Judit de Joadinne
1Doe hiet er, se soenen har nei it plak ta bringe, dêr’t er syn sulverguod hie, en se soenen har fan syn spizen foarsette en fan syn wyn. 2Mar Judit sei: Dat sil ik net ha, want dan soe it beslaan kinne, dat ik tsjin ús wetten sûndigje. As it jo goed is, dan hâld ik my by wat ik foar mysels meinommen ha. 3Holofernes antwurde: Mar as wat jo by jo hawwe no oprekket, wêr krije wy dan sok iten wei? Want hjir is net ien dy’t fan jo folk is. 4Doe sei Judit: Sa wier as jo libje, myn hear, jo slavinne sil alle iten dat se by har hat, noch net op hawwe, of de Hear hat troch myn tadwaan syn plannen al útfierd.
5Doe brochten Holofernes syn tsjinners har nei har tinte. Dêr sliepte se oant middennacht ta. Efkes foar de lêste nachtwacht gong se derôf 6en stjoerde immen nei Holofernes ta mei it fersyk: Myn hear, wol dochs oarder jaan, dat se jo slavinne frij it kamp útgean litte om te bidden. 7Holofernes sei tsjin syn liifwacht, dat se har neat yn ’e wei lizze moasten. Sa wie se dêr yn it kamp trije dagen. Alle nachten gong se derôf en nei de delling fan Betylûa ta. Dêr, by de wetterwelle yn it kamp, wosk se har dan. 8As se dêr dan mei klear wie, smeke se de Hear, de God fan Israel, om har by te stean yn har ûndernimmen om har lânslju te rêden. 9Dan gong se nei har tinte werom en bleau dêr, sûnder harsels ûnrein te meitsjen, oant it tsjin ’e jûn rûn en har it iten brocht waard.
Feestmiel en dea fan Holofernes
10De fjirde deis liet Holofernes in feestmiel sette. Inkeld foar syn tsjinners. Syn offisieren en sa noege hy der net by út. 11Hy sei tsjin Bogoäs, de eunúch, dy’t oer syn hiele húshâlding gong: Gean hinne en bepraat de Hebrieuske frou, dysto op ’e noed hast, dat sy komt om mei ús te iten en te drinken. 12Wy soenen der moai op stean, as wy sa’n frou wer rinne lieten sûnder ek mar wat oan har selskip hân te hawwen. As it ús net slagget om it mei har oan te lizzen, no dan gniist se ús ek noch út.
13Doe gong Bogoäs by Holofernes wei nei har ta en hy sei: Ik hoopje tige, dat it wûndermoaie jongfrommes der neat op tsjin ha sil om by myn hear te kommen en yn syn bywêzen eare te wurden en wyn mei ús te drinken en wille te meitsjen, net oars as wie se ien fan de Assyryske jongfammen yn Nebûkadnessar syn paleis. 14Judit antwurde: Wa bin ik, dat ik tsjin myn hear yngean soe? Alles dêr’t ik him in deugd mei dwaan kin, dêr bin ik fuort foar te finen. Ja, dat is foar my in ding om myn hiele libben bliid mei te wêzen. 15Se gong fuort oerein en doste har op mei klean en siersels sa’t dat froulju eigen is. Har slavinne gong foar har út en lei it flues, dat se fan Bogoäs krige hie om dêr deis by it iten op oan te lizzen, op ’e grûn del, lyk foar Holofernes.
16Doe’t Judit deryn kaam en har plak ynnaam op it flues om oan te lizzen, hie Holofernes himsels net mear yn ’e macht. Hy waard ynwindich alhiel oerstjoer en yn him wie it ien en al begearen om har te hawwen. Sûnt de dei al dat er har foar it earst sjoen hie, siet er op it gaadlike momint te wachtsjen, dat er har ferliede koe. 17Hy sei: Toe, drink, en wês fleurich mei ús. 18En Judit antwurde: Wol graach, myn hear. Want sûnt de dei dat ik op ’e wrâld kommen bin, hat it libben my noch noait sa talake as hjoed. 19Doe naam se fan wat har slavinne foar har klearmakke hie en se iet en se dronk yn it bywêzen fan Holofernes. 20Dy koe net oer har út en hy dronk mar ta. Safolle wyn, as er syn hiele libben noch noait yn ien kear hân hie.