It fjoer yn it Suderlân
1Doe krige ik dit wurd fan de Heare: 2Minskesoan, kear it gesicht nei it suden ta, smyt dyn wurden derút tsjin dy fan ’e súdkant en profetearje tsjin ’e wâlden fan it suderlân, 3en sis tsjin dy wâlden: Harkje nei it wurd fan de Heare, want dit hat God de Heare te sizzen: Tink derom, Ik set dy yn ’e brân en dy brân sil al dyn griene beammen likegoed fertarre as de deade. Dy lôgjende flam sil net útgean, mar alle gesichten sille swartbaarnd wurde fan it suden ôf oan it noarden ta. 4Dan sil al wat libbet sjen, dat Ik, de Heare, de brân deryn set haw; en dy sil net wer útgean. 5Mar ik sei: Och God, myn Heare, de minsken sizze dochs al fan my: Dêr ha je him wer mei syn riedseltaal!
It swurd tsjin Jeruzalem
6Doe krige ik dit wurd fan de Heare: 7Kear dy nei Jeruzalem ta en smyt dyn wurden derút tsjin it hillichdom en profetearje tsjin it lân Israel, 8en sis tsjin it lân Israel: Dit hat de Heare te sizzen: Tink derom, Ik sil dy! Ik lûk myn swurd út ’e skie en gean by dy oan ’t meanen, de goeden likegoed as de ferkearden. 9Om dat te dwaan, derfoar komt myn swurd út ’e skie tsjin al wat libbet fan it suden ôf oan it noarden ta. 10Dan sil al wat libbet witte, dat Ik, de Heare, myn swurd út ’e skie lutsen haw en it giet der net wer yn!
11En do, minskesoan, kreun deroer, dêr’t se by binne, kreun sa jammerdearlik datst derfan út ’e liken bist. 12As se dy dan freegje: Wêrom dat gekreun? sis dan: Om wat ik heard haw! Want as it komt, sil elk de moed ûntsinke, de hannen sille him slop wurde, de geast sil it sitte litte en it wetter sil him by de knibbels delrinne. Sjoch, sa komt it: it is safier, – is de godsspraak fan de Heare God.
Wat it swurd docht
13Doe krige ik dit wurd fan de Heare: 14Minskesoan, profetearje en sis: Dit hat God de Heare te sizzen:
It swurd, ja it swurd is slipe,
it is oanset;
15it is slipe foar in grutte slachting
en oanset om te flikkerjen as de wjerljocht.
16It is jûn om oan te setten
en om it te hantearjen;
It swurd is slipe en oanset,
om it de deaslagger yn hannen te jaan.
17Raas, minskesoan, en gûl it út,
want it slacht yn myn folk om,
it slacht yn alle foarsten fan Israel om,
dy’t mei myn folk oan it swurd oerlevere binne.
Dêrom slach jimsels foar it boarst.
18-19En do, minskesoan, profetearje
en jou it teken.
Lit it swurd him twa, trije kear sa slim tjirgje,
moardzjend swurd dat it is,
dit grutte moardzjende swurd,
dat om har hinne sûzet.
20Lit de herten har bejaan
en mannich man te fallen komme.
Foar al har poarten haw Ik it driigjende swurd set,
dat makke is om te wjerljochtsjen
en oanset foar de slachting.
21Lit sjen, hoe skerp ast biste, de rjochterkant oer,
dan út ’e skie, de linkerkant oer,
wêr’t dyn skerp mar op rjochte is!
22Sels sil Ik ek it teken jaan foar it kuoljen fan myn grammoedichheid.
Ik, de Heare, haw sprutsen.
It swurd fan Babels kening
23Doe krige ik dit wurd fan de Heare: 24Minskesoan, set dij twa wegen út, dêr’t it swurd fan Babels kening lâns kin en dy’t beide út itselde lân komme. Snij in hanwizer út en set dy by de twasprong nei stêden. 25Set in wei út, dêr’t it swurd lâns kin nei Rabba, de stêd fan ’e Ammoniten of ien nei Juda, dêr’t Jeruzalem de sterke fêsting fan is. 26Want de kening fan Babel sil hâlde op ’e grutte wei by de twasprong om it orakel te rieplachtsjen. Hy sil de pylken útskodzje, de tearafim om in útspraak freegje en de lever fan bisten skôgje. 27De pylk dy’t Jeruzalem oanwiist, hat er yn ’e rjochterhân; dêr moat er stoarmrammen tsjin opsette, dêr moat er moard en brân tsjin roppe en de kriichsrop tsjin hearre litte; de stoarmrammen moat er tsjin de poarten opstelle, belegeringswâlen opsmite en skânzen bouwe. 28No mei dat de Judeeërs wol in falsk orakel talykje, mar se hawwe der sokke swiere eden op dien, dat hy bringt harren har ûngerjochtichhede wer yn ’t sin, dêr’t se foar oanpakt wurde sille.
29Dêrom hat God de Heare dit te sizzen: Omdat jim ûngerjochtichheden jim wer yn ’t sin brocht binne, no’t jimme misstappen oan it ljocht kommen binne en jimme sûnden út al jimme dieden bliken dogge, – omdat it jim wer yn ’t sin brocht is, dêrom sille jimme mei hurde hân oanpakt wurde. 30Ja, do likegoed, skandalige misdiediger, foarst fan Israel, dyn dei is kommen, dy fan ’e finale ôfrekken! 31Dit hat God de Heare te sizzen: Fuort dy tulbân! En dy kroan ôf! Alles komt op ’e kop: it lege wurdt heechset, it hege deltreaun! 32In púnfal, in púnfal, ja, in púnfal meitsje Ik derfan, ien sa’t der noch noait west hat; oant Hy komt, dy’t it rjocht fan oardiel hat en wa’t Ik alles oerjou.
It swurd tsjin de Ammoniten
33En do, minskesoan, profetearje en sis: Dit hat God de Heare tsjin de Ammoniten mei har gehún te sizzen:
It swurd, it swurd is lutsen foar de slachting,
oanset om fûleindich te wjerljochtsjen
34en om it – wylsto dij falske fizioenen foarspegelje
en leagenorakels foarpreuvelje litst –
skandalige misdiedigers op ’e kiel te setten.
foar wa’t de dei fan ’e finale ôfrekken kommen is.
35Stek it wer yn ’e skie.
Op it plak dêrsto berne bist,
yn it lân dêrst weikomst, sil Ik rjochtdei oer dy hâlde,
36en myn grammoedichheid oer dy útstoarte.
It fjoer fan myn grime sil Ik dy oanblaze,
Ik sil dy oan barbaren oerleverje,
de smidden fan ’e ûndergong.
37Se sille it fjoer mei dy stoke,
dyn bloed sil midden oer it lân rinne,
en der sil noait wer oan dy tocht wurde,
want Ik, de Heare, haw sprutsen.