De Heare as druvetraper
1Wa komt dêr oan, sa fel yn it read,
mei klean reader as fan in druveplôker,
mei sa’n prachtige mantel oan,
en de spieren spand fol grutte krêft?
Dat bin Ik, dy’t it rjocht jilde lit,
Ik, dy’t de macht haw om te ferlossen.
2Wêrom sit der sa’n read op jo mantel
en binne jo klean as dy fan in druvetraper?
3Ik haw yn ’e wynparse allinne traapje moatten,
gjinien, fan wat folk ek, wie mei My.
Yn myn grime haw Ik se fyn trape,
ferwâde yn myn grammoedigens.
It sop spatte op myn klean,
dat myn mantel kaam hielendal ûnder de plakken.
4Want Ik wie fan doel in dei fan wrake te hâlden:
it jier wie kommen, dat Ik myn folk loskeapje soe.
5Ik seach om My hinne, mar der wie gjinien om My te helpen,
Ik besaude My dat gjinien My bystean woe.
Doe haw Ik My der sels mei rêden
en hat myn grammoedigens My bystien.
6Yn myn grime haw Ik de folken fynstampt,
har tegruzele yn myn grammoedichheid:
Ik haw har bloed oer de ierde rinne litten.
Gebed fan ien dy’t boete docht
7Ik wol de geunstbewizen fan de Heare yn oantinken bringe,
syn grutte dieden loovje:
alles wat de Heare foar ús dien hat,
en syn grutte goedens foar it folk fan Israel,
ja, alles wat Er yn syn barmhertigens foar ús dien hat,
troch de macht fan syn geunstbewizen.
8Hy sei: Hja binne myn folk ommers,
bern dy’t net falsk wêze sille.
En Hy waard har Ferlosser, hoe slim se der ek ta sieten.
9Gjin boade of ingel,
nee, sels hat Er har ferlost;
om’t Er har leaf hie en sparje woe,
hat Er harren frijkocht,
har optild en har droegen al de dagen by âlds.
10Mar hja hawwe it tsjin Him yn ’e kant set
en syn hillige Geast fertriet dien.
Doe is Er har fijân wurden,
en hat Er it tsjin har opnommen, Hysels.
11Doe tochten se wer oan ’e dagen fan alear,
oan Him dy’t syn folk út it leech fierde.
Wêr is Hy, dy’t harren út ’e see helle
mei de hoeder fan syn keppel?
Wêr is Hy, dy’t Mozes Syn hillige Geast ynjoech,
12dy’t de macht fan Syn earm meijoech oan Mozes syn rjochterhân,
dy’t foar har út it wide wetter spjalte
en sadwaande Himsels in ivige namme makke?
13Hy liet har troch de djipten gean
sa wis as in hynder troch de steppe.
14Se stroffelen likemin as fee dat de delling yngiet,
want de Geast fan de Heare brocht har ta rêst;
sa hawwe Jo jo folk de wei wiisd
en dêr Josels in hearlike namme mei makke.
15Sjoch út ’e himel del en skôgje
út jo hillige en hearlike went:
Wêr is jo neigeande leafde en jo macht,
de leafde dy’t yn Jo baarnt?
16Bliuw der dochs net kâld ûnder,
Jo binne ús Heit ommers.
Al ken Abraham ús net
en sjocht Israel net nei ús om,
Jo, Heare, binne ús Heit, ús Ferlosser;
dat is jo namme fan âlde tiden ôf.
17Wêrom, Heare, litte Jo ús fan jo wegen ôfdwale
en hawwe Jo ús hert sa behurde,
dat wy gjin ûntsach mear foar Jo hawwe?
Kom werom, en help jo tsjinners,
de stammen dy’t jo erfdiel binne!
18Wêrom hawwe goddeleazen jo hillichdom ferwâde
en hawwe ús tsjinstanners jo hillichdom fertrape?
19Al wit-hoe-lang is it krekt as foelen wy bûten jo bewâld
en wienen wy noait jowes neamd!
Wêrom meitsje Jo net in skuor yn ’e himel en kom del,
dat de bergen begjinne te skodzjen by jo ferskinen,