Jakobus 4
Freonskip mei de wrâld
1Wêr komme dy fjochterijen en wêr komme dy rûzjes by jimme fan? Komme dy net út jimme hertstochten wei, dy’t altiten yn jimme oan it oarlogjen binne? 2Jimme begeare wat en krije it net; dêr kinne jimme wol ien om fermoardzje; jimme binne oergeunstich, mar kinne net krije wat jimme hawwe wolle, dêrom fjochtsje en oarlogje jimme. Jimme hawwe neat, want jimme bidde der net om. 3Of jimme bidde al, mar krije it net, om’t jimme ferkeard bidde: mei it doel jimme lusten te befredigjen. 4Troubrekkers, witte jimme net dat de freonskip mei de wrâld oars net is as fijânskip tsjin God? Elk dy’t in freon fan ’e wrâld wêze wol, wurdt dêr in fijân fan God mei. 5Of miene jimme faaks dat der foar de aardichheid yn ’e Skrift stiet: De Geast dy’t Er yn ús wenje litten hat, wol Er hielendal foar Himsels hawwe? 6Mar grutter is de genede dy’t Er ús jout. Want de Skrift seit:
God stiet tsjin ’e heechmoedigen,
mar oan ’e needrigen jout Er genede.
7Jou jim dêrom del ûnder God. Ferset jim tsjin ’e duvel, dan sil er jim gewurde litte.
8Kom tichter by God, dan sil Hy tichter by jimme komme. Waskje de hannen, sûnders. Suverje de herten, twivelriedigen. 9Besef jimme ellinde, treurje en skriem. Lit jimme laitsjen feroarje yn treurjen en jimme blydskip yn fertriet. 10Wurd lytsman foar de Hear, dan sil Hy jimme grut meitsje.
Oardieljen oer in broer
11Meitsje elkoar net min, bruorren. Dy’t syn broer min makket of rjochter oer him spilet, dy makket winliken de wet min en spilet dêr rjochter oer. Asto no rjochter oer de wet spilest, dan dochst der net neffens, mar stelst dy derboppe. 12Der is mar Ien dy’t de wet jout en tagelyk Rjochter is: Hy dy’t frijsprekke en feroardielje kin. Mar wa miensto, datst biste om oer dyn neiste rjochter te spyljen?
Warskôging tsjin grutsprekken
13Hark ris, jimme dy’t sizze: hjoed of moarn sille wy nei dy-en-dy stêd tagean, dêr in jier tahâlde, hannel driuwe en winst meitsje. 14Jimme witte net ienris hoe’t it der moarn mei jim libben foarstiet. Want jimme binne as in damp dy’t efkes ferskynt en dan wer ferdwynt. 15Wylst jimme sizze moasten: As de Hear it wol, sille wy libje en dit of dat dwaan. 16Mar no sprekke jimme ek noch op fan jimme grutske plannen. Al sok opsprekken is ferkeard. 17Wa’t dan wit hoe’t er it goede dwaan moat, en it lykwols net docht, dy docht sûnde.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap