Straf en genede Gods antwurd?
1Troch lju dy’t net nei My fregen,
haw Ik My sykje litten;
Ik wie te finen foar guon dy’t net om My sochten.
Tsjin in folk dat myn namme net oanrôp,
haw Ik sein: Sjoch, hjir bin Ik.
2Aloan wer haw Ik de hannen útstutsen
nei in oerhearrich folk,
minsken dy’t it ferkearde paad opgongen
en dienen, wat se sels yn ’e holle hienen;
3in folk dat My oanienwei terget iepen en bleat foar myn eagen:
se offerje yn ’e hôven,
bringe rûkoffers op bakstiennen.
4Se húsmanje yn ’e grêven
en sitte hiele nachten yn tsjustere hoalen.
Se ite fan ’e baarch
en hawwe de pannen fol mei ûnhuerichheid.
5‘Bliuw by my wei,’ roppe se,
‘reitsje my net oan, want ik bin te hillich foar dy!’
Sokken bringe My de reek yn ’e noas fan it fjoer dat altyd troch baarnt.
6Tink derom: it stiet by My te boek
en Ik hâld net op,
ear’t Ik finaal mei har ôfrekkene haw!
7Jimme ûngerjochtichheden, seit de Heare,
jimme eigen en dy fan jim foarâlden –
dy’t rûkoffers brochten op ’e bergen
en My misledigen op ’e hichten –
dêr sil Ik har it lean foar taparte,
ja finaal mei har ôfrekkenje.
8Dit hat de Heare te sizzen:
Wannear’t der noch sop yn in druvetros sit
seit men: ‘Fergriem him net, hy is te goed om wei.’
Dêr sil Ik My oan hâlde, wat myn tsjinners oangiet,
Ik sil se net allegear fergrieme.
9Ik sil út Jakob in neiteam fuortkomme litte
en út Juda in erfgenamt foar myn bergen;
myn útkarden sille dy be-ervje
en myn tsjinners sille dêr wenje.
10De Sjaronflakte wurdt skieppeweide
en de Achordelling kofinne.
Sa komt it foar myn folk, dat om My siket.
11Mar jimme dy’t de Heare de rêch takeard hawwe
en myn hillige berch ferjitte,
dy’t in tafel reesette foar de god fan it goed-gelok
en krûdewyn ynskinke foar de goadinne fan it needlot,
12jim allegearre leverje Ik oer oan it swurd,
jimme sille de nekke bûge moatte om ôfslachte te wurden.
Want doe’t Ik rôp, joegen jim gjin antwurd,
doe’t Ik spriek, woenen jimme net harkje;
nee, jim dienen wat by My kwea is,
en hienen nocht oan wat My net oanstie.
De grutte spjalt
13Dêrom hat God de Heare dit te sizzen:
Tink hjir mar om: Myn tsjinners sille te iten krije,
mar jim sille honger hawwe;
myn tsjinners sille te drinken krije,
mar jim moatte toarst lije;
myn tsjinners sille bliid wêze,
mar jim sille beskamme stean;
14myn tsjinners sille it útjubelje fan inerlike wille,
mar jim sille it útskreauwe fan hertsear
en gûle fan wanhoop.
15Myn útkarden sille jim namme allinne noch brûke by de ferflokking:
‘Mei de Heare God dy de dea oandwaan!’
mar syn tsjinners sil Hy in nije namme jaan.
16Wa’t op ierde himsels segen tawinsket,
sil dat dwaan by de God dy’t trou is,
en wa’t op ierde in eed docht,
dy sil dat dwaan by de God dy’t trou is.
Want de neden út earder tiid sille fergetten wêze,
Ik sjoch se net mear.
De herskepping
17Want sjoch, Ik skep in nije himel
en in nije ierde;
wat west hat, sil net mear oan tocht wurde,
dat komt by gjin mins mear op.
18Ja, jubelje en wês ivige bliid mei wat Ik skep,
want Ik skep Jeruzalem as heechste nocht
en it folk fan Jeruzalem as heechste blydskip.
19Ja, Jeruzalem sil myn nocht wêze
en myn folk myn blydskip;
it lûd fan skriemen en kriten
sil dêr noait mear heard wurde.
20Dêr sil it net mear bestean, dat in bern mar in deimannich âld wurdt,
of dat in âld man syn dagen net fol makket.
Wa’t mei hûndert jier stjert, dy is net âld wurden
en wa’t de hûndert net hellet, dêr moat wol in flok op lizze.
21As se huzen bouwe, sille se der ek yn wenje,
as se wyngerds oanlizze, sille se de frucht der ek fan ite.
22Hja sille net bouwe om oaren deryn wenje te litten,
net plantsje om it oaren opite te litten.
Want de libbensdagen fan myn folk sille likefolle wêze as dy fan in beam
en myn útkarden sille it genot hawwe fan har wurk.
23Se sille net mear om ’e nocht yn ’e skrep wêze
en gjin bern mear krije om se ier te ferliezen.
Want sij binne de neiteam dy’t de Heare segene hat,
sijsels en har neigeslacht.
24It sil sa komme: ear’t se roppe, jou Ik al antwurd;
wylst se noch oan it wurd binne, ferhear Ik it al.
25De wolf en it laam sille tegearre weidzje,
de liuw sil strie frette as in kobist,
mar de slange syn iten sil stof wêze.
Op myn hiele hillige berch sil gjin kwea dien wurde of ek mar wat fernield, seit de Heare.