It heil fan Sion
1It giet om Sion en dêrom hâld ik my net stil,
it giet om Jeruzalem, en dêrom kin ik net ophâlde,
foar’t syn rjocht sa klear as de dei is
en syn heil ljochtet as in baarnende fakkel;
2foar’t de folken sjogge, datsto oan dyn rjocht komst
en alle keningen dyn gloarje gewaar wurde.
Dan krijsto in nije namme
dy’t de Heare sels neame sil.
3Do wurdst in fûnkeljende kroan yn de Heare syn hân,
in keninklike tulbân yn ’e hân fan dyn God.
4Do silst net mear ferlittene neamd wurde
en dyn lân net mear wyldernis.
Nee, myn wille silst neamd wurde
en dyn lân: de breid;
want do bist de Heare syn wille
en dyn lân is syn breid.
5Want sa’t in feint mei in faam trout,
sa sil dyn Boumaster mei dij trouwe,
en sa’t in breugeman wiis is mei syn breid,
sa sil dyn God wiis mei dij wêze.
6Op dyn muorren, Jeruzalem,
haw Ik wachters delset;
by nacht noch by dei sil der ek mar in momint wêze,
dat se har net hearre litte.
7Jimme dy’t de Heare al mar oanroppe,
gun jimsels gjin rêst,
en lit Him likemin mei rêst,
oant Er Jeruzalem wer oerein helpt,
en makket, dat de hiele ierde de lof fan Jeruzalem sjongt.
8De Heare hat sward by syn rjochterhân
en by syn machtige earm:
Noait wer sil Ik fijannen dyn nôt te iten jaan;
noait wer sille frjemden it druvesop drinke,
dêrsto swier foar bodde hast.
9Nee, dy’t de risping ynhelje, sille der sels fan ite
en de namme fan de Heare loovje;
en dy’t druven plôke hawwe, sille der ek fan drinke
yn myn hillige foarhôven.
10Gean de poarten troch! Gean de poarten troch!
Sljochtsje in wei foar it folk,
lis in rojale wei oan,
romje de stiennen op
en jou de folken in sein!
11Dit hat de Heare útroppe litten
oan ’e úteinen fan ’e ierde ta:
Sis tsjin dochter Sion:
Sjoch, dyn Helper komt;
it lean dat Er útbetellet, hat Er by Him,
de beleanning dy’t Er jout, giet foar Him út.
12Se sille in hillich folk neamd wurde,
minsken dy’t de Heare loskocht hat;
se sille dy neame: de jongfaam dy’t gâns oansyk kriget,
de stêd dy’t net ferstjitten wurdt.