It riedsel fan ’e twa earnfûgels
1Ik krige dit wurd fan de Heare: 2Minskesoan, jou it folk fan Israel in riedsel op en hâld harren dizze gelikenis foar:
3Dit hat God de Heare te sizzen:
In grutte earnfûgel mei brede wjukken en wide wjukslach,
ticht yn ’e fear en bûnt fan kleur,
kaam op ’e Libanon,
en skuorde it topke fan in seder ôf;
4it boppeste tûkje plôke hy derôf
en brocht dat nei it lân fan ’e keaplju
en plante it yn in hannelsstêd.
5Doe naam er in stekling út dat lân mei
en sette dy yn in kweekbêd,
joech him in plak mei in oerfloed fan wetter,
sa’t men mei in wylgebeam docht.
6Dêr died er it skoan en waard in tierige wyngerd,
leech by de grûn,
syn ranken kearden har nei de earn ta,
mar syn woartels nei ûnderen.
Sa waard er in wyngerd dy’t ranken makke
en tûken útsjitte liet.
7Mar der wie noch in oare grutte earnfûgel
mei brede wjukken en ticht yn ’e fear.
En wat doe? Dy wyngerd kearde syn woartels nei him ta
en stjoerde dy mei de ranken syn kant út,
dat er wetter fan him krije soe,
op it kweekbêd, dêr’t er yn set wie.
8Hy wie oars yn goede grûn plante mei in oerfloed fan wetter,
om te rankjen en frucht te dragen
en sa in pracht fan in wyngerd te wurden.
9Sis: Dit hat God de Heare te sizzen:
Kin dat goed komme?
Sille syn woartels net earder útskuord wurde en syn fruchten ôfropt,
dat al syn útrûn blêd fergoed fertoarret?
Der hoecht net iens in sterke macht of in soad folk oan te pas te kommen,
om him los te skuorren fan syn woartels.
10En as er oerplante is, kin it dan goed komme?
Sil er, sa gau’t de eastewyn oer him strykt, net hielendal útdroegje?
Ja, op it kweekbêd dêr’t er útrinne moast, sil er útdroegje.
De oplossing fan it riedsel
11Doe krige ik dit wurd fan de Heare:
12Sis dochs tsjin dat oerhearrige folk:
Witte jimme net, wat dat betsjut?
Sjoch, de kening fan Babel is nei Jeruzalem kommen
en hat de kening en syn hege hearen oppakt
en meinommen nei Babel ta.
13Doe naam er ien fan it keninklik laach,
sleat in oerienkomst mei him
en twong him der in eed op te dwaan.
De machtige lju út it lân naam er mei,
14dat it in nearzich keninkrykje bliuwe soe,
dat der út himsels net wer boppe-op komme koe,
en him wol trou oan ’e oerienkomst hâlde moast, woe it bestean.
15Mar dy prins kaam tsjin him yn opstân
en stjoerde boaden nei Egypte
om in grut tal hynders en manfolk te stjoeren.
Sil dat goed komme? Sil er der goed foarwei komme, as er soks docht?
In oerienkomst ferbrekke en der dochs goed foarwei komme?
16Sa wier as Ik libje – is de godsspraak fan God de Heare – dit swar Ik: Yn ’e stêd fan ’e kening dy’t him op ’e troan set hat, midden yn Babel, sil er stjerre, om’t er de eed fan trou oan him net teld hat en de oerienkomst mei him ferbrutsen hat. 17As se dan in wâl opsmite en in skâns bouwe om gâns minsken it libben ôf te snijen, dan sil Farao mei syn sterk leger en syn macht fan folk him net bystean yn ’e striid. 18Hy hat ommers de eed net teld en de oerienkomst ferbrutsen. Hy hie de hân derop jûn en dochs died er soks. Hy komt der min foarwei, rekkenje dêr mar op.
19Dêrom hat God de Heare dit te sizzen:
Sa wier as Ik libje:
de eed by myn namme hat er net teld;
de oerienkomst dy’t foar myn eagen sletten wie, hat er ferbrutsen,
en dat sil Ik op syn eigen holle delkomme litte.
20Ik sil him ûnder myn net beflappe,
yn ’e mesken sil er fêst reitsje.
Ik sil him nei Babel bringe
en dêr rjochtdei oer him hâlde,
om’t er him foar My oer skuldich makke hat oan troubrek.
21De bêsten út al syn legers komme troch it swurd te fallen
en dy’t der dan noch oer binne,
sille op alle winen fersille wurde.
Dan sille jim witte, dat Ik, de Heare,
sprutsen haw.
22Dit hat God de Heare te sizzen:
Sels sil Ik ek in taast dwaan yn ’e hege krún fan ’e seder
en dat twychje yn ’e grûn sette.
Ik sil fan syn heechste tûke in farsk twychje ôfbrekke
en dat sels plantsje op in heech oprizende berch,
23de heechste berch fan Israel;
hy sil tûken krije en fruchtdrage,
it sil in pracht fan in seder wurde.
Allerhanne fûgels sille har dêrûnder deljaan,
al wat fljocht, sil him deljaan yn it skaad fan syn tûken,
24en dan sille alle beammen witte,
dat Ik, de Heare, it bin,
dy’t de hege beam nei ûnderen helje
en it nederige beamke oprize lit,
dy’t de soppige beam útdroegje
en de útdroege beam útsprute lit.
Ik, de Heare, haw it sein en doch it.