It oardiel oer en de ûndergong fan Babel
1Nei ûnderen do, gean yn ’e moude sitten,
jongfaam, do dochter Babel;
fan dyn troan ôf, gean op ’e grûn sitten,
do dochter Chaldéa;
want se sille dij net langer
in oanfallich fyn popke neame.
2Krij de hânmûne mar en begjin te meallen,
doch de wale foarwei, til dyn sleep op dat de skonken bleat komme,
en wâdzje troch rivieren.
3Dyn neakenens sil oan it ljocht komme
en dyn skande sichtber wurde.
Wraak sil Ik nimme
en gjin mins dy’t My ompraat.
4Dat seit ús Ferlosser, waans namme is: Heare Almachtich,
de Hillige fan Israel.
5Gean sitten en hâld dy stil,
krûp yn it tsjuster wei, do dochter Chaldéa,
want se sille dy net langer nammen jaan as:
‘hearskeresse oer keninkriken.’
6Ik waard lilk op myn folk
en haw doe myn hillich erfdiel ûnteare.
Ik haw har oan dy oerlevere
en do hast har ûngenedich behannele.
Sels de âlderein hasto ûnder in swier jok trochgean litten
7en do hast sein: Ivich sil Ik bestean as hearskeresse, altyd troch.
Do hast noait goed oer dy dingen neitocht,
of derby stilstien, wêr’t it op útrinne soe.
8No dan, harkje ta, weelderich wiif,
soargeleas sitsto dêr
en seist by dysels:
Ik bin it, ik allinne,
ik wurd gjin widdo
en reitsje myn bern ek net kwyt.
9En dochs sille dy beide dingen dij oerkomme,
ûnferhoeds, op ien-en-deselde dei:
de bern kwytreitsje en widdo wurde,
mei alle ellinde komt it dy oer;
dêr feroaret al dyn getsjoen neat oan
noch de ferbjusterjende macht fan dyn beswarrings.
10Do hiest gâns fedúsje yn dyn minne praktiken
en seiste: ‘Gjinien dy’t my sjocht!’
De oarsaak fan Babels ûndergong
Dyn wysheid en dyn wittenskip
hawwe dij op it ferkearde paad brocht;
en do seist by dysels:
Ik bin it, ik allinne.
11Dêrom komt dy in ûngelok oer
datst net beswarre kinst;
en falt dy in ûnheil op ’e lea
datst net út ’e wei krije kinst;
ûnferhoeds komt in ramp oer dij
dêrst gjin aan fan hieste.
12Kom no mar op mei dyn beswarrings
en mei dyn macht fan tsjoenderijen,
[dêrst fan jongs ôf sa mei omskrept hast].
Wa wit silst dêr baat by fine.
Wa wit kinst sa de skrik deryn jeie.
13Wat hast wat ôfskrept om út ’e rie te kommen.
Lit se no mar opkomme en dy rêde,
de lju dy’t sa himelkundich binne
en dy’t de stjerren skôgje,
dy’t út elke moanne witte op te meitsjen
wat dij oerkomme sil.
14Sjoch, it binne krekt striekes, se ferbaarne yn ’t fjoer,
se kinne harsels net rêde út ’e macht fan ’e flammen.
It wienen ek gjin gleone koallen
om jin by te waarmjen
of in fjoerhurd om by sitten te gean.
15Dat hast no fan sokke tsjoenders
dêrst fan jongs ôf sa mei yn ’e skrep west hast:
dêr geane se hinne, elk syn kant út,
gjinien dy’t dij rêde kin.