Sedekía stjoert boaden
1It wurd dat de Heare Jeremia takomme liet, doe’t kening Sedekía Pasjchûr, de soan fan Malkía, en pryster Sefanja, de soan fan Maäseja, nei him tastjoerd hie mei dit boadskip: 2Freegje de Heare dochs foar ús om in útspraak, want kening Nebûkadressar fan Babel is tsjin ús oan it oarlogjen; miskien sil de Heare wer in wûnder foar ús dwaan lykas yn âlde tiden, dat Nebûkadnessar him ôfjout, by ús wei. 3Doe sei Jeremia tsjin harren: Sis mar tsjin Sedekía: 4Dit hat de Heare, de God fan Israel, te sizzen: Jimme eigen wapens, dêr’t jim bûten de muorre mei fjochtsje tsjin de kening fan Babel en de Chaldeeërs dy ’t jim belegerje, dy kear Ik tsjin jimsels; Ik bring se allegearre byinoar midden yn ’e stêd. 5Dan sil Ik sels yn fûleindige grime en grutte grammoedichheid tsjin jimme fjochtsje en der mei foarse hân op ynslaan. 6Ik sil al wat yn dizze stêd libbet, reitsje, minsken en fee krektengelyk: se sille stjerre oan in slimme pestsykte. 7Dêrnei – is de godsspraak fan de Heare – jou Ik kening Sedekía fan Juda, syn hofhâlding en it folk, foarsafier’t se pest, swurd en honger oerlibbe hawwe, yn ’e macht fan kening Nebûkadnessar fan Babel, yn ’e macht fan ’e fijannen dy’t it op har fersjoen hawwe. Dy sil har reitsje mei it skerp fan it swurd, sûnder meilijen, sûnder begrutsjen, ûngenedich.
8Fierder moatsto tsjin it folk sizze: Dit hat de Heare te sizzen: Sjoch, Ik lis jim twa wegen foar: de wei fan it libben en de wei fan ’e dea. 9Wa’t yn ’e stêd bliuwt, dy sil stjerre troch it swurd, de honger of de pest; mar wa’t derút giet en him by de Chaldeeërs jout, dy’t jim belegerje, dy sil yn libben bliuwe en it neakene bestean der ôfrêde. 10Want Ik haw My tsjin dizze stêd keard en dat betsjut kwea en neat gjin goeds – is de godsspraak fan de Heare –: hja sil yn ’e macht fan ’e kening fan Babel jûn wurde en dy sil har yn flammen opgean litte.
Tsjin it keningshûs
11Oer it keningshûs fan Juda:
Harkje nei it wurd fan de Heare.
12Hûs fan David, dit hat de Heare te sizzen:
Soargje yn ’e iere moarn al foar in rjochtfeardige rjochtspraak,
ferlos wa’t beroofd wurdt út ’e macht fan syn ûnderdrukker,
dat myn grime net útslacht as in fjoer
dat trochbrânt en net út te krijen is.
Sa min is jim dwaan!
13Sjoch, Ik sil dy oanpakke sast dêr yn ’e delling wennest,
do, rots yn ’e flakte – is de godsspraak fan de Heare.
Jimme dy’t sizze: ‘Wa soe tsjin ús delkomme?’
of: ‘Wa soe ús skûlplak ynkomme kinne?’
14Ik sil jim lean nei wurken jaan
– is de godsspraak fan de Heare.
Ik sil it ûnlân om ’e stêd yn ’e brân sette
en dat fjoer sil alles hjirby om fertarre.