Ester (Gryksk) 10
1 Kening Ahasfearos lei it fêstelân en de streken by de see lâns hearetsjinsten op, 2 mar syn machtige en heldhaftige dieden en de rykdom en it oansjen fan syn ryk, dat stiet allegear wol beskreaun yn it kronikeboek fan de keningen fan Perzië en Medië. 3 Want Mordekai folge yn rang op kening Ahasfearos. Hy wie heech yn oansjen yn it keninkryk en yn eare by de Joaden. Hy bestjoerde syn hiele folk mei leafde.
F1 Doe sei Mordekai: Dit is Gods wurk. 2 Want my kaam de dream yn it sin, dy’t ik hjiroer hân haw. Ja, it is allegearre stik foar stik neikommen: 3 dat fan dy lytse welle, dy’t in rivier waard, en der kaam ljocht en sinneskyn en allegearre wetter: dy rivier is Ester, dêr’t de kening mei troud is en dy’t er keninginne makke hat. 4 En de twa draken binne Haman en iksels. 5 Dan de folken dy’t gearkamen om de Joaden út te roegjen. 6 Myn folk, dat is Israel, dat oan God rôp en rêden waard; ja, de Hear hat syn folk rêden, de Hear hat ús út al dy rampen ferlost. God hat grutte wûndertekens dien, dy’t by de oare folken net foarfallen binne. 7 Sadwaande hat Er twa lotten makke: ien foar it folk fan God en ien foar alle oare folken; 8 en dy beide lotten binne kommen op oere en tiid op ’e dei fan ’t oardiel neffens Gods plan, ûnder alle heidenfolken. 9 Ja, God hat om syn folk tocht en syn eigendom rjocht dien. 10 Sa sille jimmeroan yn alle geslachten yn ’e moanne Adar, op ’e fjirtjinde en de fyftjinde fan dy moanne dy dagen fierd wurde mei gearkomsten en nocht en wille foar God, troch syn folk Israel.
Underskrift
11 Yn it fjirde regearingsjier fan Ptoleméus en Kléopatra, hawwe Dositeös, dy’t sei dat er Levitysk pryster wie, en syn soan Ptoleméus, dizze Pûrimbrief meinommen. Se seinen dat er echt wie en dat Lysimachus, de soan fan Ptoleméus, fan ’e Joadske mienskip yn Jeruzalem, him oerset hie.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap