In namme as in ûnheilsprofesij
1De Heare sei tsjin my: Nim in grut skriuwboerd en skriuw dêrop mei in ûnheilsstift: Hastige roof, rappe bút. 2Doe naam ik der as betroubere getugen by: pryster Oeria en Sekarja, soan fan Jeberekja. 3Nei’t ik mienskip mei de profetes hân hie, rekke dy yn ferwachting en se krige in soan. Doe sei de Heare tsjin my: Neam him: Hastige roof, rappe bút, 4want ear’t dit jonkje heit of mem sizze kin, sille se de rykdom fan Damaskus en it roofguod fan Samaria fuorttôgje en foar de kening fan Assyrië delsette.
Siloäch of Eufraat?
5Wer naam de Heare it wurd en sei tsjin my:
6Om’t dit folk neat witte wol fan it wetter fan Siloäch,
dat sa fredich en sêft derhinne sljurket, [mei Resin en de soan fan Remalja]
7dêrom lit de Hear oer harren hinne spiele
it machtige en geweldige wetter fan ’e rivier,
[– de kening fan Assyrië mei syn hiele macht –]
dy’t oeral bûten syn beddings giet
en oer alle wâlen hinne spielt;
8de floed brûzet Juda yn,
dat it der oan ’e hals ta ûnderstrûpt;
sa wiid slacht er de wjukken út,
dat dyn hiele lân komt blank te stean, Immanûël!
It plan fan ’e folken
9Span mar gear, folken, jim reitsje likegoed ferslein,
harkje mar skerp, ek yn ’e fierste kontreien fan ’e ierde!
Ris jim mar út, jim wurde likegoed ferslein!
Ris jim mar út, jim wurde likegoed ferslein!
10Meitsje mar moaie plannen, der komt dochs neat fan,
sprek mar wakker op, it wurdt allegear neat,
want God is mei ús.
In profeet is iensum
11Dit hat de Heare tsjin my sein, doe’t Hy de hân op my lei en my derfan tebekhâlde om deselde wei te gean as dit folk:
12Neam net steatsgefaarlik
alles wat dit folk steatsgefaarlik neamt,
en wêr’t sij bang foar binne, hoege jimme net bang foar te wêzen
of kjel fan te wurden.
13De Heare Almachtich, foar Him
moatte jim in hillich ûntsach hawwe,
foar Him moatte jim huverje en djippe earbied hawwe.
14Hy sil it swiere stik wurde,
de stien dêr’t se har oan stjitte
en it rotsblok dêr’t se oer stroffelje,
de beide folken fan Israel,
it flapnet en de fâle foar it folk fan Jeruzalem.
15Mannichien sil dêr oer stroffelje,
delfalle en de lea brekke,
yn ’e strûp reitsje en fongen wurde.
16Ik lis dit boadskip fêst,
fersegelje dizze iepenbiering yn myn learlingen
17en sjoch út nei de Heare
dy’t syn antlit foar it folk fan Jakob ferburgen hâldt;
ja, ik sjoch nei Him út.
18Wy, ik en de bern dy’t de Heare my jûn hat,
wy binne tekens en warskôgings yn Israel
fanwegen de Heare Almachtich,
dy’t op ’e Sionsberch syn wenning hat.
Geasten jouwe gjin ljocht
19Se sille tsjin jim sizze: ‘Freegje om in útspraak fan de geasten fan ’e ferstoarnen en de wiersizzers dy’t flústerje en preuvelje. In folk mei syn goaden dochs wol om in útspraak freegje en de deaden rieplachtsje yn ’t belang fan ’e libbenen, 20om oanwizing en iepenbiering?’ Dat sille se sizze, sûnder mis, de lju dêr’t dochs gjin heil foar daget.
21Se sille it lân trochswalkje, beneare en hongerich,
en as se breinroer wurde fan ’e honger,
sille se har kening en har God ferflokke.
Oft se nei boppen sjogge
of de eagen nei de grûn slagge,
22oeral is it benearing en tsjusternis,
besletten as se binne yn neare nacht;
23want der is gjin ûntkommen oan
foar wa’t ienkear yn it near sitte.
It grutte ljocht
Sa’t in eardere tiid it lân Sebûlon en Naftaly yn ’e ferachting brocht hat, sa bringt de kommende tiid eare oer de seewei, de Jordaanstripe en de krite fan ’e heidenfolken.