Tsjin de foarst fan Tyrus
1Doe krige ik dit wurd fan de Heare: 2Minskesoan, sis tsjin de foarst fan Tyrus: Dit hat God de Heare te sizzen:
Yn dyn heechmoed
hast sein: ‘Ik bin in god,
ik troanje as in god
midden yn ’e see!’ –
Wylst mar in minske bist en gjin god,
hast in stik ynbylding,
as soest in god wêze.
3Tochtst no wier, datst wizer bist as Daniël?
Soe gjin geheim dij te tsjuster wêze?
4Tûk en snoad ast bist,
hast foar dysels in fermogen byinoar helle
en goud en sulver opslein yn dyn skatkeamers.
5Troch dyn tûkens yn ’e hannel hast dyn fermogen al mar grutter makke
en dêrmei is dyn heechmoed oanwoeksen.
6Dêrom hat God de Heare dit te sizzen:
Omdatsto in ynbylding hast as soest in god wêze,
7dêrom kinst der mar op oan, dat Ik frjemden op dy ôfstjoer,
it rouste folk dat der is;
dy sille it swurd lûke tsjin de pronk dyst mei dyn tûkens wûn hast,
en dyn pracht troch it slyk helje.
8Dy sille dij yn ’e kûle sakje litte
en as ien dy’t ferslein is, silst oan dyn ein komme midden yn ’e wide see.
9Silst dan noch sizze, datst in god bist,
ast each yn each stiest mei dy’t dij de dea dogge?
Do bist ommers mar in minske en gjin god
en oerlevere oan dy’t dij delstekke.
10Do silst stjerre as de ûnbesnienen troch de hân fan frjemden,
want Ik haw sprutsen, – is de godsspraak fan God de Heare.
Kleiliet oer de foarst fan Tyrus
11Doe krige ik dit wurd fan de Heare: 12Minskesoan, set in kleiliet yn op ’e kening fan Tyrus en sis him: Dit hat God de Heare te sizzen:
Do wiest in toanbyld fan folsleinens,
fol wysheid en ûneinige moai.
13Do wennest yn in Eden, in godshôf;
in grut ferskaat fan edelstiennen wiest mei optoaid:
reade jaspis, chrysolyt en prazem,
turkoais, chrysopraas en nefryt,
lazuerstien, haematyt en melachyt.
Fan goud wienen dyn earringen
en de spangen dêr’t dyn sieraden yn set wienen,
wienen makke op dyn bertedei.
14Do wiest in kearûb-ingel mei wiidútsteande wjukken
dy’t Ik as wachter delset hie.
Do wiest op ’e hillige goadeberch
en gongst dyn paad tusken flamjende stiennen troch.
15Do wiest folslein yn al dyn dwaan en litten
fan ’e dei fan dyn berte ôf,
oant dyn ûngerjochtigens bliken die.
16Mei’t dyn hannel him útwreide,
ferfoelst mear en mear ta sûnde en geweld.
Dêrom haw Ik dij fan ’e goadeberch ferballe
en dij, kearûb-ingel op wacht,
tusken de flamjende stiennen wei treaun.
17Troch dyn skjintme bist grutsk wurden,
en hast dyn tûkens ferspile en dyn pracht.
Doe haw Ik dij tsjin ’e grûn smiten
en dij oan keningen oerlevere
om har mei dij te fermeitsjen.
18Mei dyn ûntelbere ûngerjochtichhede en dyn ûnearlike hannel
hast dyn hillichdommen ûntwijd;
dêrom haw Ik in fjoer út dij oplôgje litten
dat dysels fertarde;
Ik haw makke, datst as jiske op ’e grûn kaamst te lizzen,
dat elkenien it mar sjen koe.
19Allegear dy’t dij koenen ûnder de folken
binne ferbjustere om dyn lot;
in skrikbyld bist wurden,
foar ivich wei.
Profesij tsjin Sidon; heil foar Israel
20Doe krige ik dit wurd fan de Heare: 21Minskesoan, kear dy no nei Sidon ta en profetearje dertsjin: 22Dit hat God de Heare te sizzen:
Rekkenje der mar op, Sidon, dat Ik dy oanpakke sil,
yn dyn fermidden sil Ik My yn al myn gloarje sjen litte
en dan sille de lju witte, dat Ik de Heare bin,
as Ik rjochtdei oer dy stêd hâld
en My dêr yn al myn hillichheid sjen lit.
23Ik sil de pest op har ôfstjoere
en bloed oer de strjitten rinne litte.
Der sille yn dy stêd deaden lizze,
as rûnom it swurd tsjin har te kear giet
en dan sille se witte, dat Ik de Heare bin.
24It folk fan Israel sil net langer te lijen hawwe ûnder de ferachting fan alle folken om har hinne, dy’t stekt as in stikel en skramt as in toarne. En dan sille se witte, dat Ik God de Heare bin.
25Dit hat God de Heare te sizzen: Wannear’t Ik it folk fan Israel byinoar bring ûnder de folken wei dêr’t it tusken fersille is, dan sil Ik foar de eagen fan ’e heidenfolken oan Israel myn hillichheid toane: hja sille wenje op de eigen grûn, dy’t Ik myn tsjinner Jakob jûn haw. 26Dêr sille se feilich wenje, huzen bouwe, druvehôven oanlizze; ja, feilich sille se dêr wenje, wylst Ik rjochtdei hâld oer allegearre om harren hinne, dy’t op har delseagen; dan sille se witte, dat Ik de Heare, har God bin.