Kristus grutter as Mozes
1Dêrom, hillige bruorren, dy’t diele yn in himelske ropping: Hâld Jezus foar eagen, de apostel en hegepryster dy’t wy mei-inoar belide. 2Hy is trou oan God, dy’t Him oansteld hat, sa’t Mozes dat ek wie yn Gods hiele hûs. 3No krijt de bouwer mear eare as it hûs dat er bout. Kristus krijt sa nammerste grutter eare as Mozes. 4Elk hûs hat syn eigen boumaster, mar Hy dy’t alles boud hat, is God. 5Mozes no wie in trouwe tsjinstfeint, rûnom yn Gods hûs, om de wurden dy’t God sprekke soe, troch te jaan. 6Kristus lykwols is trou as Soan, oansteld oer Gods hûs. Syn hûs binne wy, as wy mar fêsthâlde oan ’e wissichheid en de rom dy’t de hope ús ynjout.
In rêst foar Gods folk
7Dêrom lit ús dwaan sa’t de hillige Geast seit:
Hjoed, as jimme syn stimme hearre,
8behurdzje dan net yn it kwea lykas eartiids by de reboelje,
de deis doe’t jimme God hifken yn ’e woestyn.
9Dêr hawwe jimme foarfaars My hifke mei te besykjen hoefolle it lije koe,
al hienen se fjirtich jier lang myn dieden sjoen.
10Dêrom bin Ik dat skaai gram wurden
en Ik sei: Altiten is it hert har op ’e doele,
myn wegen hawwe har noait oan wollen.
11Dêrom haw Ik sward yn myn grime:
Noait sille se ta de rêst by My yngean.
12Tink der dan om, bruorren, dat gjinien fan jimme sa ferkeard en ûnleauwich fan herte is, dat er fan ’e libbene God ôffalt. 13Fermoanje elkoar elke dei, sa lang as it noch hjoed neamd wurde kin, dat net ien fan jimme troch it troaien fan ’e sûnde yn it kwea behurdet. 14Want wy hawwe diel oan Kristus krige, as wy alteast it betrouwen dat wy earst hienen, oan ’e ein ta ûnferwrigge fêsthâlde. 15As de hillige Geast seit:
Hjoed, as jimme syn stimme hearre,
behurdzje dan net yn it kwea,
lykas eartiids by de reboelje,
16(dan moatte wy freegje:) Wa wienen it dan dy’t Gods stimme heard hawwe en dochs yn opstân kommen binne? Wienen hja dat net allegearre dy’t ûnder lieding fan Mozes út Egypte fertein wienen? 17Wa wienen de lju dy’t Er fjirtich jier gram west hat? Wienen hja dat net, dy’t sûndige hienen, dy’t (dêrom) dea delfoelen yn ’e woestyn? 18En oan wa hat Er sward dat se net ta de rêst by Him yngean soenen? Wie dat net allinne oan har dy’t net om sizzen jaan woenen? 19En sa sjogge wy klear, dat se net yngean koenen om’t se net leauden.