Fernijing troch Gods Geast
1Mar hear no goed, myn tsjinstfeint Jakob,
en do, Israel, dy’t Ik útkard haw.
2Dit hat de Heare, dy’t dy makke hat, te sizzen;
dyn helper, dy’t dy fan ’e memmeskurte ôf stal jûn hat:
Haw gjin noed, myn tsjinstfeint Jakob,
Jesjûrûn, dy’t Ik útkard haw.
3Ja, Ik sil wetter jitte op ’e toarstige grûn,
en it spiele litte op it útdroege lân:
myn Geast sil Ik útjitte op dyn neiteam,
myn segen op dyn neikommelingen;
4se sille opsjitte as griene tamarisken,
as popelieren by in wjittering lâns.
5Dan seit de iene: Ik bin in man fan de Heare,
en in oaren sil himsels ien fan Jakob neame;
wer in oarenien sil op ’e hân skriuwe:
‘de Heare sines’
en jout himsels de earenamme ‘Israel’.
God ferlost syn folk, de ôfgoaden dogge it net
6Dit hat de Heare, de kening fan Israel, te sizzen,
Hy dy’t har loskeapet, de Heare Almachtich:
Ik bin de earste en Ik bin de lêste
en der is gjin oare God as Ik.
7Wa kin My belykje? Lit him oereinkomme en him oppenearje,
lit him it sizze en My syn bewizen foarlizze.
Wa hat yn it foar oankundige wat noch komme moast
en harren oansein wat har te wachtsjen stie?
8Lit skrik noch freze dy ferbjusterje:
Haw Ik it dy lang lyn al net oankundige en bekend makke?
Jimme binne myn getugen: Is der ien oare God as Ik?
Nee, der is gjin oare Rots; Ik soe gjin witte.
9Dy’t goadebylden houwe, binne allegear lju-fan-neat;
har leave okkebylden – dêr hat gjinien wat oan,
dy’t soks oanbidde, sjogge neat en witte fan neat; lit har te skande stean.
10Wa makket no in god en jit in byld dêr’t gjinien wat oan hat?
11Nee, dy’t oan sokke dingen hingje,
meitsje harsels allegear te skande.
De faklju dy’t se makke hawwe,
binne mar gewoane minsken.
Lit har allegear mei-inoar foarkomme,
dan sil de skrik har oangripe en sille se har skamje.
12De izersmid makket de skerpe bile;
as it gleone fjoer syn wurk dien hat,
jout hy der mei de hammer model oan,
mei syn sterke earm docht er der flyt op.
Hy hat honger en syn krêft bejout him;
drinke docht er net en hy wurdt deawurch.
13De houtsnijer nimt de krekte mjitte,
tekenet it model út mei in stift;
hy hellet de skaaf deroer,
mjit alles mei de passer nei
en makket it byld neffens minskebestek,
kreas sa’t in man der útsjocht,
dan kin it plak krije yn in timpel.
14Hy hie foar himsels sederhout kappe,
in stieniik of in oare ikebeam nommen,
dy’t er yn ’e bosk útsocht hie;
hy kin ek in eskenbeam plante hawwe, dy’t fan reinwetter grut wurden is.
15Sa komt men oan branje;
dêr nimt men wat ôf en waarmet jin derby,
men set der ek in fjoer mei oan om brea te bakken.
Mar dizze man makket der boppedat in god fan, dêr’t er foar op ’e knibbels giet,
hy fiket der in ôfgodsbyld út, dêr’t er him foar bûcht.
16De iene helte hat er foar it fjoer brûkt dêr leit er fleis op te brieden,
dat er opyt en dêr’t er sêd fan wurdt.
Tagelyk waarmet er him derby en seit:
‘Ha, as ik fjoer sjoch, fiel ik al waarmte!’
17En wat der noch fan oer is, dêr makket er in god fan, syn ôfgodsbyld,
dêr’t er him foar bûcht en foar op ’e knibbels giet,
dêr’t er foar leit te bidden en seit:
‘Rêd my, want Jo binne myn God!’
18Sokken witte fan neat en hawwe nearne begryp fan,
want de eagen sitte har ticht, dat se sjogge neat;
mei it ferstân stiet it krekt sa, dat se begripe neat.
19Gjinien dy’t der him djipper ynjout,
gjinien dy’t safolle ferstân en ynsjoch hat, dat er seit:
‘De helte fan dat hout haw ik opbaarnd,
de gleone koallen haw ik brea op bakt,
ik haw der fleis op bret en dat opiten –
en soe ik no fan de oerbleaune helte in ûnhuere ôfgod meitsje
en foar in stik hout op ’e knibbels gean?’
20Dy’t syn heil siket by branhout wurdt troch syn betiisd hert op ’e doele brocht.
Hy rêdt syn libben der net mei, mar sil ek net sizze:
‘Is wat ik yn ’e rjochterhân haw,
net kleare selsbedroch?’
It is de Heare dy’t ferlossing jout
21Tink hjiroan, Jakob,
Israel, do bist myn tsjinstfeint ommers:
Ik haw dy foarme, do bist der om My te tsjinjen,
Israel, Ik kin dy net ferjitte.
22Ik haw dyn misstappen útwiske as in dize,
dyn sûnden weifage as in wolk.
Kom wer by My, want Ik haw dy loskocht.
23Jubelje, himel, want de Heare hat syn wurk dien!
Rop jim blydskip út, djipten fan ’e ierde!
Brek yn gejubel út, jimme bergen,
do bosk mei al dyn beammen:
want de Heare hat Jakob loskocht,
yn Israel lit Er syn gloarje útkomme.
24Dit hat de Heare, dyn Ferlosser, te sizzen,
Hy dy’t dy foarme hat fan ’e memmeskurte ôf:
Ik bin de Heare, dy’t alles docht:
Ik haw de himel útspand, Ik allinne,
Ik haw de ierde lein en gjinien hat My holpen.
25Ik soargje, dat de tekens fan ’e falske profeten net útkomme,
dat de wiersizzers foar spot komme te stean;
wize mannen stegerje Ik ôf en har wittenskip wurdt by My dwaasheid.
26Ik meitsje it wurd fan myn tsjinstfeinten wier
en lit de plannen fan myn boaden slagje.
Oer Jeruzalem sis Ik: It sil wer bewenne wurde,
oer de stêden fan Juda: Dy wurde wer opboud.
Ik set dy púnfallen wer oerein.
27Tsjin it djippe wetter sis Ik: Droegje út!
Ik lit dyn streamen droech falle.
28Tsjin Koaresj sis Ik: Do bist myn hoeder,
dy’t folbringt, wat myn doel wie:
Hy jout oarder Jeruzalem wer op te bouwen
en de fûneminten fan ’e timpel te lizzen.