De mânske seder Farao, wurdt omkappe
1Yn it alfte jier, op ’e earste dei fan ’e tredde moanne, krige ik dit wurd fan de Heare: 2Minskesoan, sis tsjin kening Farao fan Egypte en tsjin dy hiele kliber fan him:
Is der wol ien dy’t yn gruttens oan dij takomt?
3Do bist ommers in seder fan ’e Libanon,
dy’t mei syn prachtige tûken sa’n breed skaad jout
en sa’n hege stam hat;
syn kop stekt yn ’e wolken op.
4It wetter hat him opwaakse litten,
de ûndergrûnsee jout him syn hichte,
dy lit syn streamen rinne om it stee dêr’t er plante is,
en lit syn wetterrillen gean nei alle beammen dêr.
5Sa is er heger wurden as alle oare beammen dêr;
hy hat gâns tûken krige syn twigen rikke hoe langer hoe fierder,
want der is romte fan wetter,
en sadwaande hat er him ûntjaan kinnen.
6Yn syn tûken nestelje alle fûgels út ’e loft
en alle wylde bisten krije jongen ûnder syn twigen;
yn syn skaad fine withoefolle folken in wenplak.
7In pronkstik fan in beam is it, grut troch syn fier útsteande tûken,
want syn woartels fine de wei nei de romte fan wetter.
8De seders yn Gods hôf komme lang net oan him ta,
de sipressen dêr meie net lykje by de tûken sa’t hy se hat;
de platanen kinne mei har twigen net tsjin sines meunsterje;
gjin beam yn Gods hôf dy’t syn sierlikens benei komt.
9Ik, de Heare, haw him sa sierlik makke
mei safolle tûken,
dat alle beammen fan Eden, Gods hôf,
binne oergeunstich op him.
10Dêrom hat God de Heare dit te sizzen: Om’t syn stam sa heech is en hy syn kop oant yn ’e wolken opstutsen hat en hy sa grutsk wurden is op syn hichte, 11dêrom haw Ik him oerlevere yn ’e hannen fan in geweldner ûnder de heidenfolken, dat dy mar mei him dwaan kin, wat er wol; Ik haw him fan ’t stee reage, om’t er sa ferkeard wie. 12Frjemden, fan it rouste heidenfolk dat der is, hawwe him omhoud en doe oan syn lot oerlitten; syn tûken foelen op ’e bergen en yn alle dellings; syn twigen lizze stikken oer alle beekbeddings fan it lân. Alle folken fan ’e ierde hawwe makke, dat se ûnder syn skaad weikamen, en se hawwe him oan syn lot oerlitten.
13Alle fûgels út ’e loft joegen har del op syn omfallene stamme
en tusken syn twigen sochten alle wylde bisten in hinnekommen.
14Sa leit er dêr as in warskôging, dat tenei gjin beammen oan it wetter sa heech oprize soenen en de kop sa oant yn ’e wolken opstekke en gjin beam, hoefolle wetter as er ek krijt, grutsk op syn eigen hichte stean soe te pronkjen,
want mei-inoar binne se foar de dea opskreaun,
foar de djipte fan ’e ûnderwrâld,
lykas alle minskebern,
allegear dy’t de kûle yngien binne.
15Dit hat God de Heare te sizzen: De deis dat er it deaderyk yngien is, haw Ik de ûndergrûnsee om him rouje litten. Ik haw syn streamen opkeard, dat it wetter stil kaam te stean. Om him haw Ik de Libanon yn ’e rou set, om him binne alle beammen dêr fertoarre. 16Troch it lûd fan syn fal haw Ik folken trilje litten, doe’t Ik him de djipte fan it deaderyk yngean liet mei allegear dy’t al yn ’e kûle weisonken binne; dat hat dêr yn ’e ûnderwrâld foar alle beammen fan Eden, foar de útsochte en bêste beammen fan ’e Libanon, foar alle beammen dy’t goed wat wetter wend wienen, in hiele treast west. 17Dy wienen likegoed as hy it deaderyk yngien, mei har dy’t troch it swurd delslein wienen, lykas syn helpers, dy’t yn syn skaad wenne hienen tusken oare folken yn.
18Is der dan ûnder de beammen fan Eden wol ien dy’t yn gruttens en hearlikheid oan dij takomt? Mar mei de beammen fan Eden silsto yn ’e ûnderwrâld delstjitten wurde; midden tusken de ûnbesnienen komst te lizzen, by har dy’t troch it swurd delslein binne. Sa stiet it mei Farao en syn hiele kliber, is de godsspraak fan God de Heare.