Befoarrjochtsje de riken net
1Myn bruorren, jimme leauwe no yn ús Hear Jezus Kristus, dy’t ferhearlike is; mar gean dan net tagelyk op it uterlik fan ’e minsken ôf. 2Stel: jimme binne byinoar en der komt in man yn mei in gouden ring oan ’e finger en kreas yn ’e klean en der komt ek in earm man yn, suterich yn ’e klean. 3As jimme dan heech opsjogge by de man yn ’e kreaze klean en sizze: Jo kinne hjir wol sitte, dit is in moai plakje, en tsjin ’e earme sizze: Bliuw dêr mar stean, of: Gean dêr mar op ’e grûn sitten, by myn fuotbank, 4twivelje jimme dan net by jimsels? Oardielje jimme dan net op ferkearde grûnen?
5Hark ris, leave bruorren: Hat God har dy’t earm binne oan ierdsk guod, net útkeazen om ryk te wêzen yn it leauwen en om it keninkryk te krijen, dat God tasein hat oan dy’t Him leafhawwe? 6Mar jimme hawwe de earme leechlein. Binne it oars net krekt de rikelju dy’t jim dêrûnder hâlde wolle en foar it rjocht slepe? 7Binne sy it net krekt dy’t de goede namme lasterje dêr’t jimme nei neamd binne? 8As jimme wierliken libje neffens de keninklike wet, sa’t de Skrift seit: Haw dyn neiste leaf sast dysels leafhast, dan dogge jimme goed. 9Mar as jimme op it uterlik fan ’e minsken ôfgeane, dan dogge jimme sûnde, om’t de wet it bewiis leveret dat jimme skuldich binne.
10Wa’t de hiele wet neikomt, mar op ien punt oer de skreef giet, dy stiet dochs skuldich yn alles. 11Want deselde God dy’t sein hat: Do silst net troubrekke, dy hat ek sein: Do silst net deaslaan. Asto no net troubrekst mar al deaslachst, dan bisto dochs tsjin ’e wet yngien. 12Sprek en doch as minsken dy’t nei de wet dy’t frij makket, oardiele wurde sille. 13Want ûnbarmhertich komt it oardiel oer him dy’t net barmhertich west hat; mar dêr stiet foar oer: barmhertigens is it oardiel wol treast.
Leauwen en dieden
14Myn bruorren, wat jout it in minske dat er seit: ik haw leauwen, as er der net neffens docht? Sa’n leauwen kin him dochs net behâlde? 15Stel dat in broer of suster neat hat om oan te lûken en mei de honger yn ’e hals omrint, 16en ien fan jimme soe tsjin har sizze: It allerbêste dermei, soargje dat jim waarm wurde en sêd krije! Wat soenen se dêr oan hawwe, as jimme harren har gerak net joegen? 17Sa is ek it leauwen, as it sûnder dieden bliuwt, op himsels in dea ding. 18Mar, sil ien sizze: De iene hat leauwen en de oare hat dieden om sjen te litten. Dan sis ik: Lit my dat leauwen sûnder dieden ris sjen en ik sil troch myn dieden myn leauwen sjen litte. 19Do leaust dat der ien God bestiet? Mar dat leauwe de duvels ek en se trilje fan benaudens.
20Dwaas datsto biste, moat dy dúdlik makke wurde, dat it leauwen sûnder de dieden neat docht? 21Is ús foarfaar Abraham net rjochtfeardich befûn troch God fanwegen syn dieden, om’t er syn soan Izaäk op it alter offere hat? 22Do sjochst dus: syn leauwen en syn dieden arbeiden mei-inoar op en yn syn dieden kaam ta utering, dat hy folslein betroude. 23Sa is it Skriftwurd neikommen dat seit: Abraham leaude yn God en dêrom rekkene God him rjochtfeardich. En God neamde him: Myn freon. 24Jimme sjogge dus dat in minske rjochtfeardich ferklearre wurdt fanwegen syn dieden en net allinnich fanwegen syn leauwen.
25Krektsa wie it mei Rachab de hoer. Waard se net rjochtfeardich ferklearre fanwegen wat se die, doe’t se de boaden yn ’e hûs helle en in oare wei lâns wer fuortgean liet? 26Want sa as it lichem dat net sykhellet, dea is, sa is ek it leauwen sûnder dieden dea.