Egypte kin men net op oan
1Wee de lju dy’t om help nei Egypte sette,
dy’t rekkenje op it hynstefolk
en tidigje op ’e romte fan striidweinen
en op in macht fan ruters;
mar se rekkenje net mei de Hillige fan Israel
en de Heare sykje se net.
2Lykwols, Hy hat in oare wysheid
en lit it ûnheil komme,
syn wurden nimt Er net werom.
Hy komt fanwegen tsjin it laach fan dogeneaten
en tsjin de help dy’t de kweadoggers jouwe.
3De Egyptners binne ommers mar
minsken en gjin godlike macht,
har hynders binne mar fleis en gjin geast.
De Heare hoecht de hân mar út te stekken
en de helper stroffelet;
dy’t holpen wurde soe, falt mei,
en se komme mei-inoar om,
de iene sa goed as de oare.
De Heare beskermet Jeruzalem
4Want dit hat de Heare te sizzen:
In liuw of in jonge liuw granzet oer syn bút,
as de hiele kloft fan hoeders tsjin him optromme wurdt;
hy wurdt net bang, al tjirgje se har noch sa;
hy feroaret him net om al har gebear.
Sa sil de Heare Almachtich
delkomme om de striid oan te gean
foar de berch Sion en syn heechheid.
5Sa’t in fûgel boppe syn jongen wjukket,
sa sil de Heare Almachtich syn skyld boppe Jeruzalem hâlde.
Hy beskut it en rêdt it,
Hy jout romte en frijheid.
6O bern fan Israel, kom werom by Him, wa’t jim sa djip ôffallich wurden binne! 7Want dy deis sil elkenien syn sulveren en gouden ôfgoaden weismite, dy’t jim eigenhandich makke hawwe en dy’t jim sûnde wurden binne.
8Assyrië sil falle troch in swurd dat gjin minskeswurd is,
in boppeminsklik swurd sil him ferdylgje.
Hy sil foar it swurd op ’e flecht slaan
en syn jongkeardels sille slavewurk dwaan moatte.
9Syn rots sil fergean fan ’e skrik,
syn oanfierders sille fan benaudens de flagge yn ’e steek litte,
is de godsspraak fan de Heare, dy’t op Sion in fjoer hat,
en te Jeruzalem in hurdstee.