Judit by Holofernes
1Doe’t Judit mei har roppen oan de God fan Israel ophâlde en dat allegearre sein hie, 2gong se oerein en rôp har slavinne. Doe gong se nei ûnderen ta, nei de keamer dêr’t sy as it sabbat wie en op ’e feestdagen plichte te wenjen. 3It roukleed die se ôf en de widdodracht út. Doe wosk se har en salve har oerdiedich mei mirre. Se makke har hier op, die in krânse op ’e holle en de pronkklean kamen oan. Deselde dy’t sy plichte te dragen doe’t har man Manasse noch libbe. 4De sandalen die se oan en de ankelringen om. En doe doste se har op mei earmbannen, ringen en earbellen, ja mei al de sieraden dy’t se mar hie. Ja, se makke har sa op, sa seldsume moai, dat grif gjin man de eagen fan har ôfhâlde koe. 5Har slavinne joech se in sek wyn en in krûkje mei oalje. In tas die se fol mei koarnmoal, figen en reine bôlen. Doe pakte se al har itensspullen yn en ek dy krige de faam te dragen.
6Doe gongen se nei de stedspoarte fan Betylûa ta. Dêr troffen se Oezzia mei Chabrin en Charmin, de beide âldsten fan ’e stêd. 7Doe’t dy Judit seagen, sa hiel oars fan wêzen en yn ’e klean as dat se fan har wend wienen, koenen se der net oer út hoe tsjep se wie. En se seinen tsjin har: 8Dat de God fan ús foarâlden jo genede jaan mei. Dat Hy jo slagje litte mei, wat jo fan doel binne. Ta eare fan it folk fan Israel en ta gloarje fan Jeruzalem. 9Judit bûgde har earbiedich del foar God. En doe sei se tsjin har: Sis, dat se de stedspoarte foar my iepen dogge. Dan kin ik hinnegean en ta in útdragene saak bringe, wat wy bepraat hawwe. Doe hieten de âldsten de jongemannen, se soenen har de poarte iepen dwaan, sa’t se dat frege hie. 10Dy dienen dat. En Judit gong de stêd út, mei har faam. Wylst se by de berch delgong, seagen de mannen fan ’e stêd har achternei, krekt salang, oant se oan de oare kant de delling en út it sicht wie.
11Doe’t de beide froulju rjochtút troch de delling gongen, kaam in foarpost fan ’e Assyriërs op har ta. 12Dy hâlde har oan en frege: Fan watfoar folk binnejo? Wêr komme jo wei? En wêr sille jo hinne? Judit antwurde: Ik bin in Hebrieuske frou. Ik bin fuortrûn, by myn folk wei, want it duorret no net lang mear of se sille allegearre yn jimme hannen ferfalle. 13Ik bin ûnderweis nei Holofernes ta, de heechste generaal yn jimme leger, om him ynljochtings oangeande de stêd te jaan, dêr’t er hiel wat oan hawwe kin. Ik sil him in paad wize, dêr’t er lâns kin om it hiele berchlân yn ’e macht te krijen, sûnder dat dat ien fan syn mannen it libben hoecht te kostjen.
14Doe’t dy mannen har sa hearden en seagen hoe wûndere tsjep fan wêzen se wie, seinen se tsjin har: 15It is jo behâld dat jo no fuort al nei ûnderen kommen binne nei ús hear ta. Jo moatte nei syn tinte ta gean. Guon fan uzen sille wol mei jo gean en jo by him bringe. 16As jo foar him steane, wês dan mar net bang. Sis him wat jo niis sein hawwe en hy sil jo neat dwaan.
17Doe namen se hûndert man. Dy gongen mei har en har slavinne mei en brochten har nei Holofernes syn tinte. 18It hiele kamp rekke op ien ein, want it nijs dat sy kommen wie, wie yn in sucht yn alle tinten bekend wurden. Alleman klofte om har hinne. Wylst stie sy bûtendoar foar Holofernes syn tinte te wachtsjen oant se by him oantsjinne wurde soe. 19Se koenen der net oer út, dat se sa kreas wie en troch har begûnen se heech by de Israeliten op te sjen. En se seinen tsjininoar: Wa soe no op in folk delsjen kinne dat sokke froulju hat? It is saak en lit net ien fan ’e mannen dêr yn it libben, want as der ús guon ûntkomme, dan binne se by steat en ferrifelje de hiele wrâld.
20Doe kamen Holofernes syn liifwacht en syn hiele gefolch de tinte út om Judit te heljen. 21Holofernes lei op syn sliepbank, ûnder in poarperen muskitenet, dat mei goud, smaragd en kostbere stiennen fersierd wie. 22Doe’t se har by him oantsjinne hienen, gong er nei de foartinte ta. Sulveren fakkels droegen se foar him út. 23Sa gau’t Holofernes en syn gefolch Judit seagen, wienen se elk-foar-oar ferbjustere, dat se sa wûnderbaarlike kreas wie. Sy foel foar him del op ’e knibbels, it gesicht tsjin ’e grûn, om him hulde to dwaan. Syn feinten lykwols holpen har oerein.