De geve Sprút
1Wee de hoeders dy’t de skiep fan myn keppel sa ferkomme litte, dat se fersille reitsje – is de godsspraak fan de Heare. 2Dêrom hat de Heare, de God fan Israel, dit te sizzen oer de hoeders dy’t myn folk weidzje moatte: Jimme hawwe myn keppel fersille en útinoar jage en der net nei omsjoen. Mar tink derom: Ik sil nei jimme omsjen en jim misdieden op jim ferhelje – is de godsspraak fan de Heare. 3Dan helje Iksels wer byinoar, wat der noch fan myn skiep oer is, út alle lannen dêr’t Ik se hinne jage hie, en bring se wer yn har eigen weidlân; dêr sille se fruchtber wêze en oanwinne yn tal. 4Dan soargje Ik foar hoeders dy’t har weidzje, en se hoege net mear bang of benaud te wêzen, der hoecht net mear om socht te wurden.
5Sjoch, der komt in tiid – is de godsspraak fan de Heare –
dan lit Ik út Davids stam in geve Sprút komme;
hy sil in kening útmeitsje en mei wysheid regearje,
hy sil soargje foar rjocht en gerjochtichheid yn it lân.
6Yn syn dagen sil Juda rêden wurde
en Israel feilich wenje;
mei dizze namme sil er neamd wurde:
De Heare is ús heil.
7Der komt dan ek in tiid – is de godsspraak fan de Heare – dat der net mear sein wurde sil: ‘Sa wier as de Heare libbet, dy’t it folk fan Israel út Egypte helle hat!’, 8mar: ‘Sa wier as de Heare libbet, dy’t Israels neiteam út it Noarderlân helle hat en út alle lannen dêr’t Er har hinne ferdreaun hie, om wer op har eigen grûn te wenjen.’
De falske profeten
9Oer de profeten.
Ik bin alhiel ferslein,
ik trilje oer al myn lea,
ik bin as in dronkene man,
as ien dy’t de wyn nei de holle set is,
sa fol bin ik fan
de Heare syn hillige wurden:
10‘Want it lân sit fol troubrekkers,
(en troch de flok leit it der sa treurich hinne
en binne de weidplakken yn ’e woestyn útdroege;)
har doel is it kwea
en ûnwierheid har krêft.
11Sels profeten en prysters libje as heidens;
oant yn myn eigen hûs moat Ik har ferkeardens noch ferneare –
is de godsspraak fan de Heare.
12Dêrom sil it paad har glysterich ûnder de fuotten wurde;
dêr sille se yn it tsjuster op útglide
en komme te fallen,
want Ik bring in ramp oer harren
as it jier komt, dat Ik mei har ôfrekkenje’
– is de godsspraak fan de Heare.
De profeten fan Jeruzalem
13Wat Ik by de profeten fan Samaria sjoen haw,
wie al walchlik:
dy profetearren yn ’e namme fan ’e Baäl
en brochten myn folk Israel op ’e doele.
14Mar wat Ik by de profeten fan Jeruzalem sjoen haw,
wie allerôfgriislikst:
dat is My dêr ien grutte huorkerij en ligerij;
dy’t ferkeard dogge, wurde oanmoedige,
en sa keart gjinien him ôf fan syn kweadoggerij.
Foar My stiet de hiele binde gelyk mei Sodom,
en it folk fan Jeruzalem mei Gomorra.
15Dêrom hat de Heare Almachtich dit te sizzen oer dy profeten:
Tink derom! Ik jou har bittere galle yn te nimmen
en fergif te drinken,
want troch de profeten fan Jeruzalem is der goddeleasheid oer it hiele lân kommen.
Profeten dy’t net roppen binne
16Dit hat de Heare Almachtich te sizzen:
Harkje net nei wat sokke profeten sizze;
se spegelje jimme wat foar.
It fizioen dêr’t se ’t oer hawwe,
betinke se sèls,
dat komt net by de Heare wei.
17Tsjin de lju dy’t it wurd fan de Heare ferachtsje,
sizze se hieltyd: ‘It komt mei jim wol yn oarder’;
en tsjin allegearre dy’t mar dogge,
wat har yn ’t kwea behurde hert har ynjout, sizze se:
‘Der komt jim neat fan oer!’
18Mar wa hat oait de Heare syn rie meimakke?
Wa hat Him sjoen of syn wurd heard?
Wa hat nei syn wurd harke en it ferstien?
