Jakobus 5
Warskôging oan ’e riken
1Harkje ris, rikelju: begjin mar lûd te gûlen om ’e rampen dy’t oer jimme komme sille. 2Jimme rykdom is ferrotte, jim moaie klean binne fan ’e motten tefretten. 3Jimme goud en sulver is ferroaste. Dy roast sil in oanklacht tsjin jimme wêze en jimme fertarre as fjoer. Skatten hawwe jimme gearfandele en dat wylst wy yn ’e lêste dagen binne. 4Hark: it lean dat jimme de arbeiders ûntkeard hawwe dy’t jimme fjilden sichte ha, ropt út jimme bûse en it geskreau fan ’e minsken dy’t jimme fruchten ynhelle hawwe, is de Heare Sébaot net ûntkommen. 5Jimme hawwe op ierde derfan smard en tard, jim hawwe jimsels fetweide foar de dei fan it slachtsjen. 6Jim hawwe de ûnskuldige feroardiele en fermoarde en der is gjin ferwar tsjin jimme.
Geduld en gebed
7Haw dan geduld, myn bruorren, oant de Hear fanwegen komt. Sjoch hoe’t de boer geduldich wachtet op ’e kostlike frucht fan syn lân oant de hjerst- en maitydsrein derop fallen binne. 8Jimme moatte ek geduld dwaan; fermanje jimme, de komst fan ’e Heare is nei-oan. 9Klei net oer elkoar, bruorren, oars sil it oardiel oer jimme komme; sjoch, de Rjochter stiet al foar de doar. 10Nim, bruorren, in foarbyld oan ’e profeten, dy’t yn ’e namme fan de Hear sprutsen hawwe: Se dienen geduld as se kwea te fernearen hienen. 11Sjoch, wy priizje har lokkich dy’t geduldich úthâlden hawwe. Jimme hawwe heard fan Jobs úthâlden en jimme witte hoe’t de Hear it oan ’e ein mei him makke hat. Dêr blykt út, dat de Hear fol barmhertigens en meilijen is.
12Foaral, myn bruorren, doch gjin eed, net by de himel, net by de ierde en net by wat oars. Jimme ja moat ienfâldichwei ja wêze en jimme nee nee, dat Gods oardiel net oer jimme komt.
13Is ien fan jimme der min oan ta? Lit him bidde. Hat ien in fleurich sin? Lit him in lofliet sjonge. 14Is ien fan jimme siik? Dan moat er de âldsten fan ’e gemeente derby roppe om foar him te bidden en him dêrby mei oalje te salvjen yn ’e namme fan de Hear. 15En it gebed dat út it leauwen dien wurdt, sil de sike rêde en de Hear sil him wer fan ’t bêd ôfkomme litte. Sels as er sûnden dien hat, sille dy him ferjûn wurde. 16Beliid dan elkoar jimme sûnden en bid foar elkoar, dat jimme better wurde meie. It gebed fan in rjochtfeardige, mei ynmoed dien, hat gâns macht om’t it leauwen der krêft oan jout. 17Elía wie ek mar in minske lykas wy. Hy bidde ynmoedich dat it net reine soe, en der foel gjin rein op it lân, trije en in heal jier lang. 18En wêr bidde er en de himel joech rein en it lân joech syn frucht. 19Myn bruorren, as ien yn jimme fermidden fan ’e wierheid ôfdwaald is en in oarenien bringt him wer op it goede paad, 20wit dan: Wa’t in sûnder fan it ferkearde paad werombringt, dy rêdt in minskelibben fan ’e dea en sljochtet wit-hoefolle sûnden oer.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap