Judit har kriichsplan
1Doe sei Judit tsjin har: Myn bruorren, harkje no nei my. Nim dy holle en hingje him op, boppe-oan ’e stêdsmuorre. 2Sa gau’t it dan ljocht wurdt en de sinne opgiet, moat elk fan jimme syn wapens krije. Alle striidbere mannen moatte dan mei-inoar de stêd útsette. Stel in oanfierder oan en bear dan, dat jimme nei ûnderen ta sille, de flakte yn, nei de foarpost fan ’e Assyriërs. Mar tink derom, doch dat dan net. 3Dan sille se har wapens krije en mei-inoar nei it kamp ta gean om de generaals fan it Assyryske leger wekker te meitsjen. Se sille dan mei hasten nei Holofernes syn tinte tasette, mar him net fine. Dan sille se der alhielendal ôf wêze en foar jim útnaaie. 4Set se dan achternei mei alle mannen dy’t Israel mar hat, en hou se ûnderweis del.
Bekearing fan Achior
5Mar earst moatte jimme Achior roppe, de Ammonyt, dat dy mei eigen eagen de man weromkenne kin, dy’t it folk fan Israel ferhúnd hat en dy’t him, as ien dy’t foar de dea opskreaun stie, nei ús tastjoerd hat. 6Se rôpen no Achior by Oezzia út ’e hûs. Doe’t dy kaam en de holle fan Holofernes seach yn ’e hannen fan in man út it folk, foel er derhinne, bûten westen.
7Nei’t se him oereinholpen hienen, foel er foar Judit op ’e knibbels del en die har hulde. En hy sei: Yn alle tinten fan Juda en by alle folken sille se jo priizje, en in elk dy’t jo namme neamen heart, sil him besauwe. 8Sis my no, wat jo dizze dagen dien hawwe. Doe fertelde Judit yn it bywêzen fan al it folk om harren hinne, wat se allegearre dien hie, fan de deis ôf dat sy fuortgien wie, oant dat se hjir no mei harren stie te praten. 9Doe’t se útpraat wie, geide it folk it út fan blidens, sa lûd, dat it davere de hiele stêd oer. 10En Achior, dy’t alles sjoen hie dat de God fan Israel dien hie, leaude no fêst yn Him. Hy liet him besnije en sûnt dy dei waard er foar altyd yn it folk fan Israel opnommen.
De Assyriërs wurde ferslein
11Doe’t de dage oan ’e loft kaam, hongen se Holofernes syn holle oan ’e stedsmuorre. In elk naam syn wapens en doe gong it mei-inoar, de iene ôfdieling nei de oare, nei de berchpassen ta. 12Sa gau’t de Assyriërs har fernamen, warskôgen se har kommandanten; en dy gongen nei de generaals, de oersten en alle offisieren ta. 13Sa kamen se ek by de tinte fan Holofernes en seinen tsjin de man dy’t oer dy syn húshâlding gong: Rop ús hear dochs, want dy slaven dêr binne sa dryst, dat se mei ús yn ’e slach wolle om oan ’e lêste man ta ôfslachte te wurden.
14Doe gong Bogoäs de tinte yn. Hy sloech tsjin it kleed, want hy tocht dat Holofernes by Judit lei te sliepen. 15Mar doe’t gjinien dêr azem op joech, die er it kleed oan ’e kant en gong it sliepfertrek yn. En dêr fûn er him: langút oer de bêdsflier, de holle derôf. 16Hy raasde it út, gûlde en jammere en snokte dat it sawat die, en skuorde de klean stikken. 17Doe sette er nei de tinte dêr’t er Judit yn ûnderbrocht hie, mar se wie der net. En sa fleach er nei it folk ta en raasde: 18Dy slaven hawwe ús ferliigd: In Hebrieuske frou hat it hûs fan kening Nebûkadnessar te skande set. Sjoch, dêr yn ’e tinte leit Holofernes oer de grûn, de holle derôf. 19Doe’t de oanfierders fan it Assyryske leger dat hearden, waarden se alhielendal oerstjoer. Se skuorden de klean stikken. En it kamp tilde op fan har roppen en razen.