1Lit ús der dan foar oppasse dat it noait fan ien fan jimme bliken docht, dat er benefter bleaun is, wylst de belofte om ta de rêst by Him yn te gean der noch leit. 2Wy hawwe nammers it bliid boadskip heard, krekt as hja. Mar it wurd dat se hearden, ha se neat oan hân, want se hearden it wol, mar se leauden it net. 3Want allinne as wy leauwe, geane wy yn ta de rêst, lykas God sein hat:
Sa’t Ik sward haw yn myn grime:
Hja sille ta de rêst by My net yngean.
En dochs wienen Gods wurken al klear sûnt de skepping fan ’e wrâld. 4Earne hat Er nammers dit sein fan ’e sânde dei: En God rêste de sânde deis fan al syn dieden. 5En hjir lêze wy: Hja sille ta de rêst by My net yngean. 6It is dus foar guon weilein om rêst te finen en sy dy’t earder it bliid boadskip heard hawwe, binne net ta de rêst yngien om’t se net om sizzen jaan woenen. 7Dêrom stelt God fannijs in dei: Hjoed, mei’t Er troch David tiden letter sprekt, lykas hjirfoar al oanhelle is:
Hjoed, as jimme syn stimme hearre,
behurdzje dan net yn it kwea.
8Want as Jozua har wierliken rêst jûn hie, wolno, dan hie God letter net fan in oare dei sprutsen. 9Dêr docht út bliken, dat der noch in sabbatsrêst foar it folk fan God weilein is. 10Wa’t ommers ta de rêst by God yngien is, komt ek sels ta rêst fan syn dieden, lykas God rêst fan sines.
11Lit ús dêrom ús bêst dwaan om ta dy rêst yn te gean, dat net ien troch har foarbyld te folgjen oerhearrich wurdt en komt te fallen. 12Want it wurd fan God is libben en krêftich en skerper as hokker twasnedich swurd. It giet troch alles hinne oant it siele en geast, lidden en moarch ferdielt en it skiedt wat it herte oerleit en tinkt. 13En it bestiet net, dat in skepsel foar Him ferburgen is, alles leit iepen en bleat foar syn eagen. En Him hawwe wy rekkenskip te jaan.
Jezus, de grutte hegepryster
14No’t wy dan in grutte hegepryster hawwe, dy’t troch de himel hinne gien is, Jezus, de Soan fan God, lit ús oan dy belidenis fêsthâlde. 15Want de hegepryster dy’t wy hawwe, is net ien dy’t gjin meilijen mei ús swakheden hawwe kin, nee, Hy is ien dy’t krekt as wy oer alle boegen troch de sûnde oanfochten west hat. Mar Hy is noait ta sûnde ferfallen. 16Lit ús dêrom mei frijmoedigens gean nei de troan fan ús genedige God. Dan sille wy barmhertichheid krije en genede fine en sa op it goede momint holpen wurde.