Earste liet oer de tsjinstfeint fan de Heare
1Dit is myn tsjinstfeint, dêr’t Ik achter stean,
myn útkarde, dy’t My boppe alles giet.
Ik haw him myn Geast ynjûn,
Hy sil de heidenfolken sjen litte,
wat gerjochtichheid is.
2In ropper en razer is er net,
hy is net ien dy’t syn lûd troch de strjitten galmje lit.
3In kniesde reidstâle sil Er net brekke,
in wifkjend oaljepitsje net útpûste.
Hy sil sjen litte, wat wiere gerjochtichheid is.
4Hy sil net wifkje en net kniesd reitsje
ear’t er de gerjochtichheid op ierde hâld jûn hat,
want de lannen oan ’e seekant
sjogge út nei wat hy leart.
It ljocht foar de folken
5Dit hat de Heare God te sizzen
Hy dy’t de himel skepen en útteard hat,
dy’t de ierde lein hat mei alles wat der út waakst,
dy’t it folk dat derop wennet, de siken jûn hat,
de libbensgeast oan dy’t dêr ferkeare:
6Ik, de Heare, haw dy roppen yn myn trou.
Ik haw dy by de hân krige,
dy foarme en dy derta ornearre
om in ferbûn te wêzen mei it folk
en in ljocht foar de heidenfolken,
7om blinen de eagen te iepenjen
en dy’t opsletten binne te ferlossen
út it tichthûs, dêr’t se yn tsjusternis sitte.
Nije dingen en in nij liet
8Ik bin de Heare, dat is myn namme,
myn eare stean Ik net oan in oarenien ôf,
de lof dy’t My takomt net oan ôfgodsbylden.
9Sjoch mar, hoe’t kommen is, wat earder tasein wie.
Ik sis nije dingen oan;
ear’t dy begjinne út te kommen,
doch Ik se jim al te witten.
10Sjong in nij liet foar de Heare,
sjong syn lof de hiele wrâld oer,
jimme dy’t de see befarre mei al wat dêryn libbet
en allegear dy’t oan ’e seekant wenje.
11Lit ek de stêden fan ’e woestyn har lûd hearre litte
en de doarpen dêr’t dy fan Kedar wenje;
lit it folk fan Sêla jubelje,
it útroppe fan ’e berchtoppen ôf.
12Lit har de Heare eare dwaan
en syn lof ferkundigje yn ’e lannen oan ’e seekant.
De Heare komt fanwegen
13De Heare komt fanwegen as in held,
syn kriich lôget op as dy fan in strider.
Mei foars lûd lit Er de striidrop hearre,
Hy giet as in held oer syn fijannen gear.
14Wit-hoe-lang haw Ik it swijen derta dien,
haw Ik My stilhâlden en My ynbûn;
no skreau Ik it út as in frou dy’t in bern te wrâld bringt,
stinnend en hymjend.
15Bergen en hichten meitsje Ik in woestenij fan,
al it grien derop lit Ik ferdroegje;
rivieren feroarje Ik yn stilsteande puollen,
en wellen lit Ik útdroegje.
16Blinen lit Ik in wei lâns gean dy’t se net koenen,
Ik lit har ûnbekende paden gean;
de tsjusternis feroarje Ik foar harren yn ljocht
en it bulterige lân yn in flakte.
17Dy’t op ôfgodsbylden fertrouwe
en tsjin sokke getten bylden sizze:
‘Jimme binne ús goaden,’
dy sille beskamme weikomme en har ôfjaan.
Gods tsjinstfeint sjocht it sels net
18Hear mar goed, doven dat jim binne,
blinen, doch de eagen iepen en sjoch!
19Is der wol ien sa blyn as myn tsjinstfeint,
wol ien sa doof as de boade dy’t Ik stjoer?
Wa is sa blyn as myn fertrouwensman,
sa doof as de tsjinstfeint fan de Heare?
20Do hast gâns sjoen, mar it net yn dy opnommen,
mei iepen earen hearst noch neat.
21Om syn gerjochtichheid te fergrutsjen
hat de Heare sa goed west
en meitsje de Wet grut en hearlik.
It folk sjocht it net
22Mar ja, dit is in folk dat útrûpele en plondere is,
se sitte allegearre yn hoalen fêst,
weitreaun yn tsjustere gatten.
As bút binne se meinommen sûnder dat ien har rêde,
as roversguod dêr’t gjinien fan sei:
Jou it werom!
23Lit in elk fan jimme der dochs nei harkje,
der goed acht op slaan om te hearren wat komt.
24Wa hat Jakob as roversguod útlevere
en Israel as bút?
Wie dat de Heare net? Hy, tsjin
Wa’t wy sûndige hienen?
Syn wegen woenen se net gean,
syn wet woenen se net oannimme.
25Dêrom hat Er syn gleone grime oer Israel útstoart
en it geweld fan ’e oarloch.
Dat hat har oan alle kanten yn it fjoer set,
mar se waarden der net wizer fan;
it hat har fertard,
mar se hawwe it har net neinommen.