Skriuwer, lêzers, groetenis
1Fan Jakobus, in tsjinstfeint fan God en fan de Hear Jezus Kristus. De groetenis oan ’e tolve stammen, ferstruid oer de wrâld.
Leauwen en wysheid
2Myn bruorren, wês der allinne mar bliid mei wannear’t jimme op allerhanne wize hifke wurde. 3Jimme witte ommers, dat as jimme leauwen dat hifkjen treast is, dêr stânfêstens út fuortkomt. 4En dy stânfêstens moat ta syn folsleinens komme, dat jimme folsleine kristenen sûnder lek of brek wêze meie, dy’t yn neat te koart sjitte.
5As ien fan jimme yn wysheid te koart sjit, dan moat er God dêr om freegje en hy sil dy krije. Want God jout oan alle minsken, sa mar en sûnder ferwyt. 6Mar hy moat it wol mei betrouwen freegje, sûnder yn it minst te twiveljen. Want wa’t twivelet dy liket op in baar fan ’e see, dy’t troch de wyn hinne en wer dreaun wurdt. 7Sa’n ien moat net miene dat er wat fan de Hear krije sil, 8twivelriedich dat er is, hinne-en-wer yn al syn dwaan en litten.
Earmoed en rykdom
9Lit de earme kristen mar sprekke fan syn hege steat, 10mar de rike fan syn earmoedigens. Want in ryk man sil fergean as in blomke yn ’e finne. 11De sinne komt op mei syn gleonens en ferskroeit it gers: de blom falt ôf en al syn pracht bliuwt neat fan oer. Sa fergiet it de rike ek; hy is drok dwaande en wurdt samar wei.
Wêr’t it gefaar fan sûnde weikomt
12Lokkich is de man dy’t hoek hâldt, as er yn gefaar fan sûnde komt. Want as er trou blykt te wêzen, dan krijt er it libben, as de earekrânse dy’t God tasein hat oan dy’t Him leafhawwe.
13Lit ien as er yn gefaar fan sûnde komt, net sizze: dat is de skuld fan God. Want God kin net troch it kweade ferlaat wurde en sels bringt Er net ien yn gefaar fan sûnde. 14Nee, as ien yn gefaar fan sûnde rekket, dan komt dat altiten mei’t syn eigen begearten him meislepe en lokje. 15As it dan mei de begearte safier hinne is, bringt dy de sûnde te wrâld en as de sûnde folwoeksen wurden is, bringt dy wer de dea.
16Doarmje net langer om, leave bruorren: 17Al it goede dat ús jûn wurdt en al it folsleine dat wy krije, komt fan boppen, fan ’e Heit fan ’e himelljochten. Hy is in God dy’t net feroaret en net fertsjusteret troch in oare stân fan ’e stjerren. 18Ut frije wil hat Er ús it libben jûn troch de ferkundiging fan ’e wierheid, dat wy earstlingen wêze soenen ûnder syn skepsels.
It wurd hearre en der neffens dwaan
19Hark ris, leave bruorren: Lit elkenien gau ree wêze om te harkjen, mar net hastich om te praten en ek net daliks lilk wurde. 20Want as in minske lilk wurdt, bringt er net ta stân, wat God rjochtfeardich achtet. 21Smyt dêrom alle smoargens fan jimme ôf en it kwea dat der by de rûs is en nim yn sêftmoedigens it Wurd (fan God) oan, dat yn jimme plante is: want dat hat it fermogen en behâld jimme.
22Wês dan minsken dy’t der nei dogge en der net allinne nei hearre, oars hawwe jimme jimsels te fiter. 23Want as ien al nei it Wurd heart, mar der net nei docht, dy is krekt as in man dy’t syn (eigen) gesicht sa’t er it meikrige hat, yn ’e spegel besjocht. 24Hy besjocht himsels wol efkes, mar as er fuortgiet is it him fuortynienen fergetten hoe’t er der útseach. 25Dy’t him lykwols ferdjippet yn de folsleine wet dy’t him frij makket en dêr by bliuwt, dy sil lokkich wêze by wat er docht. Want hy heart net nei it Wurd om it fuort wer te ferjitten, mar hy docht der ek neffens.
26As ien tinkt dat er godstsjinstich is, wylst er syn tonge net yn betwang hâldt, mar himsels ferrifelet, dy syn godstsjinstichheid is in spul-fan-neat. 27Suvere godstsjinst sûnder wryt of slyt yn it each fan ús God en Heit is: wezen en widdowen yn har swierrichheden opsykje en jinsels net besmodzje litte troch de wrâld.