Israel ûnder de Midjaniten
1Mar de Israeliten dienen wat de Heare ferkeard achte en de Heare joech har sân jier lang oer yn ’e macht fan Midjan. 2Israel hie it tige swier ûnder Midjan. Dêrom rjochten de Israeliten de gongen yn ’e bergen en de hoalen en de grotten yn, om har dêr foar de Midjaniten te ferskûljen. 3Want as Israel siedde hie, dan kamen Midjan, Amalek en de stammen út it easten opsetten en oerfoelen har. 4Hja setten de tinten op har gebiet en fernielden de fruchten op it lân, alhiel oan Gaza ta. Hja lieten gjin iten oer yn Israel, ek gjin skiep, okse of ezel. 5Want hja kamen opsetten mei har fee en har tinten, machtich as sprinkhoannen en har kamielen wie gjin tellensein oan. Sa kamen se it lân yn om it te fernielen.
6Doe’t de Israeliten it sa tige earmoedich krigen troch Midjan, rôpen se de Heare oan. 7En doe’t se de Heare oanroppen hienen fanwegen Midjan, 8stjoerde de Heare in profeet nei de Israeliten en dy sei tsjin har: Dit seit de Heare, de God fan Israel: Ik bin it, dy’t jim út Egypte komme litten haw en Ik haw jim út it slavehûs helle. 9Ik haw jim ferlost út ’e macht fan Egypte en út ’e macht fan allegearre, dy’t jim derûnder hienen. Ik haw har foar jim út jage en har lân haw Ik jimme jûn. 10Doe haw Ik tsjin jim sein: Ik bin de Heare, jim God. Ferearje de goaden fan ’e Amoriten net, no’t jimme yn har lân wenje. Mar jim hawwe net nei my harke.
Gideön roppen
11De ingel fan de Heare kaam en gong ûnder ’e terebint sitten yn Ofra, dat fan Joäsj de Abiëzryt wie. Gideön, syn soan, wie dwaande weet út te slaan yn ’e wynparse om it foar de Midjaniten út ’e wei te bringen. 12En de ingel fan de Heare ferskynde oan Gideön en sei tsjin him: De Heare is mei dy, do krigele held! 13Mar Gideön sei tsjin him: Och mynhear, as de Heare mei ús is, wêrom moast ús dit allegearre dan oerkomme? Wêr binne al syn wûnderdieden, dêr’t ús âlden ús fan ferteld hawwe as se seinen: Ja, de Heare hat ús út Egyptelân fierd? Mar no hat de Heare ús ferstjitten en ús oan Midjan oerlevere. 14Doe kearde de Heare Him nei him ta en sei: Gean mar, lit dit dyn krêft wêze en do silst Israel ferlosse út ’e macht fan Midjan. Ik bin it ommers, dy’t dij stjoer! 15Mar hy sei tsjin Him: Och, mynhear, wêr soe ik Israel mei ferlosse? Myn famylje is ommers mar de lytste fan Manasse en ik bin de jongste yn ús heite hûs. 16De Heare lykwols sei tsjin him: Ik sil mei dy wêze. Do silst Midjan ferslaan, as wie it mar ien man. 17Doe sei hy, Gideön, tsjin Him: As Jo my tagedien binne, jou my dan in teken, dat Jo it sels binne dy’t mei my sprekt. 18Gean hjir dochs net wei, ear’t ik wer by Jo kom en it offer dat ik helje foar Jo dellein haw. Hy sei: Ik bliuw hjir salang datst werom bist.
19Dat Gideön gong yn ’e hûs en makke in geitebokje klear en fan in efa moal bakte er ûnsuorre bôlen. It fleis die er yn in koer en it sop fan it fleis yn in kom. Doe brocht er it nei bûten ta ûnder de terebint en sette it Him foar. 20Mar Gods ingel sei tsjin him: Nim it fleis en de ûnsuorre bôlen en lis it op dat rotsblok dêre en jit it sop fan it fleis dêroer út. Dat die er. 21De ingel hie in stôk yn ’e hân en roerde doe mei de punt dêrfan it fleis en de bôlen oan. Doe lôge der fjoer op út ’e rots en dat fertarde sawol it fleis as de bôlen. En de ingel rekke út it sicht.
22Doe begriep Gideön dat it de ingel fan de Heare west hie. En Gideön sei: O wee, Heare God! Dêr is it al sa! No haw ik each yn each stien mei de ingel fan de Heare. 23Mar de Heare sei tsjin him: Frede oer dy. Wurd mar net bang, do silst net stjerre. 24Doe boude Gideön dêr in alter foar de Heare en hy neamde dat: De Heare is frede. Dat stiet der hjoed-de-dei noch altyd yn Ofra dat oan ’e Abiëzriten heart.
Gideön fernielt it alter fan Baäl
25Dyselde nachts noch sei de Heare tsjin him: Nim ien fan jim heite bollen, te witten de twadde, dy fan sân jier en dan moatst it alter fan Baäl dat jim heit sines is, omhelje en de Asjeara dy’t dêrby stiet, stikken slaan. 26Dan moatst in alter foar de Heare, dyn God, bouwe op ’e top fan dit fersterke stee en dat foar gebrûk klearmeitsje. Nim dan dy twadde bolle en offerje dy as brânoffer op it hout fan ’e Asjeara, dyst stikken slein hast.
27Dat sadwaande naam Gideön tsien man fan syn feinten mei en die sa’t de Heare him hjitten hie. Hy weage it lykwols net om it oerdei te dwaan, omdat er bang wie foar syn heite famylje en foar de manlju út ’e stêd. Dat hy die it de nachts. 28Doe’t de manlju út ’e stêd de oare moarns op ’e lappen kamen, seagen se dat it alter fan Baäl fernield wie en de Asjeara, dy’t dêrby stie, stikken slein. Fierder wie de twadde bolle offere op it alter dat dêr boud wie. 29En de manlju fan ’e stêd seinen tsjininoar: Wa hat dat stik útheefd? Hja sochten it út en dienen neifraach. Doe waard der sein: Gideön, de soan fan Joäsj, dy hat dat útheefd. 30Dat de manlju út ’e stêd seinen tsjin Joäsj: Bring jo soan nei bûten, dan moat er stjerre, want hy hat it alter fan Baäl fernield en de Asjeara, dy’t dêrby stie, stikken slein. 31Mar Joäsj sei tsjin allegearre dy’t by him stienen: Moatte jimme foar Baäl yn ’e pleit gean? Moatte jimme him rêde? Wa’t foar him yn ’e pleit giet, sil foar de moarntiid noch deade wurde. As er in god is, lit him dan foar syn eigen rjochten opkomme. It is op ’t lêst syn alter dat fernield is. 32Dy deis neamden se Gideön Jerûbbaäl, want se seinen: Lit Baäl mei him yn ’e pleit gean, omdat er syn alter fernield hat.
Gideön kriget tekens
33Hiele Midjan en Amalek en de stammen út it easten wienen wer byinoar kommen. Hja wienen de rivier oergien en hienen har yn ’e delling fan Jizreël legere. 34Doe kaam de Geast fan de Heare oer Gideön. Hy blies op ’e rammehoarn en rôp de Abiëzriten op om him te folgjen. 35Ek stjoerde er boaden troch hiele Manasse en ek dy rôp er op him te folgjen. Sa stjoerde er ek boaden troch Azer, Sebûlon en Naftaly en dy kamen op, har yn ’e mjitte.
36Gideön sei tsjin God: As Jo dan wier troch myn hân Israel ferlosse wolle, lykas Jo sein hawwe – 37sjochris, ik lis in flues wol op ’e terskflier. As der dan allinne op it flues dauwe komt, mar de hiele grûn bliuwt droech, dan wit ik dat Jo troch myn hân Israel ferlosse wolle, lykas Jo sein hawwe. 38En sa kaam it. Doe’t er der de oare moarns ôfkaam, wrong er it flues út. Hy knypte de dauwe út it flues, in hiel skaalfol wetter. 39Mar Gideön sei tsjin God: Soenen Jo net lilk op my wurde wolle, as ik noch ienris wat freegje? Lit my it noch ienkear besykje mei it flues. As no it flues allinne ris droech wie, en der dauwe oer de hiele grûn lei. 40En God die dat deselde nachts. Allinne it flues wie droech, mar oer de hiele grûn lei dauwe.