1De Heare joech my in fizioen. Ik seach twa kuorren mei figen, dy’t foar de timpel fan de Heare stienen. Dat wie, nei’t kening Nebûkadnessar fan Babel kening Jekonja fan Juda, de soan fan Jojakim, út Jeruzalem wei as balling meinommen hie nei Babel ta, mei de hege hearen fan Juda, de smidden en de slotmakkers. 2De iene koer sieten bêste figen yn, sa’t ierripe figen binne; de oare sieten minne yn, sa min, dat se wienen net te iten. 3De Heare frege my: ‘Wat sjochsto, Jeremia?’ ‘Figen,’ sei ik, ‘de goede figen binne tige; de minne sa min, dat se binne net te iten.’ 4Doe krige ik dit wurd fan de Heare: 5Dit hat de Heare, de God fan Israel, te sizzen: Ik rekkenje de ballingen fan Juda, dy’t Ik fan dit stee nei it lân fan ’e Chaldeeërs stjoerd haw, ta de goede figen; 6Ik sil it each op har hâlde en har helpe en Ik sil har yn dit lân weromkomme litte; Ik sil har opbouwe en net ôfbrekke, plantsje en net útskuorre, 7en Ik jou har in hert dat My kenne wol; dan witte se, dat Ik de Heare bin; sij sille myn folk wêze en Ik har God; want se sille fan herten by My weromkomme. 8Mar kening Sedekía fan Juda en syn hege hearen en wa’t noch fan Jeruzalem oer binne, oft se no yn dit lân bleaun binne of dat se yn Egypte tahâlde, dêr sil Ik krekt sa mei dwaan as mei dy minne figen, dy’t te min binne om te iten. 9Ik sil meitsje, dat alle keninkriken fan ’e wrâld fan harren grize; dat se in bespotting, in skande, in spotslach en in flok wurde, oeral dêr’t Ik har mar hinnedriuw. 10Ik stjoer oarloch, honger en pest op harren ôf, oant se weireage binne fan ’e grûn dy’t Ik har en har foarâlden jûn hie.