Gog folslein lytsman makke
1Minskesoan, profetearje tsjin Gog: Dit hat God de Heare te sizzen: Tink der mar om, Ik sil dy fine, Gog, grutfoarst fan Mêsjek en Tûbal. 2Ik helje dy nei foaren, Ik nim dy by de leie en driuw dy op út it hege noarden wei en bring dy op de bergen fan Israel. 3Ik slach dy de bôge út ’e linkerhân en soargje, datst de pylken út ’e rjochter falle litst. 4Op ’e bergen fan Israel komst te fallen, do mei al dyn legerkloften en de folken dy’t it mei dy hâlde, en Ik jou dij as foer oan ’e rooffûgels – fûgels fan allerhanne soarte en oan ’e wylde bisten. 5Yn it iepen fjild komsto te fallen; want sa haw Ik it sein, is de godsspraak fan God de Heare. 6Ik set Magog yn fjoer en ek de kustlannen, dy’t miene dat se feilich binne; dan sille se witte, dat Ik de Heare bin.
7Myn hillige namme iepenbierje Ik yn it fermidden fan myn folk Israel, dy lit Ik net langer ûntwije; dan sille de heidenfolken witte, dat Ik de Heare bin, de Hillige yn Israel. 8Sjoch, sa komt it en sa wurdt it – is de godsspraak fan God de Heare; sa wurdt de dei dêr’t Ik oer sprutsen haw.
9Dan sille dy’t yn Israels stêden wenje, nei bûten komme en fan har wapens in fjoer meitsje en se ferbaarne: grutte en lytse skylden, pylken en bôgen, kneppels en lânsen; sân jier lang sille se derfan stoke. 10Dêr hoege se gjin hout fan bûtenút mear foar te heljen of út ’e bosken te houwen: dy wapens kinne se wol fan stoke. Dy ’t har plonderje woenen, plonderje sij no; dy’t har útrûpelje woenen, rûpelje sij no út, is de godsspraak fan God de Heare.
11As it safier is, wiis Ik Gog in ferneamd plak yn Israel as grêfstee oan, de delling Abarim, oan ’e eastkant fan ’e see. Dêr wurdt Gog mei syn hiele kloft begroeven en dêr sil men dan net mear lâns kinne. De delling fan Gog syn kloft, sille se dat plak neame. 12Sân moanne lang sil it folk fan Israel der wurk mei hawwe om harren allegearre te begraven en it lân te suverjen. 13Ja, it hiele folk sil dêr oan mei helpe en de deis dat Ik Mysels ferhearlikje, sil har de eare dêrfan jûn wurde, – is de godsspraak fan God de Heare. 14Der sille mannen oansteld wurde, dy’t de fêste opdracht krije it lân troch te gean om de liken te begraven, dy’t der noch lizze, en sadwaande it lân te suverjen. Oer sân moanne moat dat opsykjen begjinne. 15As se dan it lân trochgeane en ien fan harren sjocht in minskelyk, dan moat er dêr in merkteken by sette, oant de deagravers komme en it begrave yn ’e delling fan Gog syn kloft, 16– der is ek in stêd mei de namme Hamona. Sa sille se it lân suverje.
17Sjoch, minskesoan, dit hat God de Heare te sizzen: Rop it alle fûgels ta fan wat soarte ek, en alle wylde bisten: Kom fan alle kanten byinoar foar it offermiel dat Ik foar jim reemeitsje, it grutte fleisoffer op ’e bergen fan Israel, yt fleis en drink bloed. 18Yt it fleis fan ’e fjochters en drink it bloed fan ’e foarsten fan ’e ierde: dat binne jim rammen, bokken en interbollen, allegear mestfee út Bazan.
19By it offermiel, dat Ik foar jim reemeitsje, kinne jimme jim dan mar sêd ite oan it fet en dronken drinke oan it bloed. 20Oan myn tafel sille jimme jim sêd ite oan hynders en ruters, fjochters en allerhanne oar kriichsfolk, – is de godsspraak fan God de Heare.
It doel fan Gods dwaan
21Sa sil Ik de heidenfolken myn gloarje toane: allegearre sille se sjen, hoe’t Ik rjochtdei hâlden haw en hoe’t Ik har oanpakt haw mei de hurde hân. 22Fan dy dei ôf sil it folk fan Israel witte, dat Ik de Heare, har God bin. 23En de folken sille witte, dat it folk fan Israel om syn ûngerjochtichheden de ballingskip yngien is, om’t se My ûntrou wurden wienen. Dêrom hie Ik har de rêch sjen litten en har oan har tsjinstanners oerlevere en har allegearre falle litten troch it swurd. 24Ik haw harren lean nei wurken jûn, ûnhuer en oerhearrich as se wienen, en Ik haw harren de rêch sjen litten.
25Dêrom hat God de Heare dit te sizzen: No bring Ik in omkear yn Jakob syn lot en nim Ik it hiele folk fan Israel wer yn barmhertigens oan en kom mei baarnende leafde op foar myn hillige Namme. 26Hja sille de skande fan har ûntrou foar My oer ferjitte, as se wer feilich en wol op har eigen grûn wenje, dêr’t gjinien har opskrilje lit. 27As ik har tusken de folken wei thús bring en har wer byinoar bring út ’e lannen fan har fijannen, dan sille gâns heidenfolken te sjen krije, hoe’t Ik troch har útkomme lit, dat Ik de Hillige bin. 28Dan sille se witte, dat Ik, de Heare, har God bin, wannear’t Ik, nei’t Ik har earst de ballingskip ynstjoerd hie ûnder de heidenfolken, har no wer byinoar bring op har eigen grûn en gjinien fan harren achterbliuwe lit. 29Dan lit Ik har net langer de rêch sjen, Ik dy’t myn Geast oer it folk fan Israel útstoart haw – is de godsspraak fan God de Heare.