As Israel weromkomt
1Asto weromkomme wolst, Israel
– is de godsspraak fan de Heare –
en do komst by My werom,
asto dyn ôfgryslike ôfgodsbylden foar myn eagen weidochst
en net langer omdoarmest,
2asto swarst: Sa wier as de Heare libbet!
en do dochst dat nei wierheid, yn trou en oprjochtens,
dan sille de heidenfolken har mei dy lokkich priizje
en grut op dy gean.
Ek Juda wurdt warskôge
3Dit hat de Heare tsjin de mannen fan Juda en tsjin Jeruzalem te sizzen:
Ploegje jim braaklizzend lân djip om,
siedzje net midden yn ’e stikels!
4Besnij jimsels foar de Heare en nim de foarhûd fan jim hert ôf,
mannen fan Juda en folk fan Jeruzalem,
dat it fjoer fan myn grime net útslacht
en brânt dat it net út te krijen is,
fanwegen jimme min dwaan.
Der wurdt alarm slein
5Meitsje it yn Juda bekend
en kundigje it yn Jeruzalem oan,
bazúnje it troch it lân,
rop alleman op en sis:
‘Kom byinoar, en lit ús
yn ’e fersterke stêden gean!’
6Jou it synjaal: ‘Op Sion oan!’
Meitsje jim út ’e fuotten, bliuw net stean,
want Ik, Ik bring ûnheil út it noarden,
in skriklike delbraak.
7De liuw is út syn skûlplak kommen,
de folke-moardner is opbrutsen en fan ’t stee kommen
om fan dyn lân in wyldernis te meitsjen:
dyn stêden wurde ferrinnewearre,
dat der gjin mins mear wennet.
8Dêrom, doch rouklean oan,
klei en gûl it út:
De baarnende grime fan de Heare hat him net fan ús ôfkeard.
De foarmannen reitsje yn panyk
9Dy deis komt it sa
– is de godsspraak fan de Heare –
dat de kening dermei oan is,
en de hege offisieren ek;
dat de prysters ferslein
en de profeten ferbjustere binne,
10en der sil sein wurde: Och God, ús Heare,
wier, Jo hawwe dit folk en Jeruzalem wol slim ferbjustere
mei te sizzen: ‘Jim wurde wol mei frede litten’,
wylst it swurd ús op ’e kiel set wurdt!
11Yn dy dagen wurdt dit folk en Jeruzalem oansein:
In gleone wyn fan ’e keale woestynhichten
komt op myn earm folk oanstowen,
mar wier net om te wanjen of te suverjen.
12Nee, dizze wyn is dêr fierstente fûl foar.
Hy komt op myn befel;
want no is ’t safier,
dat Ik myn oardiel oer har útsprek.
De fijân komt opsetten
13Sjoch, as in tichte wolk komt er opsetten
mei syn oanstoarmjende striidweinen;
syn hynders fleane hurder as in earn,
wee ús, wy binne ferlern!
14Jeruzalem, suverje dyn hert fan it kwea,
datsto behâlden wurde meist!
Hoe lang sille dy misdiedige foarnimmens fan dy noch yn dy omspûkje?
15Hark, dêr is nijs út Dan,
fan it berchlân Efraïm komt in ûngeloksboadskip,
16meitsje it de wrâld bekend,
sis it Jeruzalem oan:
Ut in fier lân binne oanfallers kommen
en dy sette tsjin de stêden fan Juda de kriichsrop yn.
17Har wachtposten slute Juda hielendal yn,
want Juda hat it tsjin My yn ’e kant set
– is de godsspraak fan de Heare.
18Dyn eigen hâlden en dragen hat dy dit oandien!
Dat hast no fan dyn ferkeardens!
Ja, bitter is dat
en it rekket dyn libben.
Klacht fan de profeet
19O dy yngewanden fan my, ik krimp yninoar fan ’e pine,
en it hert barst my suver!
Ik bin alhiel oerstjoer en kin my net stilhâlde,
want ik hear hoarngesketter en kriichsgerop.
20De iene ramp nei de oare wurdt ús trochdien,
it hiele lân giet deroan.
Unferhoeds geane myn tinten tsjin ’e flakte,
de tintkleden samar oan flarden.
21Hoe lang moat ik de oarlochsflagge noch sjen
en it lûd fan ’e hoarn noch hearre?
22Want myn folk is dwaas, My wolle se net kenne;
healwize bern binne it, sûnder ferstân,
kweadwaan, dêr binne se betûft yn,
mar goeddwaan witte se net fan.
Fizioen fan ’e ûndergong
23Ik seach de ierde oer – en dy wie woest en leech;
ik seach op nei de himel – en it ljocht wie fuort.
24Ik seach nei de bergen – en dy beven,
en alle heuvels skodden hinne-en-wer.
25Ik seach – en der wie gjin minske mear,
en alle fûgels wienen fuortflein –.
26Ik seach: it boulân wie no woestyn wurden
en alle stêden wienen mei de grûn lykmakke
troch de Heare, fanwegen syn lôgjende grime.
27Want dit hat de Heare te sizzen:
It hiele lân sil in woestenij wurde,
Ik weevje der finaal mei ôf!
28Dêr sil de ierde om rouje,
en de himel dêrboppe swart fan wurde.
Want Ik haw sein, wat Ik fan doel wie;
Ik sil der gjin spyt fan krije en Ik kom der net fan werom.
De ôfrin
29As se de ruters en bôgesjitters roppen hearre,
giet it folk oeral op ’e flecht!
Se krûpe ûnder strewellen
en klimme op ’e rotsen.
Alle stêden binne ferlitten,
der is gjin mins mear yn.
30En do dy’t delslein bist, wat silst no begjinne?
Al klaaist dysels yn poarper,
al pronkest dy op mei goudguod,
al makkest dyn eagen op mei eachglâns,
al dy moaimakkerij is om ’e nocht,
dyn frijers moatte neat mear fan dy ha,
se hawwe it op dyn libben fersjoen.
31Ik hear in lûd as fan in frou dy’t de weeën hat,
in needrop fan ien dy’t har earste bern kriget:
it is it lûd fan ’e Sionsdochter, dy’t himet
en de hannen yn wanhoop omheech stekt:
‘O, ik ûngelokkige,
ik beswyk ûnder moardnershân!’