Kleiliet oer de liuwinne en de wynstok
1Kom, set in kleiliet yn op de foarsten fan Israel 2en sis:
Wat wie jimme mem in liuwinne ûnder de liuwen!
Tusken de jonge liuwen gong se lizzen
en soarge foar har jongen.
3Ien fan ’e jongen dy’t se grut brocht,
waard sa’n echte jonge liuw:
hy learde, hoe’t er mei syn proai oan moast,
en friet sels minsken op.
4Doe’t de folken dat oer him hearden,
fongen se him yn har falkûle,
se ringen him en brochten him sa nei Egypte ta.
5Doe’t se seach, dat se neat mear ferwachtsje koe
en al har hoop ferflein wie,
naam se wer ien fan har jongen
en brocht dy as jonge liuw op.
6Hy stapte parmantich ûnder de liuwen om
en waard sa’n echte jonge liuw:
hy learde, hoe’t er mei syn proai oan moast,
en friet sels minsken op.
7Hy ferrinnewearre har stinzen lei har stêden yn pún;
it lân mei al wat der libbe, waard kjel by it lûd fan syn brinzgjen.
8Doe teagen de folken mei-inoar tsjin him op út alle omlizzende gebieten,
se beflapten him ûnder har net,
en fongen him yn har falkûle.
9Se ringen him en setten him yn in kouwe
en brochten him nei de kening fan Babel,
dêr’t er sa opsletten waard,
dat syn lûd net mear te hearren wie op ’e bergen fan Israel.
10Jimme mem wie as in wyngerd set oan ’e wetterkant;
dy droech frucht en ranke wiid út,
omdat der sa’n oerfloed fan wetter wie.
11Der kamen foarse tûken oan,
dy’t hearskersstêven waarden.
Ien skeat wit-hoe heech op boppe de tichte tûken út;
en bylke gâns troch syn hichte
en al syn rykdom fan ranken.
12Mar yn grime waard dy wyngerd útskuord,
en tsjin ’e grûn smiten.
De Eastewyn hat de fruchten ferdroege,
se foelen ôf,
fertoarken en de foarse tûke is troch it fjoer fertard.
13No is er oerbrocht nei de woestyn,
yn toar en toarstich lân.
14Der is fjoer fan syn eigen tûken útgien
en dat hat twiich en frucht fertard,
gjin foarse tûke is derfan oer
en gjin inkelde hearskersstêf.
Dit is in kleiliet, ja, in kleiliet is it wurden.