De ballingen moatte har eigen sûnden sjen
1Ik krige dit wurd fan de Heare: 2Hoe komme jimme derby en brûk yn it lân Israel altyd wer dit sprekwurd:
‘De heiten hawwe soere druven iten
en nou hawwe de bern stroefe tosken.’
3Sa wier as Ik libje, – is de godsspraak fan God de Heare – dit swar Ik: It sil út wêze mei dat sprekwurd by jimme yn Israel! 4Tink hjir mar om: alle minsken binne Mines, man foar man: dat jildt foar de heit en likegoed foar de soan. Hja binne Mines en wa’t sûndiget, dy moat stjerre.
5Nim noris in man dy’t rjochtskepen is en neffens rjocht en gerjochtichheid docht: 6hy hâldt gjin offermieltiden op ’e bergen, slacht it each net op ’e smoarge ôfgoaden fan Israels folk, hy bliuwt fan ’e frou fan syn neiste ôf en komt net in frou benei, dy’t de regels hat, 7hy knoeit gjin mins; jout it ûnderpân fan ’e skuldner werom, hy rooft in oar syn guod net ôf, jout dy’t honger hat, syn gerak en set dy’t neaken is, yn ’e klean; 8hy jout gjin jild te lien tsjin woekerrinte, set gjinien ôf, hy hâldt de hannen frij fan ûnrjocht en docht beide partijen earlik rjocht; 9hy libbet neffens myn oarderingen en hâldt him trou oan myn rjochtsregels – sjoch, sa’n ien is rjochtfeardich, hy sil it libben hâlde – is de godsspraak fan God de Heare. 10Mar as dy man no in soan krijt en dat is in geweldner, ien dy’t graach bloed sjocht en dy docht wol sokke dingen, 11wylst syn heit neat fan soks die: hy hâldt offermiellen op ’e bergen, bliuwt net fan ’e frou fan syn neiste ôf, 12hy knoeit de earme en de ûngelokkige, hy rooft in oar syn guod ôf, jout it ûnderpân net werom, slacht it each op ’e smoarge ôfgoaden, docht skandlike dingen, 13jout jild te lien tsjin woekerrinte en set de lju ôf, – soe sa’n ien it libben hâlde? Gjin sprake fan! Hy hat al dy skandlike dingen dien en sil dan ek stjerre, hy sil it mei syn eigen bloed betelje. 14Mar sjoch, no krijt dy man ek wer in soan en dy sjocht al de sûnden fan syn heit; hy sjocht se wol, mar sels docht er se net: 15hy hâldt gjin offermiellen op ’e bergen, slacht it each net op ’e smoarge ôfgoaden fan Israels folk, bliuwt fan ’e frou fan syn neiste ôf, 16knoeit gjin mins, hâldt it ûnderpân net, rooft in oar syn guod net ôf, jout dy’t honger hat, syn gerak, set dy’t neaken is, yn ’e klean, 17hâldt de hannen frij fan ûngerjochtichheid, jout gjin jild te lien tsjin woekerrinte en set gjinien ôf, hy hâldt him trou oan myn rjochtsregels en libbet neffens myn oarderingen, – sa’n ien sil net stjerre om syn heite ûngerjochtichheid, nee hy sil it libben hâlde.
18Syn heit hat oaren knoeid en derûnder holden, har it guod ôfroofd en him ûnder syn lânslju misdroegen; hy sil dan ek stjerre moatte om syn ûngerjochtichheid. 19En as jimme dan freegje: Wêrom hoecht de soan de ûngerjochtichheid fan ’e heit net te belijen? Wel, om’t dy soan neffens rjocht en gerjochtichheid dien hat, him trou oan al myn oarderingen holden hat, dêrom sil er it libben hâlde: 20wa’t sûndiget, dy moat stjerre en gjin oaren-ien: de soan hoecht de heit syn ûngerjochtichheid net te belijen en de heit de soan sines net, de rjochtfeardige sil syn gerjochtichheid persoanlik oanrekkene wurde en de ferkearde syn ferkeardens. 21Mar as no in ferkeardenien him ôfkeart fan alle sûnden dy’t er bedreaun hat, en him trou hâldt oan al myn oarderingen en neffens rjocht en gerjochtichheid docht, dan hâldt er it libben sûnder mis en sil er net stjerre. 22Alle misstappen dy’t er dien hat, sille him net mear oanrekkene wurde; troch syn rjochtfeardige dieden, sil er it libben hâlde. 23Tochten jimme no wier, dat Ik de dea fan ’e goddeleaze begearde? – is de godsspraak fan God de Heare. Soe Ik net al sa leaf sjen, dat er him fan syn ferkeard paad ôfkearde en it libben hold? 24Mar as de rjochtfeardige him fan it rjochte paad ôfkeart en allerhanne kwea docht, krektas de goddeleaze mei syn skandlike praktiken, soe er mei sok dwaan it libben hâlde? Nee, al de goede dingen dy’t er earder dien hat, telle net mear. De ûntrou en de sûnde dêr’t er him oan oerjûn hat, dêr sil er om stjerre. 25No sizze jimme: De wei fan de Hear is net rjocht! Harkje dan dochs, folk fan Israel: myn wei soe net rjocht wêze? Is it net earder sa, dat jimme wei net rjocht is? 26As in rjochtfeardige him fan it rjochte paad ôfkeart en kwea docht en dêrom stjert, dan stjert er om it kwea dat er dien hat. 27Mar oarsom as in ferkeardenien him fan syn ferkearde paad ôfkeart en rjocht en gerjochtichheid docht, dan sil dy it libben hâlde. 28Ommers, hy is ta ynsjoch kommen en hat him bekeard fan alle misstappen dy’t er dien hat; hy sil ferfêst it libben hâlde en net stjerre. 29En dochs seit it folk fan Israel: De wei fan de Hear is net rjocht! Soe myn wei net rjocht wêze? Is it net earder sa, dat jimme wei net rjocht is? 30Dêrom sil Ik rjochtdei oer jim hâlde, oer elkenien fan jim, al nei’t er him holden hat, folk fan Israel – is de godsspraak fan God de Heare. Bekear jimme en kear jim ôf fan al jimme misstappen en lit it net sa komme, dat jim troch jim ûngerjochtichheid stroffelje. 31Meitsje jim frij fan al de misstappen dy’t jim tsjin My dien hawwe en soargje foar in nij hert en in nije geast! Wêrom soenen jimme stjerre, folk fan Israel? 32Want Ik begear net de dea fan him dy’t ta de dea ferfallen is, – is de godsspraak fan God de Heare. Bekear jimme, dan sille jim it libben hâlde.