sil it hiele folk yn Him leauwe en dan komme de Romeinen om ús de stêd en it lân beide te ûntnaderjen. 49Ien fan harren, Kajafas, dy’t dat jiers hegepryster wie, sei tsjin harren: Jimme begripe der neat fan; 50jimme hawwe net foar ’t ferstân, dat it yn jimme eigen belang is, dat ien man foar it folk stjert en net it hiele folk omkomt. 51Dat sei er net út himsels, mar omdat er dat jiers hegepryster wie, foarsei er, dat Jezus foar it folk stjerre soe, 52en net allinne foar it folk, mar ek om de bern fan God, dy’t rûnom fersille binne, byinoar te bringen. 53Sûnt dy dei stie har beslút fêst dat se Him fan kant meitsje soenen.
Jeruzalem yn spanning
54Sadwaande koe Jezus Him net mear frij ûnder de Joaden bewege, mar Hy gong dêr wei nei in oarde deun by de woestyn, nei in stêd dy’t Efraïm hjit en dêr hâlde Er ta mei syn learlingen. 55It rûn wer nei it Joadske Peaskefeest en gâns minsken fan bûten de stêd gongen foartiid al op nei Jeruzalem, om harsels foar it feest te suverjen. 56De lju sochten om Jezus en hienen it der mei-inoar oer, wylst se yn ’e timpel wienen: Wat tinkt jimme? Soed er net op it feest komme? 57Want de hegeprysters en de Fariseeërs hienen oarder jûn, dat as ien te witten kaam wêr’t Er wie, hy dat oanbringe moast; dan koenen se Him oppakke.