Blydskip yn Jeruzalem
1Foar de twadde kear krige Jeremia, dy’t noch altyd fêst siet op it binnenplein fan ’e wachtpost, in wurd fan de Heare:
2Dit hat de Heare te sizzen, Hy dy’t de ierde makke hat en foarm en fêstichheid jûn – Heare is syn namme: 3Rop My oan en Ik sil dij antwurd jaan en dij grutte en ûntrochgrûnbere dingen oankundigje, dêrsto gjin begryp fan hast. 4Want dit hat de Heare, de God fan Israel, te sizzen oer de huzen fan dizze stêd en oer de huzen fan ’e keningen fan Juda, dy’t ferrinnewearre binne om tsjin de belegeringsskânsen en tsjin it oarlochsswurd brûkt te wurden, 5doe’t se kamen om tsjin de Chaldeeërs te fjochtsjen, en dy’t sadwaande folrekke binne mei liken fan ’e minsken dy’t Ik ferslein haw yn myn grime en yn myn grammoedigens, omdat Ik net mear nei dizze stêd omsjen woe fanwegen al har min dwaan: 6No sil Ik Juda en Israel hielje en oansterkje litte; Ik meitsje harren wer sûn en lit harren in lange rite fan heil en frede belibje. 7Ik bring in omkear yn har lot en bring har wer yn har eardere dwaan. 8Ik sil har suverje fan alle ûngerjochtichheid en sûnde dy’t se tsjin My bedreaun hawwe. Ik sil har skuld ferjaan, alles dêr’t se har yn har ferset tsjin My mei besûndige hawwe. 9Dizze stêd sil myn eare, myn wille, myn lof en myn gloarje wurde by alle folken op ierde, as se hearre fan al it goede dat Ik foar har doch; ja, dy sille bang en ferbjustere wurde fan al it goede en al it heil dat Ik har taskik.
10Dit hat de Heare te sizzen: Op dit stee, dêr’t jim fan sizze dat it in wyldernis is sûnder minske of bist, en yn ’e stêden fan Juda en yn ’e ferrinnewearre strjitten fan Jeruzalem, dêr’t minske noch bist mear wennet, dêr sil wer heard wurde
11it blide en fleurige lûd,
it lûd fan breugeman en breid,
it lûd fan harren dy’t sizze:
‘Tankje de Heare Almachtich,
want de Heare is goed,
ja, ivich duorret syn geunst,’
as se tankoffers bringe yn it hûs fan de Heare.
Want Ik bring in omkear yn it lot fan it lân, dat it wer wurdt sa’t it ienkear wie, seit de Heare.
12Dit hat de Heare Almachtich te sizzen: Op dit stee, dat in wyldernis is sûnder minske of bist, en yn alle stêden dy’t derby hearre, dêr sil wer weide wêze, dêr’t de hoeders har skiep feilich rêste litte kinne. 13Yn ’e stêden fan it berchlân, yn ’e stêden fan it Leechlân, yn ’e stêden fan it Suderlân, yn it lân Benjamin, yn ’e omkriten fan Jeruzalem en yn ’e stêden fan Juda sille de teller wer skiep ûnder de hannen trochgean, seit de Heare.
It ivich ferbûn mei David
14Sjoch, der komt in tiid – is de godsspraak fan de Heare – dat Ik it goede wurd dat Ik tsjin it folk fan Israel en it folk fan Juda sprutsen haw, neikomme sil.
15Yn dy dagen en yn dy tiid
sil Ik foar David in geve Sprút útkomme litte,
ien dy’t soarget foar rjocht en gerjochtichheid yn it lân.
16Yn dy dagen sil Juda rêden wurde
en wurdt it feilich wenjen yn Jeruzalem.
Mei dizze namme sil de stêd neamd wurde: ‘De Heare is ús heil.’
17Want dit hat de Heare te sizzen: Altyd-troch sil David in neikommeling hawwe, dy’t op ’e troan fan Israel sit. 18En altyd-troch sille de Levityske prysters in neikommeling hawwe, dy’t sûnder ophâlden foar myn antlit brânoffers opdraacht en moal- en fleisoffers bringt.
19Fierder krige Jeremia dit wurd fan de Heare: 20Dit hat de Heare te sizzen: Likemin as jimme myn oardering fan dei en nacht ferbrekke kinne en meitsje, dat it gjin dei of nacht mear wêze soe, 21likemin sil myn ferbûn mei David, myn tsjinner, ferbrutsen wurde, dat er gjin neikommeling mear hawwe soe, dy’t as kening op ’e troane sit, en sa stiet it ek mei de Levityske prysters, dy’t foar My tsjinst dogge. 22Lykas it ûntelbere leger fan stjerren en it net te bemjitten sân fan ’e see, sa sil Ik de neiteam fan myn tsjinner David en de leviten dy’t myn tsjinst ûnderhâlde, yn tal oanwinne litte.
23Ek dit wurd liet de Heare Jeremia takomme: 24Hasto net fernommen, hoe’t de lju sizze: ‘De beide stagen dy’t de Heare útkeazen hie, hat er ferstjitten,’ en hoe’t se myn folk ferachtsje en net mear foar in naasje oansjogge? 25Dit hat de Heare te sizzen: Sa wier Ik myn oardering fan dei en nacht en it fêste bestel foar himel en ierde makke haw, 26sa wier sil Ik de neiteam fan Jakob en fan myn tsjinner David noait ferstjitte; Ik soargje, dat der altyd ien fan syn neiteam regearret oer it skaai fan Abraham, Izaäk en Jakob. Ik bring in omkear yn har lot en sil My oer har erbarmje.