De goede Hoeder
1Wiswier, wiswier, Ik sis jimme, dy’t net troch de doar ta de skieppekoai ynkomt, mar der oars earne wei ynklimt, dat is in dief en in rover; 2mar dy’t der troch de doar ynkomt, dat is de hoeder fan ’e skiep. 3Foar him docht de doarwachter iepen en de skiep hearre nei syn lûd; hy ropt syn eigen skiep by de namme en driuwt se der út. 4Wannear’t er syn skiep der allegearre útdreaun hat, giet er foar harren út en de skiep komme achter him oan, omdat se syn lûd kenne; 5mar in frjemden-ien sille se grif net achternei komme, nee, se sille by him wei rinne, omdat se it lûd fan frjemden net kenne.
6Mei dat byld spriek Er ta harren: mar sy begriepen net wat Er harren sizze woe. 7Dêrom sei Jezus nochris: Wiswier, wiswier, Ik sis jimme: Ik bin de doar foar de skiep. 8It binne allegearre dieven en rovers, dy’t (foar My) kommen binne; en de skiep hawwe net nei har harke. 9Ik bin de doar; as ien troch My yngiet, sil er behâlden wurde en hy sil yngean en útgean en weide fine. 10In dief komt inkeld en allinne om te stellen en te slachtsjen en te ferneatigjen: Ik bin kommen, dat se libben en oerfloed hawwe meie.
11Ik bin de goede Hoeder. De goede Hoeder jout syn libben foar de skiep; 12(mar) de arbeider, dy’t gjin echte hoeder is, dy’t gjin eigener is fan ’e skiep, as dy de wolf oankommen sjocht, naait er út en lit de skiep oan har lot oer – en de wolf skuort se mei en jaget se útinoar, – 13want it is in arbeider en de skiep kinne him net safolle skele. 14Ik bin de goede Hoeder, Ik ken myn skiep en myn skiep kenne My, 15lykas de Heit My ken en Ik de Heit ken; en Ik jou myn libben foar de skiep. 16Ik haw ek noch oare skiep, dy’t net yn dizze koai hearre. Dy moat Ik der ek byhelje; se sille nei myn lûd hearre en dan sil it wurde: ien keppel mei ien hoeder. 17Dêrom hat de Heit My leaf, omdat Ik myn libben jou, om it letter werom te nimmen. 18Net ien krijt it My ôf, mar Ik jou it út Mysels. Ik haw de folmacht krige om it te jaan, mar ek om it werom te nimmen: dy opdracht haw Ik fan myn Heit meikrige.
19Oer dy wurden wienen de Joaden it wer lang net iens. 20Party fan harren seinen: Hy hat in kweageast yn Him, Hy is net wiis; wêrom harkje jimme nei Him? 21Oaren seinen: Dat binne gjin wurden fan ien dy’t in kweageast yn Him hat; kin in kweageast dan blinen it ljocht yn ’e eagen jaan?
De fijânskip tsjin Jezus boazet oan
22Yn dy tiid waard der yn Jeruzalem it timpelynwijingsfeest fierd; it wie by ’t winter. 23En Jezus rûn yn ’e timpel om, yn ’e pyldergong fan Salomo. 24Doe krongen de Joaden om Him hinne en seinen tsjin Him: Hoe lang sille Jo ús no noch yn spanning hâlde? As Jo de Messias binne, sis it ús dan planút! 25Jezus antwurde harren: Ik haw it jimme al sein, mar jimme leauwe it net; alles wat Ik doch yn namme fan myn Heit, dat pleitet foar My; 26mar jimme leauwe it net, omdat jimme net by myn skiep hearre. 27Myn skiep hearre nei myn lûd, en Ik ken harren; se komme achter My oan, 28en Ik jou harren it ivige libben; se sille yn der ivichheid net ferlern gean, net ien sil se My ûntskuorre. 29Wat de Heit my jûn hat, is mear wurdich as al it oare, en net ien kin it myn Heit ûntskuorre. 30Myn Heit en Ik binne ien.
31Wer krigen de Joaden stiennen op om Him te stiennigjen. 32Jezus joech harren te hâlden: Ik haw jimme safolle goeds sjen litten dat myn Heit bewurke hat; wat haw Ik dan dien, dat jimme My stiennigje wolle? 33De Joaden antwurden Him: Net om wat goeds wolle wy Jo stiennigje, mar om godslastering, omdat Jo, dy’t in minske binne, Josels foar God útjouwe. 34Jezus antwurde harren: It stiet dochs sa yn jimme wet beskreaun: Ik haw sein: Jimme binne goaden? 35De Skrift neamt dy lju dus goaden, dêr’t Gods wurd foar ornearre is – de Skrift, dêr’t neat fan ôfdien wurde kin –; 36sizze jimme dan fan Him, dy’t troch syn Heit hillige en yn ’e wrâld stjoerd is: Jo sprekke godslastering! omdat Er sein hat: Ik bin de Soan fan God? 37As it it wurk fan myn Heit net is dat Ik doch, leau My dan net; 38mar as it syn wurk al is – sels al leauwe jimme My net, leau dan dochs yn dat wurk, dat jimme witte en ferstean meie, dat myn Heit yn My is en Ik yn myn Heit. 39Doe besochten se wer om Him op te pakken; mar Hy ûntkaam harren.
Yn Peréa
40En Hy gong wer oer de Jordaan, nei it plak dêr’t Johannes yn ’t earstoan de minsken doopt hie en dêr bleau Er. 41Frijwat minsken kamen by Him en seinen: Johannes hat wol gjin inkeld teken dien, mar wat Johannes fan dy man sei, wie allegearre wier. 42Op dat plak begûnen in hopen minsken yn Him te leauwen.