Betylûa belegere
1De oare deis joech Holofernes oan syn hiele leger en oan al syn helptroepen befel om op te trekken de kant nei Betylûa út, de berchpassen dêr te besetten en in oanfal te dwaan op ’e Israeliten. 2Dat al syn troepen brieken dy deis op. Mei-inoar in leger fan 170.000 man fuotfolk en 12.000 man hynstefolk. En dan de weinen mei fracht en al en de mannen dy’t dêrmei besteld wienen, noch net ienris meirekkene. Ien-mei-oar in mannichte dêr’t suver gjin ein oan kaam. 3Yn ’e delling tichteby Betylûa, by de boarne, sloegen se har kamp op. Dat besloech in breedte fan Dotan oan Belmen ta en in langte fan Betylûa oant Kyamon, dat op ’e râne fan ’e flakte fan Esdrelon leit.
4Doe’t de Israeliten dy grutte mannichte seagen, fleach it har oan en se seinen tsjininoar: Dy mannen sille it hiele lân skjin ôffrette. De hege bergen, de dellings en de hichten, se sille har allegearre bejaan fanwegen har gewicht. 5Doe naam elk syn wapens. En se stieken op ’e tuorren de fjoeren oan en hâlden dy hiele nacht oer de wacht.
6De oare deis liet Holofernes, ûnder de eagen fan ’e Israeliten yn Betylûa, al syn hynstefolk it kamp útride. 7De wegen nei de stêd ta liet er ferkenne. Hy gong nei wêr’t de wetterwellen wienen, nadere se en sette der wachtposten by. Doe gong er nei syn mannen werom.
8Neitiid kamen de foaroanmannen fan ’e Edomiten en de oanfierders fan ’e Moäbiten en de generaals fan ’e kuststreek allegearre by him en seinen: 9Hear, wol dochs sa goed wêze en harkje nei wat wy jo riede. Jo leger hat dan sa goed as neat te lijen. 10Wolno, dat Israelityske folk set syn betrouwen net op syn spearen, mar op ’e hichte fan ’e bergen dêr’t it op wennet. It falt dan ek neat ta en kom dêr boppe-op. 11Dat dêrom, hear, gean net hinne en fal har oan. Mij it om slach mei har te leverjen. Dan sille jo net ien fan jo mannen komme te missen. 12Mar bliuw yn it kamp en hâld jo mannen op it plak dêr’t se legere binne. Jo feinten hoege inkeld mar de wetterwelle ûnderoan ’e berch te besetten. 13Want dêr krijt hiele Betylûa syn wetter wei. Se sille dan fergean fan ’e toarst en de stêd wol oerjaan moatte. Wy mei ús mannen sille de toppen fan ’e bergen om har hinne besette en dêr wachtposten útsette, sa, dat gjinien ta de stêd út kin. 14Dan sille se mei har froulju en har bern omkomme fan ’e honger en noch ear’t it swurd oan har ta is, sil it by har yn ’e strjitten ien en al liken wêze. 15Sa sille jo se bliede litte, om’t se it yn ’e kant set hawwe en jo net yn goedens temjitte komme woenen. 16Dat útstel no like Holofernes en syn mannen skoan ta en hy joech oarder te dwaan sa’t sy sein hienen. 17In ôfdieling Ammoniten briek doe op, tagelyk mei fiiftûzen Assyriërs. Sy sloegen har kamp op yn ’e delling en leinen beslach op ’e wellen dêr’t de Israeliten har wetter út krigen. 18De Edomiten en de Ammoniten klommen omheech en legeren har yn it berchlân dat foar Dotan oer leit. Guon fan harren waarden it suden en it easten yn stjoerd. Dy moasten yn stelling foar Egrébel oer, tichteby Chûs oan ’e Mochmûrbeek. It oare part fan it Assyryske leger bleau yn ’e flakte en legere him dêr. Dy hiele kontrei sawat besloegen se. Har tinten en har útris, it wie mei-inoar in kamp dêr’t suver gjin ein oan kaam. Sa ûnwitende grut wie har leger.
De stêd is syn rie te’n ein
19De Israeliten rôpen ta de Hear, har God, want de moed gong derút, no’t al dy fijannen har besingele hienen en der gjin ûntkommen oan wie. 20It hiele Assyryske leger: fuotfolk, hynstefolk en weinen, besingele har fjouwerentritich dagen oanien. Dat de ynwenners fan Betylûa rekken troch har drinkenswetter hinne. 21De bakken wienen fierhinne leech. It drinkenswetter waard har tapart. Langer gjin dei dat se har gerak krigen. 22De bern kwynden wei, de froulju en de jongemannen koenen suver net mear fan ’e toarst en alhielendal ynein foelen se der samar hinne, op ’e strjitte en yn ’e poarten.
23Doe klofte it hiele folk gear, de jongemannen, de froulju en de bern en mei-inoar setten se nei Oezzia en it stedsbestjoer en rôpen wit-hoe lûd yn it bywêzen fan ’e âldsten: 24God mei útwizing dwaan tusken jimme en ús. Want jimme hawwe ús yn it ûnleech fierd, mei’t jim net mei de Assyriërs prate woenen. 25Der is no gjinien mear dy’t ús helpt. God hat ús oan har oerlevere. Hy lit ús foar har eagen fan ’e toarst ferrêdzje en jammerlik omkomme. 26Toe, rop se mar! Jou de stêd mar oer! Dan kin Holofernes syn folk en syn hiele leger him mar leechhelje. 27Want yn har hannen ferfalle, dat is foar ús it bêste, al moatte wy dan ek slaaf wurde. It libben rêde wy der dan yn alle gefallen ôf en wy hoege it dan net langer oan te sjen hoe’t ús harterkes fan bern stjerre en ús froulju en grutte bern beswike. 28De himel en de ierde kinne der foar ynstean, en ek ús God, de Hear fan ús foarâlden, dy’t ús straft foar wat wy sels misdien ha en foar wat ús foarâlden misdien ha, dat Er hjoed net oer ús komme lit wat wy niiskrektsa seinen.
29Doe waard it dêr ien grutte jammerklacht en al it folk dat gearkommen wie, rôp wit-hoe lûd ta de Hear, har God. 30Mar Oezzia sei: Hâld moed, bruorren. Lit ús it noch fiif dagen úthâlde. Faaks dat yn dy tiid ús God Him oer ús ûntfermet. Want it is net foar altiten, dat er ús sitte lit. 31Mochten dy dagen lykwols foarbygean sûnder dat der ien komt dy’t ús helpt, dan sil ik dwaan sa’t jimme sizze. 32Doe liet er it folk útinoar gean, in elk nei syn post. Se setten nei de muorren en de tuorren fan ’e stêd. De froulju en de bern stjoerden se nei hûs. En yn ’e hiele stêd wie de moed der alhiel út.