Deboara en Barak
1Doe’t Ehûd stoarn wie, dienen de Israeliten wer wat de Heare ferkeard achte. 2Dat de Heare levere har oer oan kening Jabin fan Kanaän, dy’t yn Chasor regearre. Syn legeroanfierder wie Sisera en dy hâlde ta yn Charosjet-Haggojim. 3Doe rôpen de Israeliten de Heare oan, want Jabin hie njoggenhûndert izeren striidweinen en hy hie de Israeliten al tweintich jier lang fûleindich ferdrukt.
4No spriek Deboara yn dy tiid rjocht oer Israel. Hja wie profetes en de frou fan Lappidot. 5Hja hâlde sitdei ûnder de palmbeam fan Deboara, dy’t tusken Rama en Bet-El stiet, yn it berchlân fan Efraïm. Dêr gongen de Israeliten nei har ta om rjocht. 6Doe stjoerde se om Barak, de soan fan Abinoäm en rôp him út Kêdesj yn Naftaly. En hja sei tsjin him: Jo moatte witte, dat de Heare, de God fan Israel, hjitten hat: Sjoch datst op ’e Tabor komst, en nim tsientûzen man út ’e soannen fan Naftaly en Sebûlon mei. 7Dan sil Ik Sisera, de legeroanfierder fan Jabin nei dy ta bringe by de beek Kisjon, mei syn weinen en syn soldatefolk en Ik sil har oan dy oerleverje. 8Mar Barak sei tsjin har: As jo mei my geane, goed, mar as jo net mei geane, dan gean ik ek net. 9Dêrop sei se: Ik sil wier wol mei jo gean. Mar dan sille jo op dizze tocht dy’t jo ûndernimme, gjin eare behelje. No sil de Heare Sisera oan in frou yn hannen spylje.
Doe gong Deboara oerein en reizge mei Barak nei Kêdesj. 10Barak rôp dêrop Sebûlon en Naftaly byinoar te Kêdesj en tsientûzen man teagen achter him oan, en ek Deboara gong mei.
11No hie Chêber, de Kenyt, him ôfsûndere fan ’e Keniten, de soannen fan Chobab, de sweager fan Mozes. Hy hie syn tinte opset by de terebint te Saänaïm by Kêdesj.
12Doe’t Sisera ferteld waard, dat Barak, de soan fan Abinoäm, op ’e berch Tabor taset wie, 13rôp er syn hiele macht striidweinen op, njoggenhûndert izeren striidweinen en alle folk dat er by him hie, en sette út Charosjet-Haggojim wei nei de beek Kisjon. 14Doe sei Deboara tsjin Barak: Oerein! Want dit is de dei, dat de Heare Sisera oan jo oerlevere hat. De Heare giet ommers foar jo út! Dêrop kaam Barak mei tsientûzen man achter him oan, by de berch Tabor del. 15De Heare brocht doe Sisera mei al syn weinen en syn hiele leger sa yn ûnstjoer foar Barak en it skerpe swurd, dat Sisera sprong fan ’e wein ôf en naaide rinnendewei út. 16Mar Barak jage achter de weinen en it leger oan, oan Charosjet-Haggojim ta. It hiele leger fan Sisera sneuvele, der bleau net ien fan oer. 17Sisera lykwols wie rinnendewei útnaaid nei de tinte fan Jaël, de frou fan Chêber, de Kenyt. It wie nammentlik frede tusken kening Jabin fan Chasor en it hûs fan Chêber de Kenyt. 18Doe kaam Jaël nei bûten ta, Sisera yn ’e mjitte. Hja sei tsjin him: Hjirhinne, mynhear, hjirhinne nei my ta. Haw mar gjin noed. Dat hy sloech ôf, nei har ta yn ’e tinte en hja lei in tekken oer him hinne. 19Hy sei tsjin har: Mei ik wat wetter, ik haw sa’n toarst. Hja die in molksek iepen en joech him te drinken en doe bestoppe se him. 20Dêrnei sei er tsjin har: Gean yn ’e iepening fan ’e tinte stean en as der dan ien komt en jo freget: Is hjir ek ien? Sis dan: nee! 21Doe’t er fan wurgens yn in djippe sliep fallen wie, krige Jaël, de frou fan Chêber, in hearring fan ’e tinte, gong súntsjes mei in hammer yn ’e hân nei him ta en sloech him de hearring troch de sliepen yn ’e grûn fêst. Sa stoar er. 22Doe seach Jaël Barak, dy’t Sisera achternei siet en hja gong nei bûten ta, him yn ’e mjitte. Hja sei tsjin him: Kom hjir mar, dan sil ik jo de man sjen litte, dy’t jo sykje. Doe’t er der ynkaam, sjoch, dêr lei Sisera dea oer de grûn en de hearring hied er noch yn ’e sliepen. 23Sa fernedere God dy deis kening Jabin fan Kanaän foar de Israeliten. 24En de Israeliten krigen him der hieltyd fierder ûnder, dat op it lêst hienen se kening Jabin fan Kanaän ferneatige.