19Sjoch, in fûle stoarm fan ’e Heare is losbrutsen,
in wylde wynhoas,
dy’t op ’e holle fan ’e goddeleazen delslacht.
20De grime fan de Heare jout him net earder del
as dat Er dien en folbrocht hat,
wat Er fêst fan doel wie.
Yn ’e kommende tiden sille jimme dat klear ynsjen.
21Ik haw dy profeten net stjoerd,
al rinne se ek noch sa hurd.
Ik haw harren neat sein,
al binne se ek noch sa oan it profetearjen.
22As se myn rie meimakke hienen,
dan soenen se myn folk myn wurden wol oansizze
en har werombringe fan har ferkearde wei
en fan har ferkearde dwaan en litten.
Eigen dreamen of Gods wurd?
23Bin Ik allinne mar in God foar tichteby – is de godsspraak fan de Heare – en bin ik om fierrens gjin God mear?
24Kin in minske him sa yn in skûlplak ferskûlje,
dat Ik him net mear sjoch? – is de godsspraak fan de Heare.
Nim Ik dan net de hiele himel en de hiele ierde yn?
– is de godsspraak fan de Heare.
25Ik haw wol heard wat de profeten seinen, dy profeten dy’t ûnder myn namme falsk profetearje en sizze: ‘Ik haw in dream hân, ja in dream!’ 26Hoelang sille se mei sokke gedachten omrinne, dy profeten dy’t falsk profetearje en har eigen optinksels ferkundigje? 27Troch sokke dreamen dy’t se fierder fertelle, wolle se meitsje, dat myn namme by it folk yn ’t ferjit rekket, krekt sa’t har foarâlden myn namme fergetten hawwe foar Baäl. 28Hat in profeet in dream hân, lit him dy dan fertelle! Hat ien in wurd fan My krige, lit dy myn wurd nei wierheid sprekke!
Wat moat strie by nôt? – is de godsspraak fan de Heare.
29Is myn wurd net as in fjoer? – is de godsspraak fan de Heare.
Is it net as in moker dy’t rotsen yn grús slacht?
30Dêrom, tink derom, Ik sil dy profeten oanpakke – is de godsspraak fan de Heare – dy’t inoar oer-en-wer wurden fan My ôfstelle. 31Ik sil dy profeten oanpakke – is de godsspraak fan de Heare – dy’t mei har eigen praatsjes oansetten komme en dan stean te profetearjen: ‘It is godsspraak!’ 32Ja, Ik sil dy profeten oanpakke – is de godsspraak fan de Heare – dy’t leagens foar dreamen útjouwe en fierder fertelle en dy’t mei har falsk geswets myn folk op ’e doele bringe; Ik haw har net stjoerd, har gjin inkelde opdracht jûn, en dit folk wurdt der neat better fan – is de godsspraak fan de Heare.
Op lêst fan de Heare?
33As dit folk no freget: ‘Wat lêst hâldt de Heare syn boadskip yn?’ dan silsto sizze: Jimme binne Him ta lêst! Mar Ik smyt jim fan My ôf – is de godsspraak fan de Heare. 34As in profeet, in pryster of in man út it folk soks seit: ‘De Heare syn lêst’, dan sil Ik sa’n man witte te finen, him en syn famylje. 35As folk of famylje ûnderinoar moatte jim it sa ûnder wurden bringe: ‘Wat foar antwurd hat de Heare jûn?’ of: ‘Wat hat de Heare sein?’ 36Mar wurden as: ‘De Heare syn lêst’, set jim dy mar út ’e holle; dy lêst is allinne foar de man wa’t it wurd fan de Heare tabetroud is. Jim soenen de wurden fan ’e libbene God, de Heare Almachtich, ús God, mar ferdraaie. 37In profeet moatte jim dêrom sa oansprekke: ‘Wat foar antwurd hat de Heare jûn?’ of: ‘Wat hat de Heare sein?’ 38Mar as jim sizze: ‘De Heare syn lêst,’ dan hat de Heare dit te sizzen: Om’t jimme de wurden brûke: ‘De Heare syn lêst,’ wylst Ik jim warskôge hie dat net te dwaan, 39dêrom til Ik jim as in lêst op en smyt jim fier fan My ôf, jimsels en de stêd dy’t Ik jimme en jim foarâlden jûn hie, 40en Ik bring in ivige smaad oer jimme, in ivige skande, dy’t net yn it ferjit rekket.