De psalm fan Habakuk
1Gebed fan profeet Habakuk. Yn ’e trant fan kleisangen.
Ynlieding
2Heare, ik haw jo boadskip heard
en jo wurk, Heare, haw ik sjoen.
Meitsje it wier, foardat de jierren om binne;
lit it ús gewaar wurde, foardat de jierren om binne.
Tink ek yn ’e grime om jo barmhertichheid.
Gods hearlike ferskining
3God komt út Teman,
de Hillige fan it berchlân Paran.sela
Syn Majesteit rint de hiele himel oer,
syn gloarje is de ierde fol fan.
4In glâns as by it lemieren fan ’e dei,
ljochtpylken sjitte út syn side,
as helder moarnsrea is syn gloarje.
5Foar Him út giet de pest,
de gleone koarts komt deun achter Him oan.
6Hy komt oerein en de ierde skoddet,
Hy slacht it each op en de folken skrilje;
de ivige bergen falle yn gruzels,
de oerâlde heuvels dûke yninoar:
ik haw sjoen, hoe’t Hy lykas fan âlds kommen is om it ûnrjocht te ferjilden.
7Sjoch, de tinten fan Kûsjan binne yn ûnstjoer,
de tintkleden fan Midjan klapperje.
8Is it tsjin de rivieren, dat jo grime woedet, Heare,
tsjin de rivieren, dat jo wraak him keart?
Of hat jo grammoedichheid it op ’e see fersjoen,
dat Jo op hynders ride, op jo segeweinen?
9Jo hawwe jo bôge foar it ljocht helle
en sjitte in macht fan pylken ôf.sela
Jo litte de ierde spjalte, dat der rivieren komme.
10De bergen sjogge Jo en beevje,
in stjalprein jaget foarby;
de ûndergrûnsee bolderet,
de hege sinne stekt de hannen omheech,
11de moanne komt út it stee;
sinne en moanne, se fleane fuort foar it ljocht fan jo flitsende pylken,
foar de wjerljochtsglâns fan jo spear.
12Yn grime stampe Jo oer de ierde,
yn grammoedichheid ferwâdzje Jo de folken.
13Jo komme fanwegen om jo folk te helpen,
om jo salvling te helpen.
Jo slagge it dak fan ’e goddeleaze syn hûs stikken
en lizze de fûneminten bleat oan ’e lêste stien ta.sela
14Mei syn eigen pylken reitsje Jo de oanfierder fan ’e helden dy’t dêr oanstowen komme om ús útinoar te jeien mei in gejubel, as soenen se de ûngelokkige yn syn hoale fersline.
15Jo stampe mei jo hynders de see,
de skomjende floed fan ’e oaséaan.
Bangens en betrouwen
16Doe’t ik dat hearde, stie ik ynwindich te triljen,
ja, by dat lûd bibberen myn lippen:
ik krige de bieniter yn myn bonken
en ik stuitele deroer.
Ik jammerje fanwegen de dei fan ’e benearing,
dy’t oer it folk dat ús oanfalt, komme sil.
17Lit it dan sa wêze dat de figebeam net bloeit,
de wynstôk gjin frucht jout,
de opbringst fan ’e olivebeam ôffalt
en it lân gjin iten jout,
dat de skiep út ’e koai helle wurde
en der gjin ko mear op stâl stiet –
18lykwols jubelje ik yn de Heare,
en haw ik myn blydskip yn God, myn Helper.
19God de Heare is myn krêft,
Hy makket myn fuotten as dy fan reeën sa licht,
Hy lit my oer de hichten gean.
Foar de dirigint. Mei snaarynstruminten.