It leauwen
1Wat is it leauwen? De fêste grûn fan wat men hopet, it bewiis fan ’e dingen dy’t men net sjen kin. 2Om dat leauwen binne de minsken út âlde tiden troch God mei eare neamd.
3Om’t wy leauwe, fersteane wy, dat de wrâld makke is troch it sprekken fan God en dat sadwaande wat wy sjen kinne, net ûntstien is út wat wy waarnimme kinne.
4Om’t er leaude hat Abel in better offer brocht oan God as Kaïn. Troch dat leauwen hat er it tsjûgenis fan God krige, dat er rjochtfeardich wie, want God sels hat syn jefte goedkard. En dêrtroch sprekt er noch, al is er stoarn.
5Om’t er leaude is Henoch weinommen sûnder de dea te ûndergean. Hy wie net mear te finen om’t God him weinommen hie. Want wy lêze fan him, dat God gefallichheid yn him hie, ear’t er weinommen waard. 6Sûnder leauwen bestiet it net om God gefallich te wêzen; dy’t ta God komt moat leauwe dat Er bestiet en dat Er leannet wa’t it by Him sykje.
7Om’t er leaude hat Noäch in warskôging fan God krige oer wat noch net te sjen wie. Hy hat yn hillich ûntsach in arke boud om syn húshâlding te rêden. Troch dat leauwen hat er de wrâld feroardiele en hat er sels diel krige oan ’e gerjochtichheid dy’t it leauwen meibringt.
8Om’t er leaude hat Abraham harkje wollen, doe’t er roppen waard om fuort te gean nei in plak dat er as erflik besit krije soe. Hy is fuortgien sûnder dat er wist wêr’t er belanje soe.
9Om’t er leaude hat er him nei wenjen set yn it lân dat him tasein wie, en dat wie foar him in frjemd lân. Hy hat dêr yn tinten wenne mei Izaäk en Jakob, dy’t deselde belofte krige hienen. 10Want hy seach út nei de stêd mei de fûneminten, de stêd dy’t God sels ûntwurpen en boud hat.
11Om’t er leaude krige er de krêft om by Sara sels bern te krijen, al wienen se dêr te âld foar, want hy wist dat er Him dy’t it tasein hie, fertrouwe koe. 12Dêrom is der fan ien man, en dat fan ien dy’t al sa âld wie dat er gjin bern mear krije koe, in neiteam kommen sa machtich as de stjerren oan ’e himel en as de sânkerrels oan it strân fan ’e see dy’t net te tellen binne.
13Yn it leauwen binne dy allegearre stoarn, sûnder dat se krige hawwe wat har tasein wie. Se hawwe dat allinnich fan fierrens sjoen en begroete. Se kamen der foar út, dat se op dizze ierde net thús wienen en hjir mar foar in skoftsje wennen. 14Dy’t soks sizze, litte dúdlik blike, dat se sykjende binne om in wier heitelân. 15As se it lân dêr’t se weikamen foar de geast hâlden hienen, dan hienen se wol werom gean kinnen. 16Mar har herte gong eigentlik út nei in better heitelân: it himelske. Dêrom skammet God Him der net foar en lit Him har God neame, want Hy hat foar har in stêd reemakke.
17Om’t er leaude hat Abraham, doe’t er hifke waard, Izaäk offere. Ja, hy dy’t de belofte krige hie, hat syn ienlingssoan offere. 18En tsjin him wie sein: Allinnich Izaäks bern sille as dyn neiteam jilde. 19Hy rekkene derop, dat God sels by steat wie en wekje Izaäk út ’e deaden op. No, dêr hat er him by wize fan sprekken ek út werom krige.
20Om’t er leaude hat Izaäk oer Jakob en Ezau in segen útsprutsen, ek mei it each op ’e takomst.
21Om’t er leaude hat Jakob, doe’t er yn it stjerren lei, beide soannen fan Joazef segene. Hy bidde God oan en line dêrby op ’e útein fan syn stôk.
22Om’t er leaude hat Joazef, doe’t er stoar, al doeld op ’e úttocht fan ’e Israeliten en hat er bestel jûn oer syn lyk.
23Om’t se leauden hawwe de âlden fan Mozes him trije moanne lang ferburgen hâlden, fuort nei’t er berne wie. Want se seagen dat it in moai bern wie, en se wienen net bang om tsjin it befel fan ’e kening yn te gean.
24Om’t er leaude hat Mozes, doe’t er grut wurden wie, wegere om foar in soan fan Farao’s dochter troch te gean. 25Hy woe leaver mei Gods folk min behannele wurde as it der foar in skoftke goed fan nimme en sûndigje. 26Hy achte de smaad sa’t Kristus dy ûndergien hat, grutter rykdom as de skatten fan Egypte, want hy hie de kommende beleanning foar eagen.
27Om’t er leaude hat er Egypte ferlitten en joech er neat om ’e grime fan ’e kening, want hy hâlde hoek, as seach er de Unsjenlike.
28Om’t er leaude hat er it Peaske hâlden en soarge foar it bestriken fan ’e doarposten mei it bloed, dat de ferdjeringel net oan har earstlingssoannen komme soe.
29Om’t se leauden binne de Israeliten troch de Reade See gien as oer droech lân. Doe’t de Egyptners dat (ek) besochten, binne se (troch it wetter) ferswolge.
30Om’t de Israeliten leauden binne de muorren fan Jericho omfallen, nei’t se der sân dagen lang omhinne tein wienen. 31Om’t se leaude is Rachab de hoer net mei de ûnleauwigen omkommen, mei’t se de spionnen gastfrij yn ’e hûs helle hie.
32En wat sil ik noch mear sizze? Ik haw it net oan tiid om te fertellen fan Gideön, Barak, Simson, Jefta, David en Samuël en de profeten. 33Dy hawwe troch it leauwen keninkriken oerwûn, gerjochtichheid dien en krige wat God har tasein hie. Se hawwe liuwen de bek stoppe, 34gleone fjurren dwêst, binne oan it skerp fan it swurd ûntkommen. Se wienen swak, mar binne wer sterk wurden, se waarden machtich yn ’e oarloch en hawwe frjemde legers weromjage. 35Froulju hawwe har deaden weromkrige troch ferrizenis út ’e dea. Oaren hawwe har oan ’e dea ta martelje litten en hawwe de frijheid ôfwiisd om in bettere ferrizenis te winnen. 36Wèr oaren moasten bespotting en giseling ferduorje, boeiens en opsluting. 37Se binne stiennige, midstwa seage, deade mei it swurd. Se hawwe omrûn yn skieppefluezen en geitefellen, heukerich, ferfolge en mishannele. 38Se wienen te goed foar dizze wrâld. Se hawwe omswalke yn woestinen en op bergen en hâlden ta yn spelonken en hoalen yn ’e grûn.
39Dy wurde allegearre troch har leauwen mei eare neamd. Dochs hawwe se noch net krige wat harren tasein wie. 40God hie nammentlik mei ús wat betters foar: Hy woe net, dat sy sûnder ús ta it heechste doel komme soenen.