De ingel fan ’e Heare te Bokim
1Doe gong de ingel fan de Heare út Gilgal wei nei Bokim en Hy sei: Ik haw jimme út Egypte helle en Ik haw jim yn it lân brocht dat Ik jim foarfaars mei in eed tasein hie. Ik haw doe sein: Nea en te ninter sil Ik myn ferbûn mei jimme ferbrekke; 2mar dan meie jimme gjin ferbûn oangean mei de befolking fan dit lân en har alters moatte jimme ferniele. Jim hawwe lykwols net nei My harke. Wêrom hawwe jimme dat dien? 3No sis Ik dêrom: Ik sil har net foar jim ferdriuwe, mar hja sille jimme fijannen wurde en har goaden sille in falstrik foar jimme wêze.
4Doe’t de ingel fan de Heare dat allegearre tsjin de Israeliten sein hie, begûn it folk lûdop te gûlen. 5Dat sadwaande neamden se dat plak Bokim. Doe offeren se dêre oan de Heare.
Israels ôffal
6Doe liet Jozua it folk gean en de Israeliten gongen allegearre nei har eigen erfdiel, om it lân yn besit te nimmen. 7Salang’t Jozua en de âldsten dy’t him oerlibben en dy’t de grutte dingen sjoen hienen, dy’t de Heare oan Israel dien hie, noch yn libben wienen, tsjinne it folk de Heare. 8Jozua, de soan fan Nûn, de tsjinstfeint fan de Heare, is stoarn, doe’t er hûnderttsien jier âld wie. 9Hja hawwe him begroeven yn it gebiet fan syn erfdiel te Timnat-Chêres yn it berchlân fan Efraim, noard fan ’e berch Gaäsj.
10Mar doe’t ek dat hiele geslacht mei syn foarfaars ferienige wie, kaam der nei har in oar geslacht op, dat gjin ûnderfining hie fan de Heare en neat wist fan ’e dingen dy’t Er foar Israel dien hie. 11Doe begûnen de Israeliten te dwaan wat de Heare ferkeard achte. Hja tsjinnen de Baäls, 12en kearden har fan de Heare, de God fan har foarfaars, ôf, dy’t har út Egypte helle hie. Hja rûnen achter frjemde goaden oan, guon goaden fan ’e folken om har hinne en se bûgden har dêrfoar del. Sa tergen se de Heare. 13Hja kearden har fan de Heare ôf en tsjinnen de Baäl en de Astartes. 14Dêrom waard de Heare tige lilk op Israel en joech har oer oan lju dy’t har plonderen en útrûpelen. Ek levere Hy har út oan ’e fijannen om har hinne, dat se koenen it dêr langer net mear tsjin hâlde. 15Wêr’t se ek mar hinnetrieken, de hân fan ’e Heare wie altyd ta har ûngelok tsjin har. Dêr hie de Heare har ek al mei in eed foar warskôge.
De Heare jout rjochters
Mar as se der dan tige min tasieten, 16makke de Heare, dat der rjochters kamen, dy’t har ferlosten út ’e macht fan ’e lju dy’t har plonderen. 17Lykwols ek nei har rjochters harken se net, want se huorken achter oare goaden oan en bûgden dêrfoar del. Hja binne al gau ôfwykt fan ’e libbenswize fan har foarfaars; dy harken wol nei de geboaden fan de Heare en dat hawwe hjà net dien. 18En as de Heare makke dat der rjochters foar har kamen, dan wie de Heare mei dy rjochter en ferloste har út ’e macht fan har fijannen, salang’t dy rjochter libbe. Want it begrutte de Heare, as hja ûnder har ferdrukkers en benearders suchten. 19Mar de rjochter wie noch net stoarn, of hja foelen wer tebek en bedoaren it noch slimmer as har foarfaars, troch oare goaden achternei te rinnen en har dêrfoar te bûgen. Hja woenen net brekke mei har praktiken, noch mei de libbenswize, dêr’t se yn behurde wienen.
20Doe waard de Heare tige lilk op Israel en Hy sei: Omdat dit naasje myn ferbûn, dat Ik har foarfaars oplein haw, skeind hat en omdat se net nei My harke hawwe, 21sil Ik tenei ek gjinien fan ’e folken dy’t Jozua by syn dea oerlitten hat, mear ferjeie. 22Dy sil Ik dan brûke om Israel te hifkjen, oft se yn har dwaan en litten har al of net hâlde sille oan ’e wei fan de Heare, lykas har foarfaars har dêr wol oan hâlden hawwe.
23De Heare hie dy folken oerbliuwe litten en har net daliks ferdreaun en sadwaande net oan Jozua oerlevere.