De ferskining fan Gods hearlikheid
1Yn it tritichste jier, op ’e fyfte dei fan ’e fjirde moanne, – ik wie doe ien fan ’e ballingen oan it Kebarkanaal – gong de himel iepen en krige ik godlike gesichten te sjen. 2Op ’e fyfte fan dy moanne – it wie it fyfte jier fan kening Jojakin syn ballingskip – 3liet de Heare pryster Ezechiël, Bûzy syn soan, mei macht syn wurd takomme, dat wie by it Kebarkanaal yn it lân fan ’e Chaldeeërs; dêr lei de Heare de hân op him.
4Ik seach op en seach dat der út it noarden wei in stoarm opstekken kaam, in grutte wolk, dêr’t it út wjerljochte en dêr’t in fjoerglâns omhinne hong; midden yn it fjoer wie in gloede dy’t blonk as blinkend metaal. 5Dêr middenyn wie wat te sjen, dat like op fjouwer libbene wêzens. Sa seagen se derút: it liken wol minsken, 6mar elk fan harren hie fjouwer gesichten en fjouwer wjukken. 7Se hienen rjochte skonken en kleien as dy fan in keal, dy’t glinsteren as glêdskjirre koper. 8Oan alle fjouwer siden sieten ûnder de wjukken minskehannen. Mei de gesichten en de wjukken fan dy fjouwer wie it sa: 9har wjukken rekken inoar. Under it gean kearden se har noait om, it gong by allegearre rjochtút-rjochtoan. 10Har gesichten seagen derút as dat fan in minske; oan ’e rjochterkant hienen se alle fjouwer it gesicht fan in liuw; oan ’e linkerkant dat fan in okse en fierder dat fan in earnfûgel. 11Har wjukken stienen wiidút nei boppen ta, elk hie twa dy’t de buorman sines rekken en twa dêr’t se it liif mei bedutsen holden. 12It gong by har allegearre rjochtút-rjochtoan: wêr’t har geast hinne woe, dêr gongen se hinne; ûnder it gean kearden se har noait om. 13It like as wienen der tusken dy libbene wêzens gleone koallen fjoer dy’t baarnden as fakkels en dat fjoer beweegde tusken de wêzens hinne-en-wer. It hie in fûle gloede en it wjerljochte derút wei. 14En de wêzens fleagen as de wjerljocht hinne-en-wer.
15Doe’t ik dy wêzens better opnaam, seach ik njonken har in tsjil op ’e grûn, nêst alle fjouwer ien. 16Dy tsjillen hienen sa te sjen de glâns fan turkoais, sa wienen se bewurke. Se seagen der alle fjouwer krekt gelyk út en liken sa yninoar set te wêzen, as siet der yn elk tsjil wer in tsjil. 17As se fan har plak gongen, kamen se alle fjouwer kanten út, sûnder har om te draaien. 18Se hienen ûnwitend swiere fellings en dy sieten oer de hiele rûnte by alle fjouwer fol eagen. 19As de wêzens yn beweging kamen, dan beweegden dy tsjillen nêst har ek; en as se de hichte yn gongen, dan gongen de tsjillen mei. 20Wêr’t har geast mar hinne woe, dêr gongen de tsjillen mei: Sa gongen se mei de hichte yn, want yn ’e tsjillen siet de geast fan ’e libbene wêzens. 21As dy gongen, gongen de tsjillen ek; en as se stean bleauwen, bleauwen de tsjillen ek stean. As de wêzens de hichte yn gongen, dan gongen de tsjillen mei, want de geast fan ’e libbene wêzens siet yn ’e tsjillen.
22Boppe de hollen fan ’e libbene wêzens wie wat dat like op in ferwulft, dat skittere as iis, om kâld fan te wurden. Dat spande him boppe har hollen út. 23Under dat ferwulft stienen har wjukken rjochtút; de iene rekke de buorman sines en allegear hienen se ek twa dy’t it liif bedutsen holden. 24En as se yn beweging kamen, hearde ik har wjukken rûzjen, sa’t wide wetters rûzje, of as it lûd fan de Almachtige; in rûzich lûd as fan in legerkamp. As se stean bleauwen, foelen de wjukken del. 25Doe klonk der in stim boppe it ferwulft oer har hollen wei. 26Boppe it ferwulft oer har hollen wie wat dat op in saffierstien like en dat de foarm hie fan in troan. En heech op dy troan siet ien, dy’t it stal fan in minske hie. 27En ik seach in glâns as fan blinkend metaal en om wat syn boppe-ein like, in koker fan fjoer, soe men sizze. En om wat syn ûnderein like, seach ik wat as in fjoer mei in gloede dêromhinne. 28Sa’t de reinbôge der útsjocht, dy’t op in reinige dei yn ’e wolken stiet, sa wie de gloede dêromhinne. Sa ferskynde de Heare, dy’t Him yn syn hearlikheid sjen liet. Doe’t ik dat seach, liet ik my foaroer delfalle en ik hearde it lûd fan in stim.