1Dit seit de Heare:
Wêr is jim mem har skiedelbrief,
dêr’t Ik har mei fuortstjoerd hawwe soe?
Wa is dy skuldeasker fan My,
dêr’t Ik jim oan ferkocht hawwe soe?
Nee, troch jim eigen ûngerjochtichheden binne jim ferkocht
en troch jimme misstappen is jim mem fuortstjoerd.
2Wêrom wie der gjinien, doe’t Ik kaam?
Wêrom hat gjinien antwurd jûn,
doe’t Ik rôp?
Soe myn earm dan te koart wêze om te ferlossen
en soe Ik it net yn ’e macht hawwe om te rêden?
Sjoch, Ik hoech mar te driigjen, en de see falt droech,
in rivierelân meitsje Ik samar woestyngebiet fan,
dêr’t de fisk omkomt en stjert fan ’e toarst, om’t der gjin wetter is.
3Ik klaai de himel yn it swart
en doch der sekkeguod oerhinne.
Tredde liet oer de tsjintstfeint fan de Heare
4De Heare God hat my leard,
hoe’t ik sprekke moat
om de wurge stypje te kinnen
mei in bemoedigjend wurd.
Alle moarnen skerpet Er my de earen op,
dat ik hearre sil as ien dy’t te learen giet.
5De Heare God hat my it ear iepene
en ik bin der net tsjin yngien en haw net tsjinaksele.
6Dy’t my slaan woenen, haw ik de rêch tahâlden,
dy’t my it burdhier útlûke woenen,
haw ik it wang takeard.
Myn gesicht haw ik net ferside hâlden,
dat se koenen it mar bespotte en bespuie.
7Mar God de Heare komt my te help,
dêrom rekket de beskimping my net,
dêrom haw ik fan myn gesicht in balstien makke
en wit ik, dat ik net te skande set wurd.
8Dy’t my oan myn rjocht helpt, is net fierôf.
Wol ien tsjin my yn ’e pleit,
dan mar tegearre foar ’t rjocht.
Wol ien wat tsjin my ynbringe, lit him mar opkomme!
9Ja, God de Heare komt my te help,
wa soe my dan noch feroardielje?
Sjoch, allegear sille se as klean ferslite,
en fan ’e mot tefretten wurde.
10Wa ûnder jimme hat ûntsach foar de Heare,
en harket nei de stim fan syn tsjinstfeint?
Wa’t syn paad yn it tsjuster giet,
sûnder in sprankje ljocht,
lit him fertrouwe op ’e namme fan de Heare
en bouwe op syn God.
11Mar jim allegearre dy’t in fjoer oansette
en jim útrisse mei fjoerpylken,
rin dan jim eigen lôgjend fjoer mar yn
en de fjoerpylken dy’t jimsels oanstutsen hawwe –
Myn eigen hân docht jim dat oan:
krôljend fan pine sille jim dêrhinne lizze.