Ester giet nei de kening ta
1 Mar de tredde deis, doe’t se dien hie mei bidden, die se de klean út, dêr’t se yn bidden hie en luts de pronkklean oan. 2 Doe’t se har opkreaze hie, rôp se God oan dy’t alles sjocht, de Ferlosser, en se naam twa keamerjuffers mei. 3 Wylst se har lichtjes op ’e iene hingje liet, 4 rûn de oare achter har oan om har sleep op te hâlden. 5 Se wie op har moaist mei har reade wangen, har eagen stienen blier as fan ien dy’t fereale is, mar ynwindich suchte se fan benaudens. 6 Doe’t se troch alle doarren hinne wie, kaam se foar de kening te stean. Dy siet op syn keningstroan yn al syn staasjeklean, fol mei goud en kostbere stiennen, it wie om der kâld fan te wurden. 7 Mei eagen as fan fjoer, sa majesteitlik seach er har oan, alhiel fergrime. Doe liet de keninginne har falle en ferskeat fan kleur, trochdat se beswymde. Se liet de holle op it skouder sakje fan ’e faam dy’t foar har útrûn.
8 Doe joech God de kening in oar en freonliker sin. Fol noed sprong er fan syn troan ôf en naam har yn syn earmen, oant se wer bykaam. Hy bemoedige har mei freonlike wurden. 9 Hy sei tsjin har: Hoe is it, Ester? Ik bin dyn broer, hâld moed. 10 Do hoechst net te stjerren, ús gebod jildt inkeld it gewoane folk. 11 Kom hjir mar. 12 En hy tilde de gouden skepter op en lei har dy om ’e hals, doe tute er har en sei: Praat mar tsjin my.
13 Se sei tsjin him: Doe’t ik jo seach, hear, wie ’t oft ik in ingel fan God seach. Ik wie der oerstjoer fan, sa bang wie ik foar jo hearlikheid. 14 Want men moat jo bewûnderje, hear, jo foarkommen is sa leaflik. 15 Al pratendewei foel se wer fan har sels. 16 De kening wie der oeral fan en al syn tsjinners besochten har by te bringen.
51,2 3 Dêrop sei de kening tsjin har: Wat wolsto, Ester en wat is dyn winsk? Al is it de helte fan myn keninkryk, it sil dy jûn wurde. 4 Doe sei Ester: It is hjoed in bysûndere dei foar my. As it de kening goed taliket, dan moast de kening hjoed mei Haman oan it gastmiel komme, dat ik him hjoed sette sil. 5 Dêr sei de kening op: Helje op slach Haman. Dan sille wy Ester har sin dwaan. Sa kamen de kening en Haman oan it gastmiel, dêr’t Ester it oer hân hie.
6 By it wyndrinken sei de kening tsjin Ester: Wat is dyn frage? Watst begearst, silst krije. 7 Ester antwurde: Myn frage en myn winsk is – 8 as de kening my tagedien is, dan moasten de kening en Haman moarn oan it gastmiel komme, dat ik har sette sil, dan sil ik moarn itselde dwaan.
De rollen omkeard
9 Haman sette dy deis ôf, wakker yn ’e wolken en mei in tige skoan sin. Doe’t Haman lykwols yn ’e poarte de Joad Mordekai seach, waard er poerrazend. 10 Haman hâlde him lykwols yn en gong nei hûs, dêr’t er syn freonen en syn frou Seares komme liet, 11 en Haman mar tsjin harren opsprekke oer syn rykdom en de eare dêr’t de kening him mei ûnderskieden hie en dat er him foaroan set hie, as bestjoerder fan it hiele ryk. 12 Haman gong fierder: Boppedat hat keninginne Ester ta it gastmiel dat se set hie, bûten de kening suver en allinne my útnoege. En ek foar moarn bin ik útnoege. 13 Mar dêr haw ik allegearre neat oan, salang as ik dy Joad Mordekai dêr yn ’e poarte sitten sjoch. 14 Seares, syn frou, en alle freonen seinen tsjin him: Lit der in peal fan fyftich jellen heech makke wurde en sis dan moarn tsjin de kening, dat se Mordekai dêr op spytse. Dêrnei kinst mei in fleurich sin mei de kening nei it gastmiel ta. Dat sizzen stie Haman oan en der waard in peal reemakke.