Ezechiël 42
De keamers fan ’e prysters
1Doe naam er my mei nei bûten, nei it bûtenste foarhôf, de kant nei it noarden op; en hy brocht my nei de keamers dy’t foar de ôfsletten romte en foar it bygebou op it noarden leinen. 2Oan ’e noardkant wienen dy hûndert jellen lang en fyftich breed. 3Rjocht foar de romte fan tweintich jellen oer, dy’t tsjin it binnenste foarhôf oanlei, en foar de betegeling fan it bûtenste foarhôf oer wienen útbouwen mei ynsprongen yn trije ferdjippings. 4Foar de keamers lâns rûn in omgong fan tsien jellen breed en hûndert jellen lang; de yngongen wienen op it noarden. 5De boppeste keamers wienen koarter as de middelste en ûnderste, om’t de ynsprongen der romte ôfnamen. 6Want se leinen yn trije ferdjippings, mar hienen gjin pylders lykas de foarhôven. Sadwaande gong der boppe mear romte ôf as op ’e middelste ferdjipping en ûnder op ’e grûn. 7Der wie in muorre bûtenom, dy’t lykop rûn mei de keamers en derfoar lâns oan ’e kant fan it bûtenste foarhôf: fyftich jellen lang. 8Ommers, de keamers oan it bûtenste foarhôf wienen fyftich jellen lang, mar by de timpel lâns wie it hûndert jellen. 9Under dy keamers wie in yngong op it easten, as men der fan it bûtenste foarhôf yn woe;
10dy lei by it begjin fan ’e foarhôfsmuorre. As men de súdkant fan ’e ôfsketten romte en fan it bygebou lâns gong, wienen dêr ek keamers. 11Der rûn in gong foar lâns, krekt as foar de keamers oan ’e noardkant; se hienen deselde lingte en breedte, krekt sokke útgongen en doarren en wienen ek krektsa ynrjochte. 12Nei de doarren fan ’e keamers op ’e súdkant rûn ek in tagong; dy begûn by de gong dy’t by de muorre lâns rûn; as men dêrhinne woe, moast men de eastkant lâns.
13Doe sei er tsjin my: De keamers oan ’e noardkant en dy op it suden, dy’t foar de ôfsketten romte oer lizze, binne de hillige keamers dêr’t de prysters dy’t tichteby de Heare komme meie, de allerhillichste jeften ite moatte; dêr moatte se de allerhillichste jeften delsette: it moaloffer, it sûnde-offer en it skuldoffer, want dat plak is hillich. 14As de prysters deryn gien binne, meie se út it hillichdom net samar it bûtenste foarhôf yngean, mar moatte se dêr de klean útdwaan, dêr’t se tsjinst yn dien hawwe, want dy binne hillich; se moatte earst oare klean oandwaan, dan meie se wer komme dêr’t it folk is.
It timpelterrein
15Doe’t er it binnenste timpelgebou hielendal opmetten hie, naam er my mei de easterpoarte út en meat er it timpelterrein hielendal op. 16Hy meat de eastkant mei de mjitroede; dêrneffens wienen it 500 jellen mei-inoar. 17Hy meat de noardkant: 500 jellen mei-inoar. 18Doe de súdkant: 500 jellen mei-inoar. 19Doe kearde er him nei it westen en meat it dêr op: 500 jellen mei-inoar. 20Sa meat er alle fjouwer kanten op. De muorre dy’t der hielendal omhinne rûn, wie oan alle kanten 500 jellen. Dat wie de ôffreding tusken it hillige en it net-hillige.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap