1Lit ús dêrom net weromkomme op ’e earste lessen fan ’e kristlike lear, mar fierder gean nei de folwoeksenens. Wy wolle net wer it fûnemint lizze fan berou oer deade wurken en fan leauwen yn God, 2fan ’e lear oer it dopen, fan it oplizzen fan hannen, ferrizenis fan deaden en it ivich oardiel. 3En dat sille wy dwaan, as God it talit.
4Want as minsken ienris ferljochte binne, fan ’e himelske jeften preaun hawwe en mei diel krige hawwe oan de hillige Geast, 5as se it goede wurd fan God en de krêften fan ’e kommende wrâld preaun hawwe, 6en dan dochs wer ôffallen binne, dan bestiet it net, dat se fannijs ta bekearing brocht wurde. Want se krusigje ta har eigen skea de Soan fan God wer en leverje Him yn ’t iepenbier oan ’e skande oer. 7Want as de bou de rein, dy’t der iderkear op falt, yndrinkt en in goed gewaaks jout oan ’e lju dy’t it lân bewurkje litte, dan leit Gods segen derop. 8Mar as er toarnen en stikels jout, is er neat wurdich en oan ’e ferflokking ta, dy’t útrint op ferbrânen.
9Mar ek al sprekke wy sa, bêste bruorren, wat jimme oangiet binne wy der wis fan, dat jimme op in better paad binne, dat nei it heil liedt. 10Want God is net ûnrjochtfeardich dat Er ferjitte soe wat jimme út leafde foar syn namme dien hawwe, mei’t jimme jim mei-kristenen holpen hawwe en noch helpe. 11Mar wy wolle tige graach, dat in elk fan jimme deselde warberens oan ’e ein ta sjen lit, in warberens om jimme hope folslein te meitsjen. 12Jimme meie net sleau wurde, mar moatte in foarbyld nimme oan har dy’t troch betrouwen en úthâlden it erfdiel krige hawwe, dat God tasein hat.
God is trou oan syn belofte
13Want doe’t God oan Abraham syn belofte joech, swarde Er by Himsels, om’t Er net in hegeren hie, by wa’t Er swarre koe. 14Hy sei: Wier, wier, Ik sil dy tige segenje en dyn neiteam wit-hoe machtich meitsje. 15En sa hat Abraham mei geduldich wachtsjen krige wat him tasein wie. 16Want minsken swarre by wa’t boppe harren stiet, en de eed is foar har in garânsje dy’t in ein makket oan alle tsjinspraak. 17God woe it de erfgenamten fan ’e belofte noch dúdliker sjen litte, dat syn beslút ûnferwrigber fêst stiet. Dêrom stie Er der mei in eed foar yn. 18Dêrmei joech Er (ús) dus twa dingen, dy’t net feroare wurde kinne en dêr’t God ûnmooglik yn leagenje kin. Sa wurde wy tige oantreastge, wy dy’t dêryn ús taflecht socht hawwe, dat wy fêsthâlde oan ’e hope dy’t foar ús leit. 19Yn dy hope hawwe wy in feilich en fêst anker foar ús geastlik libben, in anker, dat hielendal rikt oant achter it gerdyn yn it hillichdom. 20Jezus is ús dêrhinne foargien, ta ús bêst, om’t Er foar ivich hegepryster wurden is op ’e wize fan Melchisédek.