De Heare is trou
1Harkje nei My, jimme dy’t begien binne op gerjochtichheid
en dy’t de Heare sykje,
sjoch nei de rots dêr’t jimme út houd binne
en nei de stiengraverij dêr’t jimme út groeven binne.
2Sjoch nei Abraham, jimme heit,
en nei Sara, dy’t jim te wrâld brocht hat.
Doe’t Ik him rôp, wied er noch mar allinne,
mar Ik haw him segene en yn tal oanwinne litten.
3Ja, de Heare wol Sion treaste,
treast jaan, no’t it alles yn pún leit.
Har oerkommen stee makket Er in Eden fan,
har ûnlân ta in hôf fan de Heare.
Der sil wer freugde en blydskip te finen wêze,
en mei sang en klang lof brocht wurde.
4Harkje nei My, myn folk
hear goed nei My, folk fan myn lân,
want fan My giet de wet út
en myn rjocht blinkt as in ljocht oer de folken.
5Myn gerjochtichheid is nei-oan,
myn heil op kommende wei,
myn earm sil de folken stjoere,
de lannen oan ’e seekant sjogge nei My út,
se wachtsje op myn beskerming.
6Slach de eagen nei de himel op,
sjoch nei de ierde dêrûnder,
want de himel sil weiwurde as reek,
de ierde as in stik klean ferslite
en dy’t derop wenje, sille stjerre as langpoaten,
mar myn heil duorret ivich
en myn gerjochtichheid sil net fergean.
7Harkje nei My, jimme dy’t witte
wat gerjochtichheid is,
folk dat myn wet oan it hert leit,
wês net bang foar de hún fan dy’t mar minsken binne,
en lit jim net ferbjusterje fan har misledigingen.
8Want de mot sil har tefrette as klean
en de myt sil har fersline as wolle;
mar myn gerjochtichheid duorret ivich
en myn heil de tiden oer.
Berop op Gods macht
9Oerein, oerein, en toan dyn krêft,
earm fan de Heare!
Oerein as yn ’e dagen fan alear,
as yn lang ferfleine tiden!
Binne Jo it net, dy’t Rahab yn stikken houd
en de seedraak delstutsen hawwe?
10Binne Jo it net, dy’t de see droechlein hawwe,
it wetter fan ’e grutte ûndergrûnsee?
Dy’t fan ’e djippe see in wei makken,
dat de ferlosten dertroch koenen?
11Ja, dy’t de Heare frijkocht hat,
komme werom,
jubeljend komme se op ’e Sion,
bekroane mei ivige blydskip;
ja, freugde en blydskip komme mei har
en lêst en lijen bliuwt gjin spoar fan oer.
Gjin freze mear
12Ik bin it, ja Ik bin it, dy’t dij treast bringt.
Wat hasto dan bang te wêzen foar in minske dy’t ommers stjert,
of foar in minskebern dat as gers ferwilet?
13Wêrom de Heare te ferjitten, dy’t dy makke hat,
dy’t de himel útspand
en de fûneminten fan ’e ierde lein hat?
Wêrom al den dei yn noed en beving foar de grime fan ’e man dy’t dy derûnder hat,
no’t er it oanleit op dyn ûndergong?
Wêr bliuwt de ferdrukker no mei syn grime?
14Dy’t yn ’e boeiens sit, sil mei gauwens frij man wêze,
hy sil net yn ’e djippe hoale omkomme,
romte fan brea sil er hawwe.
15Want Ik, de Heare, bin dyn God,
Ik swypkje de see op,
dat syn weagen brûzje,
Heare Almachtich is myn namme.
16Ik haw dy myn wurden yn ’e mûle jûn
en it skaad fan myn hân haw Ik oer dy lein.
Ik, dy’t de himeltinte fêstset haw
en de fûneminten fan ’e ierde lein;
Ik, dy’t tsjin Sion sis: Do bist myn folk!
It lijen nimt in ein
17Wurd wekker, wurd wekker,
riis oerein, Jeruzalem!
Do hast út de Heare syn hân de beker fan syn grammoedichheid dronken,
de tsjelk fan ’e bedwelming hasto oan ’e lêste drip ta leechdronken.
18Under de soannen dyst te wrâld brocht hast,
is net ien om dy de wei te wizen.
Under de soannen dyst grutbrocht hast
is net ien om dy by de hân te nimmen.
19Twa rampen binne oer dy kommen
– en wa beklaget dy? –
fernieling en ferwoesting, de honger en it swurd
– en wa jout dy treast?
20Dyn soannen lizze yn swym op alle strjithoeken,
as in antilope yn it net,
beskonken fan ’e grime fan de Heare,
de driging fan dyn God.
21Dêrom, harkje hjir dochs nei, folk yn ellinde,
dronken datst bist, mar net fan wyn.
22Dit hat de Heare te sizzen, dyn Hear en God,
dy’t foar syn folk yn ’e pleit giet:
Sjoch, Ik nim dy de beker fan ’e bedwelming út hannen,
de tsjelk fan myn grammoedichheid;
dy hoechst tenei net mear te drinken.
23Nee, Ik jou him dyn oerweldigers en ferdrukkers yn hannen,
dy’t tsjin dy seinen: ‘Gean lizzen,
dan kinne wy mar oer dy hinne wâdzje!’
en do makkest fan dyn rêch in stripe grûn;
as wiest in strjitwei dêr’t se mar oer rinne koenen.