Jefta
1Jefta, de Gileädyt wie in moedich man, mar hy wie de soan fan in hoer en Gileäd wie syn heit. 2No hie Gileäd ek soannen by syn frou en doe’t de soannen fan dy frou grut wurden wienen, jagen se Jefta fuort. Hja seinen tsjin him: Do silst net yn ús heite famylje ervje, want do bist ien fan in oare frou. 3Dat Jefta naam de wyk foar syn bruorren en sette him nei wenjen yn it lân Tob. Los folk joech him by him en dy gongen mei him op-en-út.
Jefta wurdt roppen
4In skoft letter makken de Ammoniten oarloch mei Israel. 5En doe’t de Ammoniten de oarloch mei de Israeliten oangien wienen, gongen de âldsten fan Gileäd hinne en hellen Jefta út it lân Tob. 6Hja seinen tsjin Jefta: Kom, jo moatte ús oanfierder wêze. Dan sille wy de Ammoniten bestride. 7Mar Jefta sei tsjin de âldsten fan Gileäd: En jimme hienen noch wol in hekel oan my en hawwe my út ús heite hûs jage; hoe kinne jim dan no wer by my komme, no’t jim yn ’e lytse loege sitte? 8De âldsten fan Gileäd seinen tsjin Jefta: Ja, dat is wier. Mar dochs komme wy wer by jo. En as jo mei ús geane en de Ammoniten bestride, dan sille jo baas oer ús wêze, oer alle ynwenners fan Gileäd. 9Jefta sei tsjin ’e âldsten fan Gileäd: As jimme my weromhelje om mei de Ammoniten te fjochtsjen en as de Heare se oan my oerleveret, dan wurd ik baas oer jim? 10De âldsten fan Gileäd seinen tsjin Jefta: De Heare harket ta by ús petear, dat wy sille wier wol dwaan sa’t jo sizze. 11Doe gong Jefta mei de âldsten fan Gileäd en it folk stelde him oer har oan as oanfierder en lieder. Jefta neamde syn betingsten by de Heare te Mispa.
Ûnderhannelings mei Ammon
12Jefta stjoerde dêrop boaden nei de kening fan ’e Ammoniten mei it boadskip: Wat sit der einliks tusken ús, dat jo kommen binne om yn myn eigen lân tsjin my te fjochtsjen? 13De kening fan ’e Ammoniten sei tsjin ’e boaden fan Jefta: Israel hat myn lân, fan ’e Arnon ôf oan ’e Jabbok en de Jordaan ta, ôfpakt, doe’t it út Egypte kaam. Welno, jou it my yn goedens werom. 14Mar Jefta hâlde oan en stjoerde nochris boaden nei de kening fan ’e Ammoniten. 15Hy liet sizze: Jefta seit: Israel hat it lân fan Moäb en fan ’e Ammoniten net ôfpakt. 16Doe’t se út Egypte trieken, is Israel troch de woestyn nei de Reidsee ta gien en te Kadesj oankommen. 17Doe hat Israel boaden nei de kening fan Edom stjoerd mei it fersyk: Lit my dochs troch jo lân gean. Mar de kening fan Edom hie der gjin earen nei. Ek hat Israel guon nei de kening fan Moäb stjoerd, mar dy woe it ek net lije. Sa bleau Israel te Kadesj.
18Doe is Israel troch de woestyn om it lân fan Edom en fan Moäb hinne gien en hja kamen east fan Moäb út en hawwe har kamp oan ’e oare kant de Arnon opslein. Hja binne net yn it gebiet fan Moäb kommen, want de Arnon wie de grins fan Moäb. 19Dêrop hat Israel boaden nei Sichon, de kening fan ’e Amoriten stjoerd, de kening fan Chesbon. Israel sei tsjin him: Lit ús dochs troch jo lân gean, oant wy te plak binne. 20Mar Sichon fertroude it net dat Israel troch syn gebiet gean soe. Dat Sichon helle syn hiele folk byinoar en hja sloegen har kamp op te Jasa. Sa stried er mei Israel. 21De Heare, de God fan Israel, levere Sichon en syn hiele folk doe oan Israel oer. Hja fersloegen har en Israel naam al it lân fan ’e Amoriten dy’t dêr wennen, yn besit. 22Sa hat Israel it hiele gebiet fan ’e Amoriten yn besit nommen, fan ’e Arnon oan ’e Jabbok en fan ’e woestyn oan ’e Jordaan ta.
23No dan: de Heare, de God fan Israel, hat de Amoriten foar syn folk Israel ferdreaun en no soenen jo it wer yn besit nimme wolle? 24Jo nimme dochs ek wat jimme god Kamosj jim yn besit jout? Sa nimme wy yn besit alles dêr’t de Heare ús God it folk foar ús út ferdreaun hat.
25– No dan, binne jo safolle better as Balak, soan fan Sippor, de kening fan Moäb? Dy hat dochs ek alhiel gjin rûzje mei Israel hân? Dy hat dochs ek hielendal net mei har yn oarloch west? 26En no hat Israel al trijehûndert jier yn Chesbon mei de plakken dy’t dêrby hearre, wenne en ek yn Aroër en de plakken dy’t dêrby hearre en yn alle stêden dy’t oan ’e Arnon lizze: wêrom hawwe jimme dy yntusken dan net frijmakke? 27Ik haw jo neat misdien, mar jo binne dwaande my kwea te dwaan troch tsjin my te oarlogjen. Lit de Heare no mar rjochtsprekke tusken de Israeliten en de Ammoniten.
28De kening fan ’e Ammoniten harke lykwols net nei it boadskip dat Jefta him stjoerd hie. 29Doe kaam de Geast fan de Heare oer Jefta en hy reizge Gileäd en Manasse troch en gong nei Mispa yn Gileäd. Ut Mispa yn Gileäd wei foel er de Ammoniten oan.
Jefta’s ûnthjit
30No hie Jefta de Heare in gelofte dien. Hy sei: As Jo wier de Ammoniten oan my oerleverje, 31dan sil ik, as ik feilich weromkom by de Ammoniten wei, oan de Heare as brânoffer bringe, wa’t my út ’e doar fan myn hûs yn ’e mjitte komt. 32Doe sette Jefta op ’e Ammoniten ta om mei har te striden en de Heare joech har oan him oer. 33Hy fersloech har fan Aroër ôf alhiel oan Minnit ta – tweintich stêden – en oan Abel Keramin ta; it waard in tige grutte slachting. Sadwaande woenen de Ammoniten tenei wol yn goedens mei de Israeliten.
Jefta’s dochter
34Doe’t Jefta wer te Mispa by syn hûs oankaam, sjedêr: doe kaam syn dochter him yn ’e mjitte mei fammen dy’t op ’e tromme sloegen en yn raaien dûnsen. Hja wie mar allinne: bûten har hied er soan noch dochter. 35Sadree’t er har seach, skuorde er him de klean stikken en sei: O wee, fanke, do makkest my djip ûngelokkich. Datsto my sa’n fertriet oandwaan moatst. Ik haw de Heare myn wurd jûn en dêr kin ik net foarwei. 36Hja sei tsjin him: Heit hat syn wurd oan de Heare jûn. No’t de Heare heit folsleine wraak jûn hat oer syn fijannen, moat heit dwaan, sa’t er it ienkear sein hat. 37Wol sei se tsjin har heit: Dit iene woe ik noch. Lit my noch twa moanne gewurde, om de bergen yngean te kinnen. Lit my dan mei myn kammeraatskes skrieme, omdat ik faam bleaun bin. 38Hy sei: Gean mar, en liet har twa moanne gean. Sa gong se mei har kammeraatskes fuort en skriemde yn ’e bergen deroer, dat se faam bleaun wie. 39Oan ’e ein fan dy twa moanne kaam se wer werom by har heit en dy kaam oan har de gelofte nei, dy’t er dien hie. Hja hat gjin mienskip mei in man hân. En it waard wenst yn Israel, 40dat de fammen fan Israel elk jier fjouwer dagen lang skriemden oer de dochter fan Jefta, de Gileädyt.