God, dy’t by âlds syn wurd wier makke, docht nije dingen
1Hear dit, folk fan Jakob,
jim dy’t mei de namme Israel neamd wurde
en Juda syn bloedeigen neiteam binne,
dy’t by it swarren de Heare oanroppe
en de God fan Israel foar yn ’e mûle hawwe,
mar net earlik en oprjocht,
2al neame jim jimsels boargers fan ’e hillige stêd
en sykje jimme stipe by de God fan Israel,
Waans namme is Heare Almachtich.
3Fan âlds haw Ik al oankundige wat foar en nei bard is,
op myn sizzen is it allegearre kommen, Ik hie it oansein;
op in stuit die Ik it en it wie der.
4Ik wist ommers, datsto spikerhurd wiest,
dat dyn nekke stiif as izer,
en dyn foarholle fan koper wie.
5Dêrom haw Ik dij dy dingen foarút oankundige;
foar’t se kamen, haw Ik se dy te witten dien,
datst net sizze koest: Myn ôfgod hat it dien,
myn byld dat ik útsnien of getten haw, hat it sa beöardere.
6Do hast heard wat Ik sei. Lit it goed yn dy omgean!
Hiest it sels net oankundigje moatten?
No meitsje Ik nije dingen bekend,
ferburgenheden dêrst gjin aan fan hiest.
7Dy binne net lang lyn skepen, mar op ditselde stuit,
en foar de dei fan hjoed hiest der noch noait fan heard.
Dêr kinst net fan sizze: Och, dat wist ik al.
8Noch noait hasto der praat fan heard of weet fan hân,
de earen binne dij der net earder foar iepen dien.
Want Ik wist, datst troch alles hinne ûntrou wiest
en datst al dyn libbensdagen bekend stiest as rebel.
9Om myn namme hâlde Ik myn grime yn,
tewille fan myn eare haw Ik My ynbûn
en haw Ik dij net fergriemd.
10Sjoch, Ik haw dy lottere, en oars as sulver lottere wurdt,
Ik haw dy suvere yn ’e fjoergloed fan ’e ellinde.
11Dat haw Ik dien om Mysels, en dêrom allinne.
Want hoe soe Ik myn namme ûnthilligje litte?
Nee, myn eare stean Ik oan gjin oarenien ôf.
Koaresj Gods ynstrumint foar de ferlossing fan in ûntrou folk
12Harkje nei My,-Jakob,
Israel, dat Ik roppen haw.
Ik bin it, Ik, de earste,
en de lêste bin Ik ek.
13Mei eigen hân haw Ik de fûneminten fan ’e ierde lein,
mei myn rjochterhân haw Ik de himel útspand;
doe’t Ik se rôp,
wienen se der ek.
14Kom gear, jim allegearre, en harkje:
Wa fan jimme hat oankundige, dat de man dêr’t de leafde fan de Heare
nei útgiet, syn wil oplizze sil oan Babel en it folk fan ’e Chaldeeërs?
15Ik, Iksels haw sprutsen; Ik haw him roppen,
Ik haw him komme litten en wat er ek docht, it sil him slagje.
16Kom tichterby My om dit te hearren:
Fan begjin ôf oan haw Ik noait geheimtaal sprutsen;
oan ’e tiid ta dat it útkomt, bin Ik derby.
[No dan, God de Heare hat my stjoerd en syn Geast.]
Wat de Heare mei Israel fan doel wie
17Dit hat de Heare te sizzen, dyn Ferlosser,
de Hillige fan Israel:
Ik, de Heare, dyn God,
Ik lear dy, wat ta dyn eigen bêst is
en Ik stjoer dy de wei lâns dyst te gean hast.
18Och hiest mar nei myn geboaden harke,
dan wie it in stream fan heil foar dy wurden,
in weagjende see fan gerjochtichheid;
19dan wie dyn neiteam manmachtich wurden as it sân
en dyn neikommelingskip ûntelber as sânkerrels;
har namme soe noait weiwurden
of útwiske wêze foar myn eagen.
Ut Babel wei
20Gean út Babel wei; sjoch dat jim
by de Chaldeeërs weikomme.
Kundigje it jubeljend oan, rop it oeral om,
lit it oan ’e einen fan ’e ierde ta klinke
en sis: ‘De Heare hat syn tsjinstfeint Jakob loskocht.’
21Al brocht Er har troch toarre oarden,
toarst hawwe se net lit;
Hy liet foar harren wetter út ’e stienrots opwâlje,
Hy sloech in spjalt yn ’e rots, en in see fan wetter brûsde derút.
22Foar de ferkearden – seit de Heare – is der gjin heil.