Liet fan Deboara
1Dy deis song Deboara mei Barak, de soan fan Abinoäm, dit liet:
2Om’t Israel it hier losmakke hie,
om’t it in reewillich folk wie –
loovje de Heare!
3Harkje, keningen! De earen iepen, foarsten!
Sjonge wol ik, ja sjonge foar de Heare!
Ik wol de snaren poene foar de Heare, de God fan Israel.
4O Heare, doe’t Jo út Séïr gongen,
doe’t Jo út it fjild fan Edom stapten,
doe beve de ierde, en it spielde út ’e himel wei.
Ja, it wetter spielde út de wolken.
5Bergen wankelen foar de Heare,
de Hear fan ’e Sinai’,
foar de Heare, de God fan Israel.
6Yn ’e dagen fan Sjamgar, de soan fan Anat,
yn ’e dagen fan Jaël, bleauwen de karavanen wei.
En dy’t oars de gewoane wei rûnen
dy gongen no bochtsjende binnenpaden del.
7Lieders wienen der net mear,
hja wienen net mear yn Israel,
oant ik, Deboara, oereingong,
oereingong as in mem yn Israel.
8De striders fan God dienen neat,
striid by de poarten wie der net mear.
Der wie skyld noch spear te sjen
ûnder de fjirtichtûzen fan Israel.
9Myn hert giet út nei de lieders yn Israel,
dy’t har frijwillich út it folk opjûn hawwe.
– Loovje de Heare! –
10Jim, dy’t op wite ezelinnen ride,
jim, dy’t sitte op djoere kleden,
jim, dy’t oer de wei geane – sjong derfan!
11Boppe it lûd fan har, dy’t it wetter ferpartsje,
tusken de wetterputten,
dêr’t se heilsdieden fan de Heare besjonge,
de heilsdieden fan ’e Lieder fan Israel!
Doe is it folk fan de Heare
delkommen nei de poarten:
12Oerein, oerein, Deboara! Oerein, oerein! Sjong in liet!
Toe Barak! Nim jo gefangenen mei, soan fan Abinoäm!
13Doe kamen de oerbleaunen del, moedich en wol,
it folk fan de Heare kaam mei my del as helden.
14Ut Efraïm wei sakken de lieders nei de Flakte,
achter him oan, mei syn mannichten, kaam Benjamin.
Ut Makir kamen de lieders del
en út Sebûlon lju dy’t de hearskersstêf droegen.
15De foarsten fan Issaskar wienen mei Deboara,
Issaskar beskerme Barak:
de delling ynstjoerd, kamen se achter him oan.
Under de famyljes fan Rûben lieten se it tige yn har omgean.
16Wêrom bist dochs sitten bleaun tusken de sketten,
om te harkjen nei it fluitsjen by de keppels?
De famyljes fan Rûben hienen it drok mei it yn-har-omgean-litten!
17Gileäd bleau oare kant de Jordaan.
En Dan, wêrom hâldsto mar ta by de skippen?
Azer bleau by see, oan it strân,
en by syn havens bleau er sitten.
18Sebûlon lykwols is in folk dat syn libben weage hat
mei Naftaly op de heechflakte.
19Keningen gongen de striid oan.
Doe strieden de keningen fan Kanaän
te Taänach, by it wetter fan Megiddo,
mar gjin stikje sulver ha se bútmakke.
20Ut ’e himel wei strieden de stjerren,
út har banen wei strieden se tsjin Sisera.
21De beek Kisjon spielde se fuort,
de oerâlde beek, de beek Kisjon.
– Span dy mar goed yn, Deboara. –
22Doe kletteren de hynstehoeven fan it fjouwerjen,
it fjouwerjen fan syn hynsten.
23De flok oer Mearoz, hat de ingel fan ’e. Heare sein:
Reitsje de ynwenners dêrfan mei de flok,
omdat se net kommen binne om de Heare te helpen,
de Heare te helpen mei sterke mannen.
24Mear as oare froulju mei Jaël segene wêze,
de frou fan Chêber, de Kenyt.
Segene mei hja wêze boppe alle froulju dy’t yn tinten wenje.
25Wetter frege er – molke joech se.
Yn in skaal foar eallju brocht se reamme.
26Hja stiek de hân út nei de hearring,
de rjochterhân nei in timmermanshammer.
Hja hammere op Sisera, ferplettere him de holle,
tebrizele dy en stiek him troch de sliepen hinne.
27Tusken har fuotten kromp er yninoar;
hy foel – dêr lei er.
Tusken har fuotten kromp er yninoar; hy foel.
Dêr’t er yninoar kromp, dêr is er fallen, oerweldige.
28Troch it finster seach se út, troch de traaljes klage se,
de mem fan Sisera:
Wêrom duorret it sa lang ear’t syn wein der oankomt?
Wêrom bliuwt it ratteljen fan syn striidweinen mar wei?
29De ferstannichste ûnder ’e hofdames antwurdet har
en hja seit hieltyd mar wer tsjin harsels:
30Hja hawwe fansels bút behelle,
en dy moatte se ferpartsje:
ien faam, twa fammen foar elke soldaat,
in bút fan kleurige stoffen foar Sisera,
in bút fan kleurige stoffen,
bûnte klean, dûbel benaaid as bút om myn hals!
31Meie sa jo fijannen allegearre omkomme, o Heare!
Mar dy’t Him leafhawwe meie wêze
as de sinne dy’t opkomt yn al syn krêft.
Doe hat it lân fjirtich jier lang rêst hân.