Koaresj wurdt troch de Heare stjoerd
1Dit hat de Heare tsjin syn salvling te sizzen,
tsjin Koaresj: Ik haw dy ommers by de rjochterhân krige
om folken derûnder te bringen,
wêrsto ek komst,
en keningen har macht ôf te nimmen;
foar dij geane alle doarren iepen
en kin gjin poarte it hâlde. –
2Sels gean Ik foar dy út,
en sljochtsje wat foar dy opriist;
brûnzen poartedoarren slach Ik stikken,
izeren skoattels brek Ik midstwa.
3Ut tsjustere berchplakken helje Ik foar dij
rykdommen en ferhoalen skatten;
datst witte soest, dat Ik de Heare bin,
de God fan Israel, dy’t dy by dyn namme ropt.
4Dat doch Ik foar myn tsjinstfeint Jakob,
foar Israel, myn útkarde.
Ja, Ik haw dy by dyn namme roppen,
Ik haw dy in earenamme jûn, al koest My net.
5Ik bin de Heare, in oaren is der net,
bûten My is der gjin inkelde God;
al koest My net, Ik meitsje dy sterk,
6dat de minsken fan east nei west witte, dat Ik de iennichste bin,
Ik, de Heare, in oaren is der net.
7Ik meitsje it ljocht, Ik skep it tsjuster,
it goede is myn wurk, it kweade dat skep Ik ek,
Ik, de Heare, doch dat allegearre.
8Himel, lit it gerjochtichheid dauje,
wolken, lit dy as rein delspiele;
lit de ierde iepengean,
dat it heil him ûntjaan kin
en dêrmei de gerjochtichheid opbloeie,
dy’t Ik, de Heare, skepen haw.
God wurket yn it ferburgene
9Wee de man dy’t it yn ’e kant set
tsjin Dy’t him foarme hat,
– in diggel tusken potdiggels –.
Freget it liem syn bewurker soms:
Wêr bist mei dwaande?
of seit it wurk faaks: De hannen steane him ferkeard?
10Wee him dy’t tsjin syn heit seit:
Wat ropst yn ’t libben?
en tsjin de frou: Wat bringsto te wrâld?
11Dit hat de Heare te sizzen:
de Hillige fan Israel, Hy dy’t it foarme hat:
Soenen jimme My ûnderstean oer myn soannen
en wat te sizzen hawwe fan myn wurk?
12Ik, Ik haw de ierde makke
en de minsken derop skepen;
Ik haw mei eigen hân de himel útspand
en it hiele stjerreleger haw Ik sizzenskip oer.
13Ik bin it, dy’t dizze man opkomme litten haw yn gerjochtichheid,
en dêr’t hy giet, sljochtsje Ik him it paad.
Hy sil myn stêd wer opbouwe,
myn ballingen frijlitte,
sûnder lospriis noch neat,
seit de Heare Almachtich.
14Dit hat de Heare te sizzen:
De Egyptners mei al har gemaak,
de Etiopiërs mei har hannelswinst
en de Sabeeërs, rizich fan stal,
sille nei dy ta komme en dines wêze;
se sille komme en dij yn boeiens folgje;
foar dij sille se har bûge
en smekend sizze:
‘Wier, God is yn dyn fermidden,
en in oarenien is der net,
nee, út-noch-yn net.
15Ja, Jo binne in God dy’t Him ferburgen hâldt,
de God fan Israel, in Heilân.’
16Se binne beskamme en te skande set, allegear mei-inoar,
se komme raar te pal, dy ôfgodsbyldemakker.
17Mar Israel wurdt troch de Heare ferlost,
ferlost foar ivich en altyd;
hja wurde net beskamme noch te skande set
oant yn der ivichheid.
18Ja, dit hat de Heare te sizzen,
dy’t de himel skepen hat – Hy dy’t God is –
dy’t de ierde foarme en makke en der fêstichheid oan jûn hat,
Hy hat de ierde wier net skepen as in chaos,
mar der in stee fan makke om te wenjen.
Ik bin de Heare en in oaren is der net!
19Ik haw gjin geheimtaal sprutsen
en My net ferskûle achter tsjustere wurden.
Ik haw tsjin Jakob syn neiteam net sein,
dat se My om ’e nocht sykje moasten.
Ik bin de Heare, en wat Ik sis, bringt gerjochtichheid,
wat Ik ferkundigje, is rjocht.
20Slút jim byinoar oan en kom,
kom allegearre tichterby,
jimme fan ’e heidenfolken, dy’t ûntkommen binne.
Neat ha se leard, dy lju mei har houten ôfgodsbylden,
dy’t in god oanbidde, dy’t net ferlosse kin.
21Sis op, bring jim saak nei foaren,
beried jim der mei-inoar oer:
Wa hat dit fan âlds al foarsein
en yn it foar al oankundige?
Wie Ik dat net, de Heare?
Der is gjin oare God as Ik allinne,
in God dy’t rjocht docht en rêding bringt,
in oaren as Ik is der net.
22Kear jimme nei My ta en bliuw behâlden,
folken fan alle úteinen fan ’e ierde,
want Ik bin God en in oaren is der net.
23Sa wier Ik bin, Ik doch der in eed op;
wat My ta de mûle útgiet, is de wierheid,
dêr giet gjin wurd fan ôf:
Foar My sil elke knibbel bûge,
by My sil elke tonge swarre
24en sizze: Allinne by de Heare is machtige help te finen.
Allegearre dy’t fûl tsjin Him yn geane,
sille djip beskamme nei Him takomme.
25Mar de hiele neiteam fan Israel
sil troch de Heare rjochtfeardige wurde,
Hy sil har gloarje wêze